Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
De bijekening (1981)

Informatie terzijde

Titelpagina van De bijekening
Afbeelding van De bijekeningToon afbeelding van titelpagina van De bijekening

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.37 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

De bijekening

(1981)–Sjoerd van der Schaaf–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende

Opmars fan de genêzers

Wêr moast it hinne mei Bouwe Caesar Hommema? Peter hearde in kear dat hy yn it gea Trimbeets wolris de bijekening neamd waard. No wie dat net sa'n ramp, want it tilde yn de Wâlden op fan bynammen; folle slimmer wie, dat it geastlik mei him mear en mear de ferkearde kant útgyng. Hy hie it oan ien tried wei oer syn elikser dêr't er de wrâld mei hannen mei omkeare soe. Benammen Berber moast de ferhalen oanhearre en hja fertelde se wer oan Peter. Lêsten op in moarn sei er: as ik fyn wat ik sykje, hoege myn boeken faaks net iens útjûn te wurden. Hy sei ek: der is in godlike Stoffe dy't de minsken sêft en hast ûngemurken twingt yn de grutte harmony. En hy sei ek noch: alle oerheidsgesach is ferkeard en fakentiden misdiedich; it folk moat it net hawwe fan lieders, mar fan profeten. En it stjonkt mar en it rikket mar yn syn wurkhok. En okkerdeis rûkte er as hie in flamke troch syn hier strutsen.

Peter besocht mem te treastgjen mei te sizzen dat it faaks wol wer wat bekaam. It measte wie foar him âld nijs, mar it like der dochs wol op, dat it by heit op in krisis ta gyng. Lykwols, hokfoar krisis soe dat wêze? In skoft op bêd? Nei in sikehûs ta? Hy

[pagina 152]
[p. 152]

woe der net tefolle oer prakkesearje; der wie foar him safolle oars. Mar hy begriep dochs wol, dat yn in gewoan sikehûs mei sokke pasjinten net folle te begjinnen wie.

Dokter Groothof kaam wer ris oan en frege Berber sunich hoe't it mei har man gyng. Earder minder as better, sei Berber; hja fertelde him ek, dat er no ek al bijen foar syn prôven brûkte. Doe't dokter de doar iepen die fan Bouwe Caesar syn laboratoarium, sloech him in wûnderlike lucht en walm temjitte. Dokter kochele. Wat binne jo oan it dwaan, Hommema. Bouwe Caesar syn troanje wie gielich en syn eagen triennen. Mynhear Groothof, jo meie tûzenkear dokter wêze, mar jo moatte my net steure. Ik hie jo net ferwachte en net f rege om te kommen. Oer in pear moanne bin ik wer te sprekken of faaks al oer in moanne of wa wit in wike. Ik stean op 'e sprong om de grutste útfining fan de ieu te dwaan. Jo kinne der letter gebrûk fan meitsje, mar jo moatte my no yn myn wêzen litte. Ik wol jo net sa plompwei de doar wize, mar ik wol dochs graach dat jo fuortgeane.

Dokter Groothof moast al even nei wurden sykje. In útfining hie 'k tocht. Dan soe it dochs spitich wêze as jo earder beswike, Hommema. Dat moatte wy net hawwe. Is der net ien dy't dit wurk in skoftke fan jo oernimme kin?

Hy krige Bouwe Caesar even stil, mar net lang. In oarenien, dokter? Hoe soe dat kinne? Dat soe dan ek ien wêze moatte mei profetyske jeften. Nee dokter, dit kin nimmen oernimme en wachtsje kin it ek net. De wrâld hat lang genôch lit en de minsken hawwe harsels yn har ûnwittendheid en dôfhûdigens lang genôch ûngelokkich makke. In pear moannen, in pear wiken en ik bring de ferlossing en de befrijing.

Tsjin sokke taal hie in gewoane dokter net folle yn te bringen, mar Groothof frege noch al, oft Hommema by syn prôven ek bijen brûkte? Bouwe Caesar boarste los. Hawwe se jo dat ferteld? Dy tsjinwurking, dat is it slimste. Dêr soene jo wat oan dwaan moatte, dokter. Oft ik bijen brûk? Jawis brûk ik bijen. Dat is dochs net sa slim en sa nuver. De grutte Jan Swammerdam slachte ek ynsekten út en is dêr ferneamd troch wurden. En hy

[pagina 153]
[p. 153]

socht allinne noch mar nei har anatomy; ik sykje yn de bijen nei har geheim. It is nedich; mei de hunich kin it net earlik ta.

Dokter Groothof fernaam wol dat Bouwe Caesar syn geast op skerp stie. In skerpe geast op dwylpaden; hy, de húsdokter, soe de remeedzje net witte. Hy frege neitiid oan Berber oft har man faaks gefaarlik wie of gefaarlike dingen die. Berber sei, dat er net folle hie om by te setten, mar bytiden wie hja bang foar brân. Ja, dat sit der yn, dokter. Mar ik wit net hoe't wy mei him oan moatte, frou Hommema. Berber ealge de driging. Hy fielt, dat jo him net leauwe, dokter. As jo mar diene as leauden jo him, dan koene jo wol wat mei him begjinne. Ik haw altyd oan him leaud, mar no sit ik langer yn tûzen noeden. Jo wolle him dochs net nei Frjentsjer hawwe, dokter. Dokter seach nei bûten dêr't wer reek kaam út Bouwe Caesar syn laboratoarium. Salang't jo it net freegje einliks net, mar jo moatte it wol mei him, mei josels en mei jo soan rêde kinne. Ik bin bang dat jo man in hiel ein is op in frjemd en ferkeard paad.

Bouwe Caesar hie in wat skealike glim om 'e lippen by it iten. Ik haw dy dokter syn plak wiisd, Berber. Sa'n man ferbyldet him hiel wat, mar hy kin yn wiisheid net heal tsjin my meunsterje. It heil is yn de bijen, mar sa'n Groothof hoech ik dêr net mei oan te kommen; dy sjocht fierste heech by himsels op. Doch de doar mar net foar him iepen as er wer ris komt. Berber sei neat, mar it iten yn har mûle koe hja amper troch 't kielsgat krije. In man fan syn talinten hearde net yn Frjentsjer, mar hoe soe it wêze as syn geast losbriek en hy gjin grinzen mear seach?

Middeis kaam Gjerryt Veldema: hja moasten wer ris by de ekerkes lâns, it hie reind en it waar wie myld, dat der wie wol wat te sjen. Hja koene der wol even yn syn Ford hinne ride. En ik leau Hommema, it is foar jo ek wol goed dat jo wat bûtenlucht opsnuve.

Hommema hie lang yn goedens wollen mei Gjerryt Veldema dy't er in freonlike en wat bernlike man achte te wêzen, mar dat lêste hie de man net sizze moatten, want Bouwe Caesar spatte op, sizzend dat Veldema goed begripe moast dat hy, Homme-

[pagina 154]
[p. 154]

ma, syn tiid wol better brûke koe. Ik haw de wittenskip heech, Veldema, mar der is net sa'n driuwend ferlet fan om te bewizen wat al fêst stiet. Myn wittenskiplik wurk hjirre giet om wat folslein nijs en bjusterbaarliks; as jo fan 'e middei mei jo auto foar de daam komme, wol ik der wol even útbrekke, mar feitlik kin it net. Mei dat boadskip koe Veldema ynearsten gean. It wie him frjemd temoede; hy skodholle en bûtendoar sei er heal lûd: as dat goedkomt komt der mear goed.

Berber koe har no net mear stilhâlde. Sa moatte jo net, Hommema, betrouwe jo dy man net mear? Even kaam by Bouwe Caesar dochs de twivel op. Earst dokter Groothof en no Gjerryt Veldema, hied er harren wol skiklik behannele? It komt fan de tsjinwurking, Berber; fan alle kanten fiel ik dat der wjerstân is tsjin wat ik doch; wjerstân en aksje. Men hat der oan en ûnderskiedt de goeden fan de ferkearden. Berber frege der even op troch. Binne der noch minsken dy't jo betrouwe en dêr't jo noch wat oan hawwe kinne? Dêr moast Bouwe Caesar al even oer prakkesearje. Doe sei er, dat dy domeny Grootjan dochs wol in man nei syn hert wie; mei dy koe men it hawwe oer dingen dêr't men by dokter Groothof net mei hoegde oan te kommen. En noch in namme neamde er: dy fan Jisk Binnebear fan de singel. Dy man wit dat der ferhoalen krêften binne, hy sjocht en fielt mear as sljochtwei en soe my dêrom stypje kinne yn myn striid. Ja Berber, ik bin twongen ta in swiere striid; gjin minske hat it sa swier as ik.

As der even in helder ljochtsje yn syn geast baarnd hie, dan wie it no wol wer út. Berber beprate de tastân letter mei Peter, doe't er thúskaam fan skoalle: domeny Grootjan wol er rieplachtsje en hy leaut net iens oan God; en Jisk Binnebear, dy duvelbanner, wat moatte wy mei sa'n nuversoartich persoan hjir oer de flier? Soestû dokter syn betinken net ris freegje kinne, Peter?

Peter betocht him net lang. Folle sin hie hy der net oan, mar hy hie tige skoan foar de geast dat it langer wol foargoed tinken wie. Hy trof dokter thús en fielde him al wat ferromme doe't dy syn boadskip alhiel net sa healwiis like te achtsjen. Domeny Groot-

[pagina 155]
[p. 155]

jan en Jisk Binnebear, twa baasmannen Peter en hja krije fan my wol in foarsichtige wink. Soe it helpe dokter? Ik wit net Peter, wy komme no wol op in mêd dat wat bûten it berik leit fan in gewoane húsdokter. Mar skea sil it neffens my net dwaan.

Domeny Grootjan stie op in moandei foar de doar; ik kom mar ris oan, net folle te dwaan, de minsken hawwe it te drok op it lân om ferlet te hawwen fan geastlike help. Ik wit net, sei Berber, even freegje; mar Bouwe Caesar kaam sûnder praatsjes út syn laboratoarium: dei, domeny Grootjan, ik ha jo yn in skoft net sjoen, kom der yn. Hy wist, dizze domeny wie foar him in maklike prater dy't him nearne op ferge en yn in petear altyd socht nei in mienskiplik punt. Berber seach der wat frjemd tsjinoan: dêr siet de oanhinger fan de anarchist Peter Kropotkin yn 'e keamer om wer ris freonskiplik te redendielen mei in dolearende domeny, nei't er oaren dy't him helpe woene sa hastich mooglik wer fuortstjoerd hie. Hja makke gau kofje, wa wit foel it mei har man dochs noch wol ta.

Hja krigen it oer de profeten: Bouwe Caesar woe witte oft nei domeny syn betinken dy der no noch wiene of komme koene. De bibelske âldheid wie fol profeten; soene hja no útstoarn wêze? Neffens domeny Grootjan koene de minsken feitlik wol ta mei de boadskippen en de leksums fan de âlde profeten en nei Kristus syn einslutend evangeelje; mar men wist fansels nea wat de Almachtige noch mei ús foarhie. Bouwe Caesar ornearre dat de grutste swierrichheid wie om de minsken safier te krijen dat hja ree wiene om in profeet as in profeet te sjen. Krektsa, dat kaam oan it lid, woe domeny hawwe; de waanwizens en dôfhûdigens wiene no ienkear grut. Bouwe Caesar like it noch net sa tsjuster yn te sjen; as de profeet in middel fynt om troch de heechmoed of ûnferskilligens of koartsichtigens fan de minsken hinne te brekken en har ree makket foar in harmonysker mienskip, dan moat er dochs wol erkend wurde. Ja, dat soe wêze kinne, joech domeny ta; en sa fierder pratend kamen hja út op de grutte harmony dy't der komme soe; de iene tocht by it libben, de oare nei it libben, mar dat seine hja der fansels net by.

[pagina 156]
[p. 156]

Twa oeren petearden hja by mekoarren lâns en it gyng Berber skoan nei't sin. Letter woe hja hawwe, Bouwe Caesar moast de oare domeny's ek mar ris noegje, mar dat stegere er ôf. Hy wist skoan it mei sa'n domeny Kalverboer net lykfine te kinnen, om fan sa'n snippige minniste juffer mar te swijen. Mar Jisk Binnebear kaam alris del, de kening fan de singel. Dat hjir yndied in duvel út te baljen wie hied er al gau yn 'e rekken, mar ek dat it gjin gewoanenien wie. Hy liet Bouwe Caesar lang prate oer de bijen, seach ris om him hinne yn it saneamde laboratoarium, frege wat yn 'e kiste siet en ornearre doe dat mynhear Hommema der foar syn sûnens goed oan dwaan soe om syn holle ris yn in amer wetter te stekken en dy dêr salang yn te hâlden as it him mooglik wie. As jo dêrnei gjin grut ljocht opgiet, soe it my spite en moatte jo my noch mar ris roppe. Hy frege doe Berber in ryksdaalder foar de rie en gyng syn wegen. Berber wie bliid, dat hja him foar dy priis kwyt wie, mar Bouwe Caesar brette der lang op wat er fan syn rie tinke moast.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken