Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
De fûke (2005)

Informatie terzijde

Titelpagina van De fûke
Afbeelding van De fûkeToon afbeelding van titelpagina van De fûke

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.18 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

De fûke

(2005)–Rink van der Velde–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende
[pagina 61]
[p. 61]

5 It fanke

Gryt sei mear as ien kear dat it net goed kaam. Der soe praat fan komme dat se in joads fanke op 'e pôle hienen. En dan sitte wy wer yn it lijen, sei se der bitter achteroan.

Sûnt fan 'e moarn soe se wol sizze dat se wer ris gelyk krigen hie. Hy wie der lykwols wis fan dat it net de skuld fan it fanke wie. De Dútsers wienen net om har kaam en likemin gyng it harren om de ûnderdûkers. Dat Germ sûnt se it fanke oer de flier hienen faker op paad en wegen wie, kaam troch syn reizen nei de Lemmer. Dêr sieten har âldelju ûnderdûkt yn in keammerke op in timmersouder. Germ moast der geregeldwei hinne mei iten, want dy timmerbaas krige wol in grou kostjild mar joech syn ûnderdûkers net genôch iten.

Germ hie ek meidien oan it ferfier fan wapens en oan in ynbraak by in distribúsjekantoar. It wie doe om bonkaarten te rêden en neffens him hienen se twa kroadfol bút makke. Gryt wist soks net en dat koe better sa bliuwe. Se slepte al sa min as se fernaam dat Germ nachts net thús wie.

Doe't er it fanke oer dat distribúsjekantoar hearde, wie it al wiken lyn. Se ferprate har, Germ hie it blykber ek foar heit stilhâlde wold.

Se wienen de jûns even tegearre op it hiem en hy sei tsjin it fanke: ‘Ik wol net dat Germ oeral mar oan meidocht. Sis dat tsjin him, hy moat oppasse, moatst sizze.’

‘Moat ik dat sizze?’ frege se fernuvere.

[pagina 62]
[p. 62]

Se wie doe al in pear wike op 'e pôle en hy wist op dat stuit net hoe't Germ oan har slagge wie.

De fine skoalmaster bemuoide him der doe ek noch mei. ‘Dit kin eins net, as elk op eigen manneboet ferhuzet, rint de boel yn 'e war. Jo soan hat it fanke samar meinaam, hy hie it mei de organisaasje oer lizze moatten. Of ha jo it him sein dat er it bern meinimme mocht?’

It praat nitele him. Hy sei: ‘Nee hear, soks hoecht by ús net.’

‘Jo soan mei dwaan en litte wat er wol, begryp ik.’

‘Sa is 't krekt.’

‘Dat hy kaam op in nacht samar mei har thús.’

‘It wie yn 'e skimerjûn, se kamen yn 'e skou achter de reiden wei, elk oan in riem, sa moai as wat.’

Sa wie it ek krekt gien. It wie sa'n hoare simmerjûn, jo koenen de merkels oan 'e oare kant fan de mar hearre. Hy hie de skou net fernaam, sa súntsjes farden se. Germ koe trouwens ek kloetsje sûnder leven te meitsjen. As se te streupen wienen, ferrifele hy de einen dermei. Hy kaam se bytiden sa nei oan dat er twa en soms trije yn ien skot hie.

Hy hie dy deis mei Kuiken, dy't oan de Follegeaster kant fiske, op en út west. Tegearre koenen se safolle skeakelnetten útbringe dat se hiele pôlen tichtsetten. Se fongen dy deis in pear hûndert pûn snoek en bears. It heugde him sa goed omdat der ek frijwat snoekbears by west hie en dy fisk fong er oan syn kant fan de mar hast noait.

Hy hie him de jûns bûtendoar op de reinwettersbak deljûn en Gryt wie derby sitten gien mei in pear fûken dy't stoppe wurde moasten. Gryt gong it stopjen en breidzjen fan de fûken better ôf as him. Ien fan de ûnderdûkers lei yn 't gers neist de skuorre. Hy hie

[pagina 63]
[p. 63]

krekt tsjin Willem sein dat der sa min oan katoen foar nije fûken te kommen wie. Dat moast Germ heard ha. Hy taaste achter de messelbank en hold in pear reauwen side omheech.

‘Is side ek goed, baas?’

Hy wist fansels wol dat side folle better wie as it grouwe katoen. Mar side wie al hielendal net te besetten.

‘Wêr hast dat wei, Germ?’

En al hoe nuver as it wie, doe foel him it fanke pas op. Se kaam oerein nei't Germ de kop fan de skou yn 'e wâl setten hie. Se fertroude har net sa goed yn dat gammele boatsje.

Germ sei: ‘Op 'e Lemmer is altiten hannel.’

Se beseagen de reauwen side en wienen it der oer iens dat it foaroarlochse kwaliteit wie. Hy roaide dat der wol twa nije fûken út koenen, in moai putsje foar Gryt.

‘Hjir is foar in fermogen, âlde. Ik mei moarn wol fyftich pûn fisk mei ha.’

It wie it him wol wurdich.

Germ sei dat er op 'e Lemmer in keapman koe dy't de fisk nachts nei Amsterdam farde en der dêr grou jild foar barde op de swarte merk.

Doe sei Germ dat er in útfanhuzer meinaam hie en hy wiisde nei it fanke dat neist de skou op 'e wâl stie en ûnwennich om har hinne seach. Germ joech har de wink, se kaam skruten op him ta en joech him in hân. Gryt lei de fûke del en kaam oerein. It fanke joech har ek in hân en sei dat se Mirjam hjitte. Germ frege Gryt wêr't hja sliepe moast.

‘Hoe sit dit, Germ?’ woe Gryt witte.

‘No, gewoan. Se mocht der op 'e Lemmer net mear út en altiten op sa'n timmersouder sitte dat falt net ta, no?’

[pagina 64]
[p. 64]

‘Op 'e Lemmer ha se no Feldgendarmerie en dy smearlappen binne fûl,’ sei Willem. ‘Se binne dei en nacht op 'e dyk en hâlde elkenien oan.’

Hy sei tsjin Gryt dat se de kofje waarm meitsje moast en hysels gong deryn om de reiden stoel. Wylst hy dermei troch it gonkje kaam, sei Gryt dy't by it petroaljestel stie: ‘Dit komt net goed, hjir moatst wat fan sizze.’

Hy sette de stoel neist de reinwettersbak en sei tsjin it fanke dat se mar sitten gean moast. Germ hie him op 'e hoeke fan de bak deljûn en prate mei Willem. De jonge seach net nei it fanke om. Hy wie der fansels in bytsje mei oan, hy hie net earder mei in faam thús west, Gryt en hy wisten net iens dat er oanslach hie.

Hy fernaam dat se har slim ûnwennich fielde. Hy sei tsjin har: ‘Kinst my moai even helpe, ik sil der in kleaune fan meitsje.’

Hy leit har in reau oer de hannen. Tsjin Germ sei er dat er in jas foar har helje moast, want it fanke huvere yn de jûnslucht.

It fanke sei: ‘Ik bin net kâld, mar it is hjir sa stil en sa grut.’

Willem sei dat soks wol wende, hy hie it yn it earstoan ek hân.

Hy sei: ‘It is stil waar, dat belibje wy hjir op 'e romte net sa faak.’

Germ lei it fanke út dat it wetter winterdeis gauris oan 'e drompel fan de klinte ta kaam en dat se ferline hjerst noch in dykje fan seadden om 'e doar set hienen om it wetter te kearen.

It fanke stoareage oer de greide dêr't in keppel kij weide yn de opkommende dauwe. En doe nei de damp dy't út de mar omheech kaam en stadich fierder krûpte.

[pagina 65]
[p. 65]

Hy hie dersels ek noait rjocht ta wenne kind. Der wie hjir tefolle wetter en tefolle greide. Hy hold fan de feangatten mei stripen en hagen en fan de wylgepôlen. De dize út 'e mar naam de rook mei fan dong en koweswit dêr't er net oer mocht. Hy hie leaver de moassige lucht fan klyn en bagger.

‘Hjir is noch wat kofje,’ sei Gryt stûf.

Se sette de koppen op 'e bak en brocht har stoel yn 'e hûs.

Hy joech it fanke ien fan de bakken kofje. ‘Utdrinke, it is no noch waarm.’

Har lange fingers trillen in bytsje en se luts út en troch mei de mûle.

It wie in kreas bern, in bytsje brún fan fel en wat skerp yn it gesicht.

Se seach nei Germ dy't mei de rêch nei har tastie en tsjin Willem prate.

Hy sei: ‘As jo fan de romte hâlde, falt it hjir net ôf. Do kinst gean en stean wêrst wolste, mar net te ticht by de dyk komme. As de plysjeboat dizze kant oer komt dan moatst even út 'e wei wêze. De adjudant hat in kiker en hy mei ús graach besjen. Fierders komt it net sa krekt. De winkelman hat syn fêste tiid en Boonstra, de ielkeapman, komt allinne as wy him warskôgje. En Gryt wit wol wannear't de bakker syn dei hat. No ja, it sil wol wenne.’

It fanke sei: ‘Ja, it moat earst wol wenne. It is hjir sa grut.’

‘It is in senuwpil,’ sei Gryt letter.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken