lern, hy waggelt en roeiket werom en begjint earst te sykjen ûnder it ljocht fan de lantearne. ‘Binne jo der wis fan dat jo de kaai hjir ferlearen’, freget in foarbygonger. ‘Dat net,’ stammert de man, ‘mar hjir ha 'k wat mear ljocht.’ Mei datsoarte simpelheden siket ek it gros fan de wittenskippers om de kaai dêr't de wrâldproblemen mei oplost wurde moatte.’)
Hiel yn 'e fierte, ûnder in skjinne loft, blaudizenich berchlân. In lytse man mei in ferware kop ûnder in grutte hoed wúst de wei nei de túnkerij fan de ‘ingeniero agrónomo’. Oan de ein fan de lange leane mei oan wjerskanten in soad grien, stiet in ljocht hûs mei wolvekap en grutte finsters. It hiem azemt de sfear fan it Tjaarda Oranjewâld fan flak nei de oarloch. Sniewite wask dûnset oan 'e line; sa te sjen in man en in frou op jierren. Fierderop in loads, in pear lytsere skuorren, twa simmerhuzen, in wynmotor dy't krimmeneart op deselde wyn dêr't de wask op dûnset, in grut wetterbassin, blommen, ekers griente, in kolossale beam as monumint. En dan de my temjitte trêdzjende man: in knapachtige tachtichplusser, ticht donkergriis hier, donkergrize eagen ûnder boarstelige wynbrauwen, skrale, linige hannen. Achter him in frou dy't der wêze mei, nochal wat jonger, Dúts aksint. Se seit, se kinne as it moat libje fan selsferboud iten. ‘Autarky’. En alles is sa biologys as wat.
Se set kofje en lit dan romte foar it ferhaal fan Jan fan Haaije en Tryntsje Haisma fan Burgum: it ferhaal fan in rûzich, eigensinnich, somtiden spektakulêr bestean.
Jan Haisma syn libben begjint op 8 april 1917, yn de tiid fan it brea-oproer fan de Russise revolúsje. Op de âlderlike pleats njonken Glinstra-State yn Burgum is it libben dan noch goed. It docht bliken, yn dizze twadde fan de trije soannen Haisma sit wat fan de idealist, romantikus, aventurier en wittenskipper. Yn Jan syn ideale wrâld wint it plattelân it fan de stêd. Noch yn maart 1971 skriuwt er yn It Beaken, tydskrift fan de Fryske Akademy, ‘dat net altiten mear minsken út de lânbou, mar earder wer guon dêryn werom moatte. Net stribje nei 2,5 of 3 persint agrariërs yn it jier 2000, mar earder nei 10 of 12 persint.’
Hy soe him noait feitlik oanslute by al dy bewegingen yn de tweintichste ieu dy't stribben nei mear suverens fan lichem, geast en kultuer. Syn teoryen fan suverheidstinken hawwe altyd - aarts-