| |
| |
| |
I
| |
| |
1
Wy soene it mei de eagen ticht rinne kinne. Mar wy ha se iepen, sjogge hoe't skaden fan wolken as hynders oer 't lân drave; lûdleas wrinzgjend helje se ús yn, de giseljende sturten jouwe ús pikefel.
Twa kilometer fan 'e pleats nei de slûs, troch greiden en boulân.
In ljurk sjit omheech, kliuwend op 'e ljedder fan syn toanen. Fardou bliuwt stean, folget de flecht fan 'e fûgel, glimket my ta. Dêrnei set se de stap der wer yn, har lange, spiersterke skonken, brún ûnder de ljochte simmerjurk.
Heit kin grutsk wêze: de bern bin net de skiere, skrale suertsjes wurden dy't er oait eange. Alve jier wie 'k, Fardou tsien, doe't er him yngeand mei ús begûn te bemuoien. Earder wie er amper mear as in rizige skym achter in krante, in donkere ferskining dy't ús inkel oanspriek as wy stil wêze moasten; it nijs is derfoar, jim' moatte op bêd, heech tiid.
Fardou nimt in oanrin, springt mei in sierlike bôge oer de sleat; in gazelle, fluch en linich. Se rint like hurd as my, mei gymnastyk altyd better.
Hy miende dat mem har ynfloed te grut wie, ús weak makke. Hja learde ús pianospyljen, sette ús, al hoe jong wy ek wiene, op 't spoar fan 'e literatuer, learde ús mei oare eagen nei de natuer te sjen, de skientme fan plant en bist, oars as middels ta produksje en bestean. Se fertelde ferhalen dy't se sels betocht, alle jûnen wer. Foar Fardou en my wie se in prinses, fyn en brekber, de krytwite hûd, de grutte, brune
| |
| |
eagen, mei ljochte spikkeltsjes dy't tinken diene oan kiezels op fiere, frjemde strannen.
Witst it noch, heit? Jim' strideraasje weage as in brâning tsjin 'e muorre dy't ús sliepkeamers skiede. Wy koene it net wurdlik ferstean, mar wisten dat it oer ús gie. Alle kearen die Fardou it bêdlampke oan, ferskûle har achter de boarterspop dêr't se mei sliepte. Ik lei inkel mar te harkjen, te harkjen nei hoe't dy brâning op 'e kust fan ús bernejierren sloech.
Ik lis op 'e rêch yn it gers ûnder de fruchtbeammen. De sinne skynt, it is waarm. In soel wyntsje bringt rook fan hea en fee. Ik swim yn in blauwe see, fiel griene fingers fan wier en algen oer de hûd striken. Wûndere moai is it, fisken mei de kleur fan ingeltsjes komme foarby, guon hawwe wjokken en meitsje gûnzjende lûden. Mar der driget gefaar, ik moat wach wêze. Dit is it terrein fan de Lulke Seemearmin. Hja wurdt sa neamd om't minsken har poppe meinaam ha, út 'e see fiske mei in grut net. Sûnt is se op wraak út, lokket elkenien mei nei de kâlde djipten, fersûpt se dêr.
Fan 'e tûken boppe my fleane fûgels omheech. Ik beweech net, driuw. Ynienen springt ien út 'e beam njonken my op 'e grûn. Koele fingers gliidzje om 'e hals, lange stringen donker hier krevelje my yn 't gesicht.
‘Ik ha dy,’ seit se. Har bonkige knibbels sitte ûnder de skrammen, prippe my yn 'e side. ‘Stomme jonge. Tochtst datst ûntsnappe koest?’
‘Seemearmin, wachtsje! Ik ha wat foar jo!’ Mei in bestudearre gebeart helje ik har boarterspop foar 't ljocht, langje him hoeden oan har oer.
‘Myn baby!’ ropt se ferheard. Se besjocht him fan alle
| |
| |
einen en kanten, pript der mei de wiisfinger yn, hâldt him dêrnei, lizzend op 'e hân, lyk foar myn eagen. De earmen en de skonkjes bongelje slop fansiden.
‘Hy is dea,’ seit se.
‘Mar seemearmin,’ sis ik, huverjend en laitsjend, ‘dat is myn skuld net, hy wie al dea doe't ik him meinaam!’
Se bûcht foaroer, fiert de druk fan 'e fingers op. Se is sa tichtby dat ik har azem fiel.
‘Do silst syn plak ynnimme,’ flústeret se, ‘do bist no fan my.’ Ynienen lit se har oer de side falle, rôlje ik tsjin har oan. ‘Mei nei de djipte,’ ropt se, ‘mei, mei!’
‘Seemearmin, nee!’
Freonen en freondintsjes hiene wy net as bern, wy kamen inkel fan 'e pleats om nei skoalle ta yn 't doarp. Moarns stutsen wy ôf, in stik bôle en in apel yn 'e bûse. Mem brocht ús oan 'e homeie ta, dêr't se stean bleau oant wy har net mear sjen koene. Krekt foar't de bel gong, skoden wy de fyts yn 't hok.
Wy sochten sels it kontakt net, mar stiene beslist ek net bûten de groep; waarden yn 't boarterskertier altyd frege om oan spultsjes mei te dwaan.
Minsken binne wolven. Wylde bisten. Se ferstjitte of deadzje eksimplaren dy't net doge, dêr't wat oan skeelt; ôfwikings wurde net akseptearre. Troch ús hâlden en dragen - de dreamerige kant neist, gjin grutte mûlen, net botte aktyf - wiene wy yn prinsipe ideale slachtoffers. De redenen dat de roedel ús mei rêst liet, sels yn har fermidden opnaam, binne banaal. It simpele gegeven dat wy kreas wiene en goed leare koene, hat ús frijwarre fan pleagerij.
As ik foto's fan dy tiid sjoch, jildt soks wis foar Fardou.
| |
| |
Heech op 'e skonken, iisberchwite hûd, donkere eagen en lang, donker hier. In ferskining om op ôfstân te bewûnderjen, net om te narjen. Sels hie 'k ljocht hier, ljochter as no, wie aardich oan 'e lingte, smel, in bytsje famkesachtich. Fan master Boersma, dêr't ik letter skaakles fan hân ha, hearde ik dat ik altyd in ôfwêzige yndruk makke. Mar blykber wie 'k himmel en skrander genôch om likemin as proai te jilden.
Dochs wie der ôfstân. Nei skoaltiid stoepen wy op 'e fyts, lieten de skoalle en it doarp achter ús, as wie it in plak mei in beheinde realiteit, in luside dream-weareld om inkel altemets op te sykjen. Nee, wy hiene genôch oaninoar, oan de pleats mei syn geheimen yn tsjustere hoeken en hernen; de grutte, hege keamers fol muzyk, oan de ferhalen dy't mem as in tapyt foar ús weefde, dêr't wy op fuortfleagen, ûnbekende kimen yn 'e eagen.
Se lei op bêd en sei neat, beweegde net, skynber sûnder emoasjes, in etalaazjepop mei grize stringen hier. Doe't ik de keamer yn kaam liet se net blike dat se my fernaam, mar ik wist dat it sa wie, dat se my negearde.
De oars sa ljochte en frisse keamer wie no near en skimerich. Troch de tichte gerdinen foel in feal, bedoarn ljocht. De lucht wie tsjok, besette jin de siken. Links fan 'e doar, fuortset yn in hoeke, stie in skildersezel stof te garjen. Hoe lang soe it lyn wêze dat se in kwast op it doek setten hie? Fjouwer moanne? fiif? Doe't se op in stuit har ark en reau ferhuze fan it atelier, sa't se de opkeamer neamde, nei de sliepkeamer, seach ik dat as in teken, in symboal. Mar ik woe der net oer neitinke, net ynterpretearje, bang as ik wie foar wat it útbringe soe.
Ik set in stap yn 'e rjochting fan it ienpersoansbêd. Op it nachtkastke, njonken de wekker, stiet in glês wetter. Sa te
| |
| |
sjen hat se der noch neat fan hân. De kiel is droech, ik soe 't opdrinke wolle. Mar ik doar net, bin bang foar har reaksje.
Oan it ferspringen fan de sifers fernim ik dat tiid ferstrykt. Ik moat wat dwaan, rin op 't bêd ta, lis in hân op har bleate earm. Der kringe gjin lûden fan bûten ta ús troch, it is ûnwêzentlik stil.
Fertel my in ferhaal, mem, sa'tst dat froeger diest. Lit dyn stim klinke as in simmertwirre, in stoarmwyn; feroarje de weareld mei de tsjoenstêf fan dyn fantasij. Lit my ferjitte.
Ik moat wat tsjin har sizze, wurden as brekizers, iepenbierings. Frjemdernôch spoekje my allinne klassike klanken troch de kop, echo's fan Sjostakovitsj, Rachmaninov. Se ferjeie de sinnen dy't ik sprekke wol, en ik wit dat ik stean te stumperjen, machteleas bin.
Se draait my de rêch ta. De fine bantsjes fan har nachthimd lizze slop oer de skouderblêden, wjokken fan in fûgel. Tear sjocht se derút, en kwetsber. En tagelyk hurder as de hurdste stien. Ik bin kâld. En leech. Draai my om, stadich, stadich. Fardou stiet yn 'e doarsiepening. Hja sjocht my oan.
Letter rûnen wy troch de hege, koele gong. Us gymnastykskuon makken lûden as woene se de tegels fan 'e flier net loslitte. Heit moat ús heard ha doe't wy by de keuken lâns kamen. De doar stie oan, hy siet nei de radio te harkjen; wy seagen it profyl fan syn gesicht skerp útsnien tsjin de simmerdei yn 'e ruten. It nijs wie derfoar. Hy is ferslaafd oan it nijs, en op 't heden al hielendal. Fansels gie it oer de feroardieling fan de santjin Súd-Molukkers, dy't de keninginne ûntfiere wollen hiene.
Hy moat ús heard ha. Hy hie fansiden sjen kinnen, wat sizze, in opmerking meitsje.
| |
| |
Wy binne by de Bocht, in knik yn 'e Boksumer feart. It lân oan 'e oare kant is fan 'e Lolkema's, waans pleats in pear hûndert meter fierderop leit te slomjen. Dêr wennet Riemer, myn bêste freon. Wy ha inoar pas kennen leard doe't wy, as iennichste jonges fan ús klasse, nei de havo ta reizgen. Alle dagen fyftjin kilometer op 'e fyts hinne en wer, troch waar en wyn, dat skoep in bân. Dochs hat it wol in healjier duorre foar't wy oan inoar wend wiene. Ik fûn him yn 't begjin oantwingerich, drok en bretaal; yn syn eagen wie 'k stil, ferfeelsum en dea-serieus.
Us earste wike op 'e nije skoalle. De grutte kloften bern, de skynbere gaos, it gemis fan Fardou har oanwêzichheid; it kaam my allegearre slim oer 't mad. Ik leau dat it de tredde dei wie. In stoartbui ûnderweis, en ik stie as in fersûpte kat yn 'e garderobe. De typyske skoallegeur fermong him mei de útwazeming fan wiete klean, jassen, skuon; in sterk aroma dat my nei de bûtenlucht langjen die. Om my hinne wie it in drokte fan belang. Biology stie yn it roaster, om mei út ein te setten, mar ik seach net ien fan myn groep en wist even net wêr't ik wêze moast.
‘Hilbrand de sleauwe slak.’ Ien joech my in dúst. Riemer. ‘Stiest wer te dreamen, jonkje?’ Hy smiet syn tas oer de flier en skodde as in hûn syn kop, sadat de drippen my yn 't gesicht stoden. Hy wie like grut as my, mar foarser.
‘Ik dream net. Hâld dêrmei op.’
‘Of witst net wêr'tst hinne moatst? Krekt wat foar dy. Kom mar mei.’
Syn skerpens ferrifele my, joech it idee dat er dwers troch my hinne seach. Dat makke my ûnwis, en tagelyk grimmitich.
‘Hoecht net, ik bin net ûnnoazel. Mar ast wolst, kinne wy wol tegearre oprinne.’
| |
| |
‘Goed.’
Ik wist dat hy wist dat ik my grut hâlde. Dochs makke er der net in wurd oan smoarch. Dat wie de earste kear dat ik wat fan wurdearring, sympaty sels, foar him fielde. Likegoed bleau it in nuvere swankebast, in hollewaai dêr't ik gjin hichte fan krige. Hy koe bytiden leararen yn 'e mûle falle op in wize dêr't ik, ferfangend, in kaam fan skeat. En it ferbjusterjende wie dat er der yn 'e measte gefallen ek noch mei weikaam. Sa waard ik der ek net goed fan hoe't er mei de fammen út ús groep omgie. De frijens en de fertroudens diene my tinken oan myn relaasje mei Fardou. Mar dat wie myn suske, en dit wiene bienbiterige, bûtenierdske wêzens mei hege, skrillerige stimmen dy't oars net fuortbringe koene as lege frazen en dom gegichel. Ik begriep it net. Ik begriep Riemer net.
De aula. Nei 't iten ha 'k tiid oer. Ik sit achter in skaakboerd, eagje de stikken oer en besykje my te konsintrearjen op 'e kleur dy't ik foar ha. In eintsje fierderop sit Riemer, mei guon fan ús klasse. Hy laket, hat it heechste wurd. Ynienen stiet er foar my. ‘Potsje?’ freget er. Eins steurt er my, mar om't ik nijsgjirrich bin nei syn kapasiteiten sis ik ‘okee’. Hy krijt in stoel, seit dat ik mei wyt spylje kin. Nei't ik de iepeningsset dien ha, freget er oft ik der aardichheid oan ha om allinne te spyljen.
‘Om sommige setten te oefenjen kin 't wol. Boppedat binne der net in soad dy't wat oan skaken fine.’
‘Hoe witst dat?’
‘Wat?’
‘Hast guon frege, fan ús groep, of oaren?’
‘Nee... It is gewoan sa.’
‘Ja, dat sil 't wol,’ seit er gnyskjend. Ynienen fiel ik in
| |
| |
grutte driuw om him hielendal fan it boerd te feien, te ferpletterjen. It begjin is ûnthjittend: samar ha 'k trije stikken fan him wûn. Dêrnei wurdt it dreger, mei troch syn oanhâldend gepraat. Hy hat it oer fuotbaljen en muzyk; oer Geart, syn broer dy't yn 't leger sit en op hûndert meter ôfstân it dopke fan in bierflesse sjitte kin; oer skoalle, de nije John Deere fan syn heit.
Ik begryp net hoe't er tagelyk prate en neitinke kin. Hoewol, neitinke; hy ferset de stikken binnen in pear tellen nei't ik myn set dien ha. Dochs makket it foar 't risseltaat neat út, want nei in drege partij akkoartsje wy ôf op remize. Hy rekt him wiidweidich út, glimket tefreden. Dêrnei skoot er de stoel achterút en seit dat it in moai potsje wie, moatte wy faker dwaan. Ik knik, eagje him achternei wylst er ôfset.
It jout in goed gefoel te tinken dat Riemer op it hiem stiet, ús miskien rinnen sjocht, ynterpunksje yn 'e ûneinigens fan lân en loft. Hy soe witte wêr't wy hinne sille, nei ús ta komme kinne en ús laitsje litte. Mar Riemer sit op ien fan 'e eilannen, hat dêr fakânsjewurk, kelner of patatbakker of skjinmakker, ik wit it net krekt. Hy woe my ek mei ha, tegearre yn 'e hoareka, oerdeis jild fertsjinje en jûns moai op stap, in gouden tiid, Hilbrand jonge, froulju by de rûs, Dútse fammen, dy binne sa frij as wat.
Mar ik bin nèt frij, fral net fan mysels; bin net langer by steat om de dingen in kear te jaan.
|
|