It hie al gau bliken dien, dat Klaas it op Willemke begrepen hie. Och, hja koe ynearsten ek net sizze, dat hja him net lije mocht. It wie in tûke fint mei in kleare kop; dryst wie er ek, winliken stie er foar neat en dêr mei in jongfaam, dêr't ek in fonkje yn sit, wol oer. Mar frijd hiene hja nea rjocht. Willemke hie har net jaan kinnen, al hoe't er oanhâlde. Hja koe smaaklik om syn útfallen laitsje, want hy koe it moai sizze, mar syn spot wie har te wreed. Der foelen njonkelytsen dingen foar, dy't har tsjin 't boarst wiene. Bygelyks, doe't yn 't jier fan sânensechstich de tsjerken stoarme wiene en de bylden oan 'e kant romme, doe hie er syn trekken waarnommen. It wie hjir yn dizze kontreien kalm om en ta gien, mar Klaas hie derby west yn 'e stêd. Unhillich fjoer hie it by him wol tige west: temûk hie er himsels ferrike. Troch har broer wie hja dat te witten kommen.
‘Mûlk wie alles goed gien,’ sei Willemke prakkesearjend, ‘as ik der ûnkundich fan bleaun wie en ik wie gewoan mei him troud. - Mar ik bin bang fan net. In ferdoarn aard oppenearret him op 'e lange doer dochs. Dan hie ik gjin achting mear foar him hân en him net mear ferdroegen.’
Hja hie sûnt neat mear fan him witte wollen. Dat hie him wrantelich en ferkeard makke. Hy hie har sûnt likemin mei rêst litten. Hy koe net los fan har komme, mar hja wist bytiden net, oft it noch ferealens wie of hate.
In oarenien soe har net hawwe, hie er alris sein. It hie in driging of warskôging west en oare feinten mûlk skoftich makke.
En as Willemke har sin sei, dan hie hy it praat ek op 'en baan brocht, as soe Willemke in tsjoenster of in seemearmin wêze. It wie allegearre om oaren ôf te skrikken.
Ik bekibbe Willemke, om't hja der sels soms ek oan meidie dat praat geande te hâlden.
‘It is ek wolris maklik, as soks fan jin tocht wurdt,’ woe hja hawwe. ‘Boppedat, oars hiestû my faaks net mear as frijfaam fûn.’
Klaas hie hjir sûnt gjin duorjen mear hân. It wie nea útkommen, dat er de bylden mei stoarme hie, mar it ferwyldere sin hie him fuortdreaun. Hy hie it oare jiers yn Grinzerlân mei fochten