| |
| |
| |
XII
Dr. Sicke Hemmema wie bliid, dat er yn my in harker fûn hie, dy't niget hie oan syn gelearde ferhalen oer de ferburgene of geheime wittenskippen. Hy neamde se allegearre falske witten-skippen. Frou Ath en suster Gerland hiene him wol faker heard, mar foar my wie it nij. Ik harke raar op, safolle kennis streamde fan syn lippen. Hoefolle wie der net by - ik wol it wol wêze - dêr't ik neat fan ôfwiste. Dr. Sicke wie in reedlik man. Wy hiene it earst wer hân oer it foarsizzen fan 'e takomst. Hemmema woe neat fan dy dingen witte. Hja hiene har oerâlde oarsprong yn byleauwe en heidendom. Allinne om't bedragers der grou jild mei fertsjinje koene en idele rom winne, wiene hja bestean bleaun. En de wrâld woe altyd mar wer ferrifele wurde. Dat sei er fan alle wiersizzerij, mar al wie hy der noch sa'n fijân fan, it hie him net gewurde litten, ear't hy der alles fan wiste. Dêrom hie er ek rjocht fan praten. Hy wreide út oer chiromantia, dat is de keunst om de takomst te wikken út 'e tearen fan 'e hân, oer hydromantia en pyromantia, dy't yn it wetter en it fjoer skôgje wat yn 'e takomst leit, oer haruspicia, dy't it fleanen fan 'e fûgels achtslacht (by ús preseptor hiene wy dat al leard), oer geomantia, dy't de skuorren en barsten fan 'e âld ierde benoasket, folle net genôch. Hy wist, wat de Romeinen derfan seine en wat de Griken, ja sels de âlde Egyptners en de Chaldeeën deroan diene. Al hoe fernimstich oft it betocht wie, it wie leagen en tsjusternis, neffens dr. Sicke. Ik wie de moarns fan Liauckema-state in oare wei lâns nei Berltsum riden. Destiids hie ik noch in geef en ridlik sterk lichem. Ik wie skjin ynein, mar nei't ik oerdeis
| |
| |
ris fiks sliept hie, siet ik de jûns wer monter en wol yn 't fermidden. Myn ferhaal fan it aventoer fan 'e foarige nachts hie it petear earst in oare kant út laat, mar doe't ik de moeting mei de ruter en syn hûn yn wat al te demoanyske kleuren ôfskildere, kamen wy dochs wer by dyselde geheime wittenskippen telâne.
‘As dy man mear kin as in oar, nim jo te wacht, want hy is gefaar-lik. Mar net om't er oer oare machten te gebieden hat as dy't him jûn binne yn holle en hân. Ek de hiele saneamde swarte magy is bedroch. Ik soe jo der safolle fan fertelle kinne...’
‘Toe, Sicke, begjin jûn net oer al dy yslikheden,’ kaam syn suster dertusken. ‘It sin stiet der my jûn hielendal net nei.’
‘Hja hat allinne mar belang by wite magy.’ pleage ik.
Sa wurde dy ûnskuldige middels wol neamd, dêr't fereale froulju it hert fan 'e leafste faak mei sykje te betsjoenen. It mei de kennis wêze fan swietroken, dy't de man bine, of fan kleuren, dy't him haagje, of fan dy lytse geheime tekens, dy't him wat fertelle, en al sok ding, dat oerskaait fan slachte op slachte, salang't der minskebern jong binne en niget oan elkoar hawwe. It wie ek de ien-nichste foarm fan tsjoenderij, dy't Sicke jilde litte woe. Letter bin ik te witten kommen, dat ik net sa min ret hie. Gerland hie Frâns Dekema, Anna har broer, it hert belêzen, hoewol't hja in jiermannich âlder wie as hy. Hja hawwe inoar yn trouwe leafde oanhongen. Hja ferkeare ek al as balling bûtenlâns, krekt as ik. Doe wist ik dêr noch neat fan. It wie noch net buorkundich en hja fertelden it my ek net, mar it wie de ôfglâns fan dy jonge leafde, dy't oer har hiele wêzen lei. Sa sil ik altyd oan Gerland Hemmema weromtinke.
