Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
De bijekening (1981)

Informatie terzijde

Titelpagina van De bijekening
Afbeelding van De bijekeningToon afbeelding van titelpagina van De bijekening

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.37 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

De bijekening

(1981)–Sjoerd van der Schaaf–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende

De lêste tocht nei de Iehoeke

Dy wetterherberge oan 'e Iehoeke sil der no wol net mear wêze. Turf- en dongskippers leine dêr oan yn earder tiid en winterdeis koe it barre dat in hiele rige tsjalken en aken dêr sa de minne tiid oerbleau.

Der wie in skoaltsje net fierôf en de herberge wie ek in winkel mei wiet en droech en alderhanne geriif. De jachtweide wie rom en by iisriten koed er alhiel fol sitte mei folk út de Trimbeetster buorren. Want de tocht oer it leechlân en de fearten en puoltsjes fan de feankrite wie ferneamd; ek al om't it hielendal net sa'n lyts ein wie. It hie wat fan in prestaasje. Efteroan yn de jachtweide stiene op de ikenhouten balken oer faaks wol sa'n hûndert

[pagina 111]
[p. 111]

jier de nammen fan de earste reedriders dy't yn iiswinters de tocht weage hiene.

Peter syn namme hat der ek noch op stien en Bouke Liezinga en Tsjerk de Wit harres en dy fan de famkes Joukje Meinema en Maaike Meindersma en noch wat jongfolk mear; it moat de lêste tocht west hawwe oer iis nei de Iehoeke foar't de wurkferskaffing oan it bestean fan it leechlân in ein makke hie.

Feitlik hie dy kear it hiele leechlân al droechbliuwe moatten, mar in stoarmige hjerst mei in soad reinwetter hie op plakken fan de nije diken net folle oerlitten. Der wie ek in gat slein yn de ferhurde reed nei Sibbele Hoekstra syn pleats. Sa wie dochs in grut stik leechlân wer ûnderstrûpt; allinne yn it heechste part wie in bundermannich boppe wetter bleaun. Mar de grûn dêr wie ek te dridzich om trochbouwe te kinnen oan de earste nije pleats, dat sadwaande bleau de hiele winter de neakene houten kappe fan de skuorre in soarte fan beaken yn see. It wie in ôffaller om't al yn novimber de wurkferskaffing stil stie, de arbeiders wer ta de earmekas ferfoelen en frijwat kosten om 'e nocht makke wiene. En doe, heal febrewaris, foel ûnferwachte, noch fûleindich de winter yn mei hurde eastewyn en in nacht of wat mei tsien graden froast.

En dêr efteroan kaam dan dy woansdei mei sinneskyn, net folle wyn en in waarberjocht dat tei foarsei. It wie Bouke Liezinga dy't de tocht nei de Iehoeke útstelde en hy krige daliks in fikse keppel jongerein mei.

Sibbele Hoekstra seach it jongfolk riden en rôp fan syn dykje ôf grimmitich: ryd mar raak, dat bart yn der ivichheid net wer, of soksoarte wurden, mar Bouke Liezinga en syn kloft kinne se amper ferstien hawwe. Sibbele stie nammers wol bekend as in krigel sjonger fan kleilieten; lykwols, syn eilân wie wer moai droech bleaun en mei wat planken en balken wie ek it hurde paad nei de grutte wei noch wol geanber. It iis yn it leechlân wie moai goed en ridlik betroud, mar fierderop wiene der minne steeën en swarte wekken. De jongelju hiene ek foargoed de rie meikrige om op te passen en der mar net bolbjirken op los te ri-

[pagina 112]
[p. 112]

den. Mar Peter hie thús net folle muoite hân, mem hie, sa't it like oare soargen.

Der binne dingen dy't jonge minsken bybliuwe; en sa moat dat wol west hawwe mei dizze tocht nei de Iehoeke. Nei de twa grime dagen like it net mear kâld te wêzen; strewellen en fiere pleatsen leine yn in fine dize en de sinne skynde freonlik as yn 'e maitiid. Nei it klúnjen oer in wetterskipsdyk wie de feankrite hielendal in wintermearke mei wat ryp oan 'e reiden en it beammeguod op 'e stripen en op plakken yn de lijte ûnder it swarte iis in wûnderaar- dige griene plantewrâld. Om in oere of trije striek de hiele keppel del oan 'e Iehoeke dêr't de âlde kastlein rôp, dat hy dat sa gau net ferwachte hie en it nammers hielendal net ferwachte hie. De turfkachel yn de jachtweide stie net bjuster waarm, mar dêr kaam gau wat brânber spul yn; it moast lykwols hast in kertier duorje ear't de sûkelarje ree wie. De nammen stiene doe al op 'e balke, in moai rychje. Letter kamen noch in pear boerefeinten fan Trimbeets oan 'e feart opdaagjen dy't mar min te sprekken wiene, doe't hja fernamen der ôfriden te wêzen. Har nammen kamen der net by, want hja wiene de earsten net.

