Ferrifeljend, want hy kaam nea yn tsjerke. Hy hie winliken ek gjin soannen. Mar âld, swier en sleau wie er wol.
Us heit beslút dy stikken yn 'e foarm fan in devys:
Want ik ben verzekerd. Dat slot is de yntroduksje fan syn moaiste tekst út it Romeinebrief:
Want ik ben verzekerd, dat noch dood noch leven, noch engelen noch machten, noch heden noch toekomst, noch krachten, noch hoogte noch diepte, noch enig ander schepsel ons zal kunnen scheiden van de liefde Gods, welke is in Christus Jezus, onze Here.
♦
De plaat fan de brede wei en it smelle paad, ynliste op tripleks, hong boppe oan 'e treppen. Hy like op in guozzeboerd, dêr't de fjilden foar de pionnen op ûntbrieken.
Troch in trijehoek, oan 'e boppekant yn 'e midden, stoarre it alsjende each fan God.
Doe't ik lêzen learde, begûn ik de plaat pas echt te wurdearjen. Ik fûn him in stik nijsgjirriger as de lêsplanke op skoalle. Tegearre mei ús heit siet ik him te besjen op de tafel yn 'e keuken.
Op 'e foargrûn stienen minsken dy't noch gjin reisdoel keazen hiene. Se wifelen noch. Oan 'e brede, goed begeanbere wei, de weg des verderfs, mei WELKOM boppe de poarte, kaamst fuortdalik by in dûnsseal mei in wapperjende flagge dy't it opskrift Wereldgezindheid hie. Der stiene ek wachtsjende rigen foar it Koninklijk theater.
‘Hoedatsa? Heart de keninginne ek op 'e brede wei?’
Us heit skodholle en fage him by de noas lâns.
‘Nee, ús keninginne is herfoarme. It slacht op 'e pracht en preal.
Sûnde en ûnleauwigens komme yn alle lagen foar.’
In eintsje fierderop stie de Bank van lening. Dêr hie ik ek wat noed oer.
‘Is in bank van lening itselde as de boerelienbank? Ik ha dochs ek in bankboekje?’ Hy knikte.