Hemmema bûn him yn en swei fan 'e satanyske ôfgoaderijen fan 'e goëtia. It wie myn skuld, dat wy der dochs net alhiel bûten bleaun binne dy jûns. Doe't er sei, der wiene gjin tsjoensters of heksen, doe frege ik, oft er wolris heard hie fan Wylde Willemke. Sa en sa, en ik fertelde, wat Gearte, de faam fan 'e Bildtsyl, sein hie. Al wie it dan Elbrich net, ik woe no dochs njonkelytsen wolris mear fan har witte. It hiele gefal hie myn nijsgjirrigens geande makke. Hoe koene de minsken soks no beweare, as der alhiel neat fan oan wie, frege ik.
| |
| |
‘Ja, hoe komme de minsken der dochs by?’ frege de dokter wer. ‘Dy fraach docht him yn al sokke dingen foar.’ - ‘Faaks is it de froulju, dy't op soks oansjoen wurde, har eigen skuld,’ ferfette er. ‘Mar heksesabatten binne der net, leau dat mar fan my.’
Ek Sicke Hemmema koe Willemke. Ik frege, oft dy dan bekend wie as de bûnte hûn. - Hy ornearre, dat soe sa slim net wêze; it wie ek mear tafallich, dat hja binnen syn eachweid kommen wie. Hoe kaam sok praat dan yn 'e wrâld oer tsjoenderij en omgong mei de kweade? Dat woe ik wolris witte.
‘Freegje dat wol,’ sei Sicke, ‘ik soe ûnder it boerefolk gjin edeler en suverder frommes witte. Mar miskien dêrom; wa't der útrint, falt altyd op en wurdt berabbe. En faaks is hja te frij en te sels-stannich yn har dwaan en litten. Hja moat oppasse. It is in gelok, dat wy hjir fan gjin hekseprosessen ôfwitte. As hja yn in oar lân wenne hie, hie se mooglik al op 'e brânsteapel stien. Dat komt, hja hat der sels de gek mei, wat de minsken fan har sizze. It liket no wol, dat hja der nocht oan hat om de praatsjes foer te jaan.’
Ik begûn wat langer wat mear belang te toanen. Ik woe der ris in kear hinne, sei ik, sa'n bysûnder skepsel, dat woe ik in kear moetsje.
Doe sei frou Ath:
‘Pas mar op, dat se jo net betsjoent lykas har mem mei har heit dien hat.’
Ik wer:
‘En jo man sei krekt, dat der gjin tsjoensters wiene!’
‘Toe Sicke, hoe wie dat ek wer? Dû hast it der sa faak oer hân en dû hast derhinne west om alles nochris nei te gean en út te syk-jen.’
‘Och,’ sei Hemmema, ‘in begrutlik gefal fan fammedwaasheid, dêr't hja slimmernôch foar boete hat.’
It wie bard yn it jier fyftjinhûndert ienenfjirtich, doe hiene Sjou Hindriksdochter en in pear fan har boartfammen allegear fereale west. Mar de iene har feint wie ûnferskillich, de oare harres wif as wetter en dy fan in tredden betoande syn leafde ek net fjoerigernôch. Doe wiene hja te riede wurden om in aphrodisiacum
| |
| |
of leafdedrank te meitsjen, dy't de feinten troch syn toverkrêft foargoed oan har bine soe. Dêrta hiene hja in lyts hûntsje oanlokke, dat slachte en de lever brûkt ta dy drank. Dat wie útkommen en it hie safolle opskuor jûn, dat it gerjocht hie him dermei bemuoid. Sjou hie de opperteur west, dêrom hie it Hôf har straft. Hja hie foar in jier bûten Fryslân band west. Sicke Hemmema hie noch mar in jonge west, doe't dit foarfallen wie, mar der hie noch lang praat oer west; nei jierren wie it noch wol ophelle. Sadwaande hiene Sicke en syn broer Doeke der ris hinne west, doe't hja al grut wiene en stúdzje fan sokke saken makken.
‘De leafdedrank hie dochs fertuten dien,’ sei frou Ath wer. ‘Watge, de feint, dy't hja fan dy drank jûn hie, is har altyd trou bleaun, ek doe't hja band waard.’
‘De man hie ek in edel wiif betroud,’ sei Sicke. ‘It jonge bloed hat har destiids parten spile, want hja hie wol temperamint. Hja woe it letter ek wol wêze; yn sok ding wie se net lyts. Wy woene witte, hoe't sa'n drank hjir neffens it leauwen fan it folk klearmakke wurde moast en dêr wie se ek net efterhâlden mei. Sadwaande haw ik dy Willemke, dêr't wy it sakrekt oer hiene, as opslûpen fanke al kennen leard. It wie in bern, dat opfoel; ik haw se sadwaande nea alhiel út it each ferlern. Hja moast al jong har mem misse. Doe naam hja dy har plak yn en dat hat har licht noch sels-stanniger makke as hja al wie. Mar om it praat fan 'e minsken bekroadet se har sûnder mis te min. Dat kin har letter noch wolris komme te muoien.’
‘As ik it alris weikrige, koe ik it dus wol minder treffe,’ sei ik, ‘mar ik sil der om tinke, watfoar brousels ik foarset krij. In hûnelever! Ik moat der net oan tinke.’
‘As it dêr mar mei ophâlde,’ sei Sicke Hemmema.
‘Net fierder hjiroer!’ gebea frou Ath, dy't blykber wol ynwijd wie yn 'e geheimen, dy't Sicke oan 'e weet kommen wie.
‘Goed, frou,’ sei er. ‘Ik wol allinne noch mar fertelle, dat der neffens alle resepten, dy't ik fine kinnen haw, fochten, dy't it minsklik lichem útskiede kin, by hearre. Mear sil ik der net fan sizze. It mingsel is fier fan smaaklik, dat wol ik jo wol fertelle.’
| |
| |
Hy lei my fierder noch út, dat de hûnelever eigentlik mar in surrogaat wie. De lever fan in hyena wie better; dat bist hie noch mear temperamint en dêr gyng it om. Doweherten en de eagen fan maartske katten waarden der ek wol yn besean.
Ik frege him, wêrom neffens him dy oare ûnsmaaklike dingen deryn moasten en oft it dan hielendal gjin útwurking hawwe koe.
Hy koe net mei wissichheid sizze, hokfoar byleauwe dermei mank wie. Hy miende út tige âlde skriuwers wolris opmakke te hawwen, dat hja mienden, de siele fan in minske siet yn syn bloed, syn swit en oare fochten. It woe him wol oan, dat soks derefter siet, want it leauwe oan sokke toverdranken wie ek al fan slachte op slachte oerlevere en it reizgjende naasje, dat it faak fan swarte praktiken hawwe moast, naam it mei fan gea ta gea. En it earme folk, dat der ornaris djoer foar betelje moast, waard wer ris bedragen. Want likemin as it sop fan allerhanne fergiftige planten, likemin ek as de tsjoenformules, dy't derby te pas kamen, koe men in minske syn hert winne mei him eat fan jinsels of fan in geil bist opdrinke te litten. Lykwols... ien ding wie der, dat woe ek hy, de krityske ûndersiker, net alhiel fersmite. Ien fan 'e eigenste dingen, dy't in minskelichem oan him hie, wie de rook. Der wiene foarbylden yn 'e skiednis, mear as ien en twa, dat immen ta in razende leafde ferfallen wie, inkeld troch it opnimmen fan 'e lichemsgeur fan 'e oare.
Gerland en Sicke' wiif hiene der de gek mei en krieten him út foar in fantast, mar hy liet syn ein net slûpe. Wêrom pielden de dames dan mei rûkersguod? Dat wie itselde yn in ferfine foarm, woe er hawwe. Benammen in stik klaaiïng, dat jit wiet wie fan immens swit, hie soms in ûnbegrypliken útwurking hân.
‘Pas mar op, Alef,’ warskôge Gerland, ‘as jo dêr op dy pleats komme. Hja hat jo op sa'n manear belêzen, ear't jo der erch yn hawwe.’
Hemmema beriddenearre, dat soks mar yn inkelde gefallen opgyng, allinne by minsken, dy't yn it natuerlike opinoar oanlein wiene. Men soe eigentlik proeven nimme moatte, as men der mear fan witte woe.
| |
| |
Gerland en ik laken, mar frou Ath hie sa gau net troch, dat it allinne mar boartsjen mei de gedachte wie. Hja rôp:
‘Ik hoopje no yn 'e goedichheid net, datstû dêrmei begjinste! De proeven mei de heksesalven op dysels binne al moaiernôch!’
Doe krige ik in frjemd ferhaal te hearren. Hemmema hie justjes tefoaren sein, der wiene gjin heksen en tsjoensters. Sok sizzen wie by in man as him mar net in losse bewearing, sûnder grûnen. Nee, hy hie alles ûndersocht, wat oer soks te finen wie. Soene de tsjoensters op biezemstokken troch de loft fleane, nei de heksesabbat ta? Ei kom! Hy liet my in pear fan syn ûnbidich protte boeken sjen: ‘Fomicarius’ hiet it iene, ‘Quaestio de Strigibus’ it oare. Dêr stiene ferhalen yn, dêr't it bliken út die, wat de wierheid wie yn dat stik fan saken. De eksimpels kamen allegear op itselde del: In frommes bestriek har mei in heksesalve. Dan foel hja yn in djippe sliep. Hja miende, dat hja (sa fertelde se letter) troch de loft flein wie en har gelikens moete hie op in satanysk feest of mei satan sels of ek mei in tsjep feint peare hie, mar dejingen, dy't har yn deselde tiid observearre hiene, seagen hoe't it lichem op itselde stee lizzen bleau. Alles wat hja letter miende wier belibbe te hawwen, koe oars net wêze as in dream. Soms hiene hja sjoen, hoe't sa'n frommes bewegingen makke, oft hja op in hynder ried.
Hemmema hie net earder rêst oant er in pear resepten fan in hyoscyanin of heksesalve yn 'e hannen hie. Doe hie er neigien, wat yn sa'n salve fan belang wêze koe en wat net. It folksleauwe woe bygelyks hawwe, dat der oalje en flearmûzebloed yn kaam, ja soms hiet it, der wie neat better as in lyts jonkje, dat noch net doopt wie, dea te meitsjen en yn in koperen tsjettel te sieden. It fet dêrfan moast derby brûkt wurde. Al sokke ôfgryslikheden hie er weilitten. Wat oerbleau, wiene meast krûden mei in narkoatyske útwurking. Mei de salve, dy't er dêrfan makke hie, hie er himsels ynwreaun, krekt as de tsjoensters.
Benijd frege ik him, hoe't syn dreamen west hiene. Neat gjin wûnder, antwurde er, dat ienfâldige sielen neitiid fêst leauden en dat lichtleauwige skepsels der neitiid net ôf te bringen wiene, dat se dy dingen wier belibbe hiene, dêr't hja allinne mar dreamfoarstellingen
| |
| |
fan oanskôge hiene. Ek neat gjin wûnder, foege hy der noch oan ta, dat immen, dy't deroan ferslave is, it net litte kin. De hearlikste fisjoenen hie er hân, net te beskriuwen sillichheden hiene syn diel west. Likegoed wie hy dermei ophâlden. Hy wist, dat ek dit in waan wie. Boppedat, hy soe syn sûnens der faaks mei knoeie en dat mocht net.
‘Dû hast it al te faak dien,’ woe syn wiif hawwe.
Ik begearde fan him te witten, wêr't dy sillichheden út bestiene. ‘Hy hat it my nea sizze wollen,’ beklage frou Ath harsels.
Diskear joech er likemin in rjochtstreeks antwurd. Dat soe foar elk minske ûngelyk wêze, tocht him. Tsjoensters woene nei de heksesabbat ta en hja fleagen derhinne. Wa't dûnsjen yn 't sin hie, soe wol dûnsje, en wa't nearne mear sin oan hie as oan iten, dy krige grif de hearlikste spizen. En de leafde spile by de measten ek net swak by. Somliken mienden, dat se omgong hiene mei in inkubus of hoerdivel, dy't har yn it stal fan in tsjep feint moete.
Ik sei, dat ik nei de fertrietlike nacht, dy't ik krekt efter de rêch hie, wol sin oan sa'n sensaasje hie. Hemmema hie noch salve, dy't er gearstald hie út it sop fan ferskate medisinale krûden: út izerkrûd, moannefear, godsgenede, húslok, púnfear, diveldrek, hynder en seas, dolkrûd en belladonna.
Neffens âld leauwe moast it earste op moandei plôke wêze, it twadde op tiisdei en samar troch. Dêr hie Hemmema him fansels net oan hâlden. As it fiks helpe soe, moast it lichem earst goed read wreaun wurde. Dan naam it bloed de salve makliker op. Om't ik neat gjin fergif wend wie, lieten wy dat nei. Ik wreau my de hertdobbe, it krús en ek de harsenplasse yn mei de salve en moat hast fuortdaalk yn 'e sliep fallen wêze.
|
|