‘Ik haw al in pook,’ seit Anema, ‘en 't boksen haw ik noch net forleard.’
‘As der mar ien is, pakke wy him sa,’ seit master.
‘Miskien is't wol in robot,’ ornearret Anema.
‘Dan hied er al lang yn 'e hûs west,’ seit master.
‘Robots binne hjir net,’ seit Pakstra, ‘alteast net guods dy't ynbrekke.’ Hy moast alles ris witte.
Boppe makket Yfke Tseard wekker.
‘Ik hear de mannen,’ flústeret se, ‘der bart grif hwat.’
‘Se soene ús dochs roppe,’ seit Tseard en draeit him wer om. ‘Dat forjitte se grif. Kom ju, lûk de klean oan.’
Mei in sucht komt Tseard oerein. Hwat in geseur! Hy lei krekt sa lekker. Mar hy is op slach wekker as er master roppen heart: ‘Pak him!!... Anema, pak him!... Pakstra... hwer binne jo?’
‘Ik sjoch him net mear,’ ropt dy, ‘mar hy moat noch yn 'e hûs wêze, hwant ik stean yn 'e efterdoar.’
Yfke trillet der oer. ‘Hwat moatte wy?’ freget se Tseard.
‘Aenst komt dy man nei boppen ta.’
‘Kom mei,’ seit Tseard, ‘nei de souder! Wy moatte op 'e robot en de fûgel passe.’
Under is't stil. Hwat soe der barre?
‘Doarstou nei ûnderen ta?’ freget Yfke.
‘Doarre wol,’ swetst Tseard, ‘mar ik moat op 'e robot passe.’
‘Moatst hjir by my bliuwe hear!’ Yfke har stimke trillet der oer. Wie se mar by mem en frou Anema bleaun. Dan hearre se master sizzen: ‘En dochs moat er noch yn 'e hûs wêze.’
‘Se sykje noch,’ flústeret Yfke, ‘o, Tseard... doch