Peter hold Joukje frij en, om gjin swarte gesichten te krijen, Maaike ek. Maaike sei, dat hja bliid wie dat Hermanna der net by wie, dat eigenwize merakel. Maaike wie wat skerp yn 'e mûle en Peter mocht har net sa graach lije. Hja hie har MULO- diploma al en holp foar heale dagen yn 'e apteek fan dokter Groothof. Joukje, no yn 'e twadde klasse fan de normaalskoalle, wie helte freonliker. Hja seach Peter oan en lake wat. Op 't iis binne wy allegearre gelyk, fan datoangeande hie dy Hermanna om my bêst meimocht. Bouke Liezinga sloech de mûle der ek yn. Der hie wat praat fan west, dat Peter op it feest fan de dûnsklub it sa mei Hermanna holden hie; Bouke rôp dat Peter mar oppasse moast of Hermanna rûn mei har heit syn swipe efter him oan. Peter hold him goed al hied er al wat in kaam krige. Jimme kenne Hermanna net goed. Yn alle gefallen is hja net bang fan har heit. Bouke woe wol wer yn goedens. Wy moatte dat Camstra-folk mar net te min meitsje; de man is op 't lêst ús

[pagina 113]
[p. 113]

eare-foarsitter. Hy tocht oan it kuorbaljen en oan de ynstruiing dy't dat joech oan it kafee fan syn heit. Tsjerk de Wit fertelde noch, dat er op it Mienskar-hûs in nije antenne set hie. Kofje yn 'e keuken en dat eksemplaar fan in goevernante die as wie hja de mefrou.

De weromreis foel noch net iens in soad ta; der wie no dochs wat wyn opkommen en de famkes waarden wurch. Peter moast Joukje sawat lûke en Bouke hie wol trije fammensbern efter him oan. De loft loek ticht en net fier fan Trimbeets ôf begûn wat wietige snie te fallen. Der stiene al wat âlden op 'e wâl te wachtsjen; Gelske, Joukje har mem, wie der ek by. Der wie wat gerop fan no, no, bliid dat jimme der binne. Peter hat my lutsen, rôp Joukje tsjin har mem; hja hie reade wangen en it hier kaam har ûnder de iismûtse wei. Meist him wol betankje, ornearre Gelske, mar Peter sei: mei mekoarren út, mei mekoarren thús, en rûn doe hastich nei syn fyts, want hy tocht, dat syn âlden ek wol yn noed sitte soene.

Mar syn mem hie de holle der net by. Hja fertelde al, dat dat fanke fan Camstra der west hie, hja hie mei Peter nei it iis wollen. Berber wie dêr net sa wiis mei. Hat dy gjin kammeraatskes? Wat moat hja mei dy? Hja tinkt fansels: dy wurdt letter grif studint. Ik wie bliid datst der net wieste. Mem wie noartsker as Peter fan har wend wie. En wa sei dat er letter studint waard? Ut de oare keamer kaam de stimme fan heit. Sa'n jongfaam siket fansels har gelikens. Peter en hja leare beide wat.

Peter hie in moaie middei hân, mar no wie alles him min nei 't sin. Wêrom wie mem sa koart? Hja hie sa net oer Hermanna prate moatten; hja koe har feitlik hielendal net en it muoide him, dat it fanke him net thús troffen hie. En heit wist fansels net, dat it wikkerdewik stie mei Hermanna har bliuwen op 'e HBS. Hja hie it him sels ferteld: frijwat yn tsjok waar mei har heit en op skoalle allinne op 'e talen oannimlike sifers. Der bestie grutte kâns dat hja ferfear nei har mem yn Lausanne dy't sels mear en mear net fan doel like nochris werom te kommen. It kin wêze, dat Hermanna nei Switserlân giet, sei Peter, net botte fleurich.

[pagina 114]
[p. 114]

Mar Berber like it wol goed ta. Ik tink dat it better foar har is. Men heart oer it Mienskar sokke nuvere ferhalen.

Wat foar ferhalen dat wiene, sei hja der net by. Hja kaam in kearmannich yn 'e wike op 'e fyts yn 'e buorren en wie hiel wat better op 'e hichte as yn 'e earste jierren fan har Trimbeetster tiid. Nimmen sil dy Hermanna hjir misse, sei Berber ek noch. Mar hja sei dat net út namme fan Peter. Der loek út syn mage wei in frjemd gefoel yn him op: fan spyt, fan bangens, fan jaloerskens. Yn Lausanne soe hja wol oare freonen fine as him. Wêrorn soe hja noch oan him tinke? Fyftjin jier wie Peter en hy begûn te merkbiten wat it is om fereale te wêzen. Hy hie der dochs om tinke moatten, dat hja faaks by him kaam. Wa wit hoe snibbich mem har ôfstegere hie.

Op syn keammerke hied er sûnt koart in lyts radiotastel stean. It kaam fan Tsjerk de Wit dy't it út in rychje âlde ûnderdielen yn elkoar set hie. It wie foar in part in presintsje; Peter moast noch trije ryksdaalders tabetelje, mar dat mocht er wol oer in jier by bytsjes dwaan. Foar Peter wie dat net sa'n beswier; hy hie in moai rom bûsjild dêr't nea oer praat waard om't notaris it sa regele hie. Doe't Peter it tastel oansette en wat learboeken by mekoar socht kaam mem der yn om te fertellen, dat hja ûngerêst wie oer heit. Hy praat mar yn himsels en nachts kin er net sliepe, hy hat tefolle oan 'e holle; soene wy der net wat oan dwaan kinne? It wie de earste kear dat Berber mei soks by Peter kaam. Peter waard wat kjel; wat koe er sizze? Hy wist sa neigeraden wol hoe stiifkoppich heit syn eigen paad gyng en hoe'n bytsje er ree wie om te harkjen nei oaren. Hy seach de bange eagen fan mem en sei doe: miskien ris nei dokter Groothof. Ja, dat hie Berber ek alris tocht, lykwols, samar ris nei in dokter, wat soed er dêrfan sizze?

It wie even mar in petear. Peter besocht werom te tinken oan de moaie middei om wer wat fleuriger te wurden. De radio stie mar amper oan, mar dochs kaam heit letter by him om te sizzen dat it lûd út moast. Heit woe ek tinke en dêr moast it stil by wêze. Mem hie wol gelyk.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken