Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
De roekkat (1986)

Informatie terzijde

Titelpagina van De roekkat
Afbeelding van De roekkatToon afbeelding van titelpagina van De roekkat

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.40 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

De roekkat

(1986)–G. Willem Abma–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende

18.

Sjoen de niget dy't Heerd fan jongs ôf oan oan de prom hân hie - wat bygelyks noch al sterk nei foaren kaam as er Mintsje fingere - wie it op syn minst ferwûnderlik dat er sa maklik fan dy fan Nanna ôfbliuwe koe. Twa nachten hie er by har lein, har boarsten en hier streake sûnder dat er himsels fergeat. Allinne as er har tute en flechtich mei har tonkjefrijde, woe de kul him noch wol ris stiif wurde. Se stie it amper ta as er syn tonge yn har mûle treau en hie daalk troch as it him opwûn. It like wol dat se it oan syn siken murk al besocht er noch sa om elke feroaring te ûnderdrukken. Hy hold net fan har, wie net iens fereale, mar ferbûn har mei de smûkens fan it arkje en de ienlikens fan de mar. Har mûtelens, de kleur fan har tosken en hier, de besites dy't se krige en dêr't se har foar betelje liet, alles paste dêre op in wûnderlike wize byinoar. ‘Ik bin in hoer,’ hie se de lêste kear tsjin him lústere en him oansjoen as spriek se it lêste oardiel oer har sels út. Mar dy meidieling fan har wie krekt woldiedich troch him hinne trille.

‘Do moatst as in broer foar my wêze,’ sei se noch al ris en dan skeat Mintsje him gauris yn it sin. As hy as in broer foar har wie, hoegde sy noch net as in suster foar him te wêzen. Earne wist er dat er net om 'e nocht wachte, dat ìt momint ea komme soe. By gjinien soe er sa ferduldich wêze as by har. Miskien wiene it dochs har eagen, sûnt it ôfrûne wykein wist er dat se skieppeëagen hie: yn harres siet deselde kleur grien as yn dy fan it deade skiep.

[pagina 172]
[p. 172]

Hy kaam der op doe't er in koart petear tusken de heit en de mem opfong.

‘Runia en de frou sette moarn foar in moanne nei Kanada ôf,’ sei de heit, ‘it sil jûns wol wat letter wurde.’

Hy moast mar ris nei Mintsje ta no't se sa lang allinne siet. De earstfolgjende sneontejûn sette er ôf. It wie al let, Heerd gie langer by foarkar op 'en paad as it tsjuster wie. Diskear gie er op 'e fyts nei de Runia-pleats en makke, doe't er de leane ynswonk, de wrâld om him hinne noch lytser troch de dynamo fan de bân te lûken.

Hoewol't er wist dat de beide hûnen fuortdien wiene, naam er sûnder der by nei te tinken dochs de selde foarsoargen yn acht as doe. Hy socht it plakje op dêr't er destiids oer de feart sprongen wie en kroep troch it hôf nei de finsters. De gerdinen sieten ticht, de skreef dêr't er doe trochhinne sjen koe, wie der no net. Op mar in pear meter fan him ôf, feilich ferskûle efter it felours moast se sitte... Hoe soe se sjen as er aansens oanskille en foar har stie? Hy wie net fan doel en lit him by de doar ôfsâltsje. Ynienen fielde er wat werom fan de wûnderlike spanning dy't troch him hinne loek as er op bêd lei en op har wachte. Hy kroep nei de stoepe, strûpte de broek del en poepte flechtich as in hûn dy't pisset wannear't er it bewende plak ûnder oan in beamstamme rûkt. It wie mar in behindich heapke dat der lei, mar nammerste kostberder, alteast sa seach er der nei doe't er ynienen hastich oerein gie en nei de syddoar rûn. Net driigje, tocht er, en die in haal oan de mânske knop fan de skille. It duorre eefkes, mar doe hearde er in doar slaan en fuotstappen yn de gong sûnder dat der ljocht makke waard. Efter de izeren styltsjes dy't yn sierlike krollen út rûnen, gie in lûkje iepen. Heerd sakke in bytsje troch de knibbels en seach har rjocht yn de eagen. ‘Bisto it.’ Se die de doar fan it slot en liet him der yn. ‘Wat is der oan,’ frege se en rûn al by him wei de lange gong yn. Blykber ferwachte se gjin andert, se seach teminsten net mear efterom en like der wis fan dat er har wol efternei rinne soe. Heerd wie der klear foar om sadree't er yn it grille ljocht fan de keamer stie ôf te stappen fan de ‘ja-s’ en ‘nee-s’ dêr't er safolle jierren tsjin har mei folstien hie. Daalk soe se papier en pinne pakke en ôfwachtsje wat er opskreau. Wat soe se skrikke. Hy knipere eefkes mei de eagen doe't er de keamer

[pagina 173]
[p. 173]

yn kaam, it ljocht wie skeller as er ferwachte hie; hy soe har navenant ferbjusterje. Doe't se út it ûnderste laad fan in sikretêre in bloknoat helle, spile him eefkes in superieur glimke om de mûle: sa't sý om in pinne socht. Eins wie se folle kreazer as Nanna, hie se mar net dy hurde trekken yn it gesicht dy't har ûnfreonliker lykje diene as se yn wêzen wie. ‘Lit mar Mintsje,’ sei er ynienen lûd doe't de ynhâld fan twa laden op de flier lei en it him begûn te ferfelen. Har fingers ferstiven op de râne fan ien fan de laden. Sûnder te ferwegen, bleau se mei de rêch nei him ta sitten. Dat se net omseach, makke alles noch spannender en wûn him suver op. As er har no ris besloep en fannijs in finger yn de prom treau?

‘Lit mar ju, wy kinne ek wol prate. Wêrom soene wy net ris prate?’

It duorre eefkes foar't der beskie kaam, doe sei se: ‘Do woest noait prate, mar datst it wol koeste...,’ se makke de sin net ôf, gie oerein en seach ferwûndere, mar net sa ferbjustere as er hope hie. ‘In nuverenien bist wol,’ sei se en begûn de brot wer yn de laden te dwaan. Hoe't er him ek op it petear tarist hie, hy wist sa gau net wat er no sizze moast. Earst doe't se tee yngetten hie en mei in soarte fan nofterens foar him oer siet, sette er útein mei wat er yn himsels repetearre hie.

‘Ik woe dy sjen, do silst it trouwens mei my iens wêze dat der net folle oan is om thús te sitten.’ Hy spriek it stadich út, woe Mintsje dy't mei oandacht nei him hearde, de wurden blykber as op in sulveren bledsje presintearje. ‘Ik wol der net om hinne krieme, mar wêrom komsto noait mear thús, wêrom komt der eins hielendal noait ien fan de bern thús en dogge heit en mem oft se net by elkoar hearre? Heit is faak fuort, de sneontejûnen is er ek noch op húsbesite.’ Hy seach har skerp oan. Wist sy wat de heit útheefde? Der wie neat oan har gesicht ôf te lêzen, se ferloek gjin spier. Dat ûnoandwaanlike, foar it each alteast, ferflokte er op it stuit. Op syn bar besocht er alles sa earlik mooglik nei foaren te bringen.

‘Ik kin my net yntinke dat der yn it doarp noch in húshâlding is dêr't it sa om en ta giet as by uzes.’ Mintsje mocht dan altyd gewoan praat hawwe, praatsk wie se likemin. Se seach him oan en like ôf te wachtsjen oft der noch mear slaggen folgje soene op de âlve dy't de klok slein hie. Eefkes like it dat de deadskens fan thús nei de keamer fan de Runia's oerplante

[pagina 174]
[p. 174]

wie. Gjinien fan beiden hie der smjucht op nei't like om it petear te ferfetsjen. Heerd wachte, ienkear moast se dochs wat weromsizze, tocht er koel; hy moast gewoan sitten bliuwe, sûnder in werwurd fan har hoegde er net op te stappen. Se stoarre wat foar har út en sette in tûfe hier mei in brede spjelde fêst. Se kaam werom wist er doe't se samar de keamer út gie.

‘Hoe is it mooglik datst no samar praatst,’ sei se doe't se werom fan 't húske kaam en skodholle. ‘Us famylje sit yndie frjemd yn elkoar, mar do bist wol de nuverste, hoewol...’

‘Wat fynstò dan wûnder oan ús famylje?’

Se like fannijs gjin beskie te jaan, mar doe't er har mar oanseach, sei se stadich: ‘Krekt it selde as dy, tink ik.’ It petear stûke wer, it hie der in protte fan wei dat beide war diene foar elkoar te ferbergjen wat der yn elk fan harren omgie.

‘Se lykje by uzes allegearre wol fan stien,’ sei Heerd nei in skoftke sûnder dat dúdlik waard oft de stûfens fan it petear of de omstannichheden thús him dizze opmerking ynjoegen.

‘Pannen op ien dak,’ klonk it droech.

Pannen op in dak, dy't dea njonken elkoar leine en der allinnich by in swiere stoarm ôfwaaie koene en oan diggels foelen, doelde se dêr op?

‘Ik haw altyd sa leaf wol oer heit mocht as oer mem,’ ferfette se ynienen.

Dat wist er, hy hie it opmurken doe't se de mem oplape nei't dy troch de heit tsjin de flakte slein wie.

‘En do?’

‘Ik wyt it net, ik leau net dat de iene of de oare my wat útmakket.’

Hy tocht der oer nei. Wie der in tuskenwei, of hate men âlden as men net fan se hold?

‘Doe't ik lyts wie, wie mem hiel oars. Se sei mear, mar it wie wol krekt oft se har gedachten der net by hie, dat se...’

‘... oan God tocht en ûntefreden mei heit wie. Se pankoeke mear mei it leauwe om as mei heit,’ folle Mintsje ynienen fûl oan. Fannijs ûntgie it him net hoe'n hekel se oan de mem hawwe moast.

‘Wêrom is se no sa op harsels,’ frege er, happich gebrûk meitsjend fan har iepenhertigens.

[pagina 175]
[p. 175]

‘Ik wyt net, it kin my ek net folle skele, it hat him by har ferlein, yn wêzen hat se noait oars west bin ik bang. Miskien fielt it de oare broers en susters ek sa oan en komt der dêrom hast noait ien thús.’

‘En heit?’

‘Mei in oare frou om him hinne hie it in oar man west.’

‘Kinst it likegoed omdraaie, mei in oare man hie mem net west dy't sy no is,’ brocht er mear út dwersens tefoaren as dat er it echt foar de mem opnimme woe.

‘Sy hat altyd sa west,’ klonk it suver batsk. It wie miskien sa ferstannich wol om der mar oer op te hâlden. Wêrom gappe der no ynienen dûnker in ravyn dêr't de djipte net fan te fiemjen wie? Eefkes kaam er yn de ferlieding en fertel har oer de sneontejûnsreizen fan de heit nei de Mûzemar. Soe se dan noch sa oer him tinke? Hy sette it him fuort út de holle: hy mocht wol gek wêze as er it sei, it soe him sels ferriede en in machtich wapen ut hannen slaan.

‘Datst no samar foar 't faderlân wei praatst,’ se skodholle wer en gie oerein om noch in kear tee yn te jitten. Hy hie der gjin nocht oan en heakje op har ferwûndering yn.

Beide dronken stadich fan de tee dy't blykber sean hie en net al te bêst mear smakke. Se seach ris op 'e klok en noch ris doe't se murk dat er har blik folge. It waard yndie syn tiid, sy moast der moarnier betiid ôf, mar as se tocht dat er no samar opstapte, fersinde se har.

