Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
De fûke (1970)

Informatie terzijde

Titelpagina van De fûke
Afbeelding van De fûkeToon afbeelding van titelpagina van De fûke

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.15 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

De fûke

(1970)–Rink van der Velde–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende
[pagina 53]
[p. 53]

Fiif

Gryt sei it mear as ien kear, dat it net goed kaem. Der komt praet fan, sei se, en dan sitte wy wer yn 't lijen. Sûnt fan 'e moarn soe se wol sizze, dat se gelyk krigen hie. Mar hy wie der wis fan, dat it net de skuld fan it fanke wie, en it wie ek net om har to rêdden en likemin om de ûnderdûkers. Dat Germ, sûnt se it fanke oer de flier hienen, mear op 'en paed wie, kaem troch syn reizen nei de Lemmer, hwer't har âldelju ûnderdûkt wienen. Se sieten yn in keammerke efter in timmersouder en se hienen it min, sadat Germ der geregeld mei iten hinne gong. Hy hie ek meidien oan it forfieren fan wapens en fan 't winter wied er by in oerfal op in distribúsjekantoar. Gryt wist dat net, en se mocht it ek net witte, hwant se slepte dochs al min as se wist, dat de jonge net thús wie.

Doe't er it fanke oer dat distribúsjekantoar hearde, wie it al wiken lyn. Se forpraette har, Germ hie har nei alle gedachten sein, dat de âldelju it net witte hoegden. Doe't se letter op 'e dei togearre wienen, sei er tsjin it fanke: - Ik wol net, dat Germ it to mâl tocht. Siz dat tsjin him; hy moat oppasse, moatst sizze.

- Moat ik dat sizze? hie se fornuvere frege.

Se wie doe al in pear wike op 'e pôlle en hy wist op dat stuit noch net hoe't Germ oan har slagge wie.

- It kin eins net iens tastien wurde, sei de fine skoalmaster. - Wy ha dy minsken dêr útbistege en as elk op eigen manneboet forhuzet, rint de boel yn 'e war.

De man woe fan him witte hoe't it gien wie, mar hy wist it net.

- Se kamen togearre mei de skou efter de reiden wei, hied er sein, en sa wie 't krekt gien. It wie in hoare simmerjoun, sadat se de markols yn 'e reiden hearden. Hy hie de jonge net fornaem.

[pagina 54]
[p. 54]

Germ koe kloetsje sûnder leven to meitsjen. Hy forrifele de einen der mei en krige sadwaende gauris twa yn ien skot.

Hy hie dy deis mei Kuiken, dy't oan de Follegeaster kant fiskerij hie, op en út west. Togearre koenen se safolle netten útsette, dat se hiele pôllen bifisken. Se fongen dy deis in pear hûndert poun snoek en bears. It heugde him sa goed, omdat der frijhwat snoekbears by siet, dy't er oan syn kant net folle fong.

Hy hie him op 'e bak deljown en Gryt wie bûtendoar sitten gong mei in pear fûken, dy't stoppe wurde moasten. Ien fan 'e ûnderdûkers wie der ek by. Hy sei noch, dat der sa min oan ketoen to kommen wie foar in nije fûke, en dat moast Germ heard ha. De jonge luts de skou mei de kop op 'e wal en kaem nei harren ta mei in pear reauwen side, dy't er op 'e Lemmer kocht hie. It fanke, dat efter op 'e beun siet, kaem oerein en knoffele oer de mestelbank. Germ liet de side sjen en se wienen it der oer iens, dat it foaroarlochse kwaliteit wêze moast. Wylst wie it fanke út 'e boat klaud en stie op 'e wâl nei harren to sjen.

Germ sei: - Ik ha der 125 goune foar jown, mar as ik moarn hwat iel en fisk mei krij, dan rêd ik my der wol mei.

Hy hie op 'e Lemmer in mantsje, dat mei de fisk nei Amsterdam reizge en der grou jild foar makke.

En hy sei doe, dat de jonge it earder sizze moatten hie, hwant Kuiken en hy hienen de fangst fuort ôflevere, sadat er neat mear sitten hie. Germ wist it net earder en doe't se der oer ôfpraet wienen, sei Germ, dat er in útfanhuzer meinaem hie. Op dat stuit kaem it fanke tichterby. Se seach nei Germ en nei him en joech him in hân. Gryt lei de fûke del en kaem der by stean. It fanke joech har ek in hân en sei, dat se Mirjam hjitte. Germ frege Gryt hwer't se sliepe moast.

- Hoe sit dit Germ? woe Gryt witte.

- Nou gewoan, se hat gjin ûnderdak en it is lang net oeral fortroud.

[pagina 55]
[p. 55]

Hy sei tsjin Gryt, dat se de kofje waerm meitsje moast en hy helle de reiden stoel út 'e hûs. Wylst hy der mei troch it gonkje kaem, sei Gryt, dy't by it stel stie: - Dit komt net goed, hjir moatst hwat fan sizze.

Hy sette de stoel neist de reinwetterbak en sei tsjin it fanke, dat se mar sitten gean moast. Germ hie him op 'e fierste kant fan 'e bak deljown en praette mei Willem, de ûnderdûker. Hy biseach de side en woe der fuort mar in kleaune fan meitsje.

- Kinst my moai even helpe, sei er tsjin it fanke, en lei har it reau oer de hannen. En tsjin Germ sei er, dat er in jas ophelje moast, hwant it fanke huvere. Hy murk wol, dat de jonge der in bytsje mei oan wie. Hy hie noait earder mei in frommis thús west, en Gryt en hy wisten net iens, dat er oanslach hie.

Se sei: - Ik bin net kâld, mar it is hjir sa stil en sa great.

- Dat went wol, sei Willem, - ik ha dat earst ek hawn.

Hy sei: - It is in stille joun, dat ha wy net sa faek.

Germ lei har út, dat se hjerstmis it wetter wol ris oan 'e drompel ta hienen.

It fanke stoareage oer de greide, dêr't in keppel kij weide yn 'e opkomende dauwe. En doe nei de damp, dy't út 'e Heafeart omheech kaem, en nei de greate wetterflakte, dy't fansiden lei.

Hy hie der sels noait ta wenne kend. Der wie tofolle wetter en to folle greide. Hy hold fan de petgatten mei hagen fan els en wylch der tusken. De dize naem ek de rook mei fan dong en kouweswit, dêr't er net oer mocht.

- Nou, hjir is noch hwat kofje, sei Gryt.

Se sette de koppen op 'e bak en brocht har stoel yn 'e hûs. - Ik hâld mar op, it bigjint al to skimerjen.

Hy joech har ien fan de bakken kofje. - It is nou noch waerm.

Har lange fingers trillen in bytsje en se luts út en troch mei de mûle. Se seach nei Germ, dy't mei de rêch nei har ta siet en tsjin Willem praette.

[pagina 56]
[p. 56]

Hy sei: - Ast fan 'e romte hâldst, sil it dy hjir net ôffalle. Net to ticht by de dyk komme en as de plysjeboat dizze kant oer komt, dan even út 'e wei gean, mar fierder komt it net sa krekt. De winkelman hat syn fêste tiid en Boonstra, de ielkeapman, komt allinne as wy him warskôge ha. En Gryt wit wol hwannear't de bakker syn dei hat. It moat earst even wenne fansels.

- Ja, it moat earst even wenne, sei it fanke, - it is hjir sa great.

- In sénuwpil, sei Gryt letter.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken