is echt. As taskôger fan myn eigen drama ryd ik yn een stortvloed van geweldige wateren. In roffel droant my boppe de holle, oanboazjend ta geraas, as ynlieding op de, yn deadske stilte út te fieren, salto mortale fan it swide tsjeppe trapeezjefamke, fongen yn 'e ljochtkegel, heech yn 'e nok fan de sirkustinte.
♦
Sneintemoarn. It stoarme. Wy wiene fakant, dat betsjutte dat ús tsjerke gjin eigen dûmny hie. Us heit hie de preeklêsbeurt. Dan bleau mem altyd thús. Al in wike blêde er alle jûnen preuveljend yn Menigerlei Genade, in boek fol preken, om in deeglike ‘kristosintryske’ preek út te sykjen. ‘Jezus Christus en dien gekruisigd.’ En, ik koe it net helpe, ik seach altyd as er dy wurden útspruts, ynstee fan de moardner, Dyn fan bakker Boorsma neist de Heilân hingjen, mei har snústerige blomkeskelk foar.
De hiele sneontemiddei en -jûn siet er yn it lytse foarkeammerke lûdop te oefenjen. Ut en troch sei er in sin nochris, dêr't syn lûd by klonk as bolderjende tonger yn 'e fierte, lûder en lûder, mei de slach ta beslút: Want, broeders en zusters, onze God is wél genadig en barmhartig, lankmoedig en goedertieren, maar weet óók dat Hij in zijn almacht een Verterend Vuur is. Hij is liefde, ja gewis, maar hij is ook de Allerhoogste die troont op de rechterstoel. Hij komt om de aarde te richten. De wan is in zijn hand, vreest Hem, gemeente!...Hy kielskrabe en herhelle: ...om de aarde te richten. De wan is in zijn hand, vreest Hem, gemeente!
Ik stie efter de doar. Ik wist net wat in ‘wan’ wie. Mar ik hie it der net op stean. It soe wol mei in wân bruien te krijen ha. Hy wie dêr allinne yn dat keammerke. Ik hearde oan útsjitters yn syn lûd dat er earmgebearten makke, slaande bewegings. En lykwols klonk it as hold er him yn. It wie frjemd en benearjend dat er dêr stie te roppen tsjin net ien, en Hollânske taal brûkte út in boekje. As wie er út 'e echte wrâld weistapt. Ik moast tinke oan dy toanielspilers op it kafeeplein, dy't har ek opsletten hiene yn har