‘Wy giene eartiids altyd oars mei elkoar om,’ sei er en seach har lyk yn 'e eagen. Se krige in kaam. Hjir wie tusken har noch noait in wurd oer fallen.

‘Do bist achttjin jier âlder as my en dochs hawwe wy altyd bêst kind. Lit der dan thús ûnder mekoar folslein gjin kontakt wêze, tusken ús tegearre is it oars. Fyn ik teminsten,’ heakke er der oan fêst. Se seach útdrukkingsleas foar har út, alhiel net ferstuivere. Miskien fûn se it wol nijsgjirrich en hie se hjir al jierren op wachte. It kaam der no op oan, hy krige oanstriid om earst nei it húske ta. Ynstee dêrfan helle er djip siken. ‘Do fûnst it dochs ek moai as wy tegearre op bêd leine en ik...,’ fierder doarst er net te gean. Se hie de holle tusken de hannen en seach foardel. Woe se it hearre of krekt net? Hy wachte oft se wat sizze soe, mar se siet roerleas oan de oare kant de tafel as wie se yndie út stien houd. Hy moast it gewoan sizze, as se

[pagina 176]
[p. 176]

har dan sa fernuvere oer dat er prate, moast se mar goedfine dat er it útspriek. In fraksje krûmen har de teannen en fingers as gie it om in lêste krêftsynspanning.

‘Ik lei efter dy; dan stiek ik myn finger yn dy wylsto dy sliepende holdest.’

‘Dat die ik ja, ik liet dy gewurde, it begrutte my om dy,’ sei se lykmoedich.

‘Begrutte, hoe bedoelste?’

‘Datst net prate koest.’

‘En dêrom fûnst it lekker,’ it makke him kiezzich dat se mar net út de rol te krijen wie. Se sit as mem en sjocht as heit, tocht er. Fansels sei se neat, men soe noait witte wat men oan har hie. Miskien kaam se einlings en te'n lêsten ris fanwegen as er fuortdaalk de lêste pylk dy't er noch op de bôge hie, op har ôfskeat.

‘Moast ris hearre Mintsje,’ begûn er fluensk, ‘jierren ferlyn moast ik fan mem in boadskip nei heit bringe. Ik bedarre efter in sket op 'e singel. It wie prachtich waar, in ielreager slokte in fisk troch, dat sil my noait ferjitte, mar ik hearde ek wat.’ Hy wachte eefkes oft se reagearre, mar se stoarre noch altyd like ûnfersteurber by him lâns.

It like ûnmooglik dat der oait wat sein waard dat har echt oandearde. It makke him luik en dryst tagelyk.

‘Ik hearde stinnen, kroanen, smûgen, hymjen en pûsten en nuvere skreaukes. It sket rûn yn de feart op, ik koe der net omhinne sjen, ynienen hearde ik in stim. “Boer, boer,” waard der lústere. Doe wist ik dat it Runia wie en dat...’

‘Hâld dy stil ju, wat jout it,’ ûnderbriek Mintsje kâldwei, ‘dat wiene de boer en ik.’ Se ferskeukte in eintsje mei de stoel en lake koart en gril. Op dat stuit hie er der út gien as se him de doar wiisd hie, sa ferbjustere wie er oer it feit dat se sels iiskâld ôfmakke wat er har nei sa folle jierren as ien fan syn grutste geheimen fertelle wold hie.

‘Do tochst seker datst my oan it skrikken bringe soest? Dan sil ik dy ek ris wat fertelle. Ik haw noait oars wend west as dat der oan my sitten waard.’ Se sei it rêstich, as die se in deagewoane meidieling; ferge him ek net om der noait oer te praten. Kalm fertelde se dat Runia har al te nei kaam doe't se noch mar sechtjin wie en har twa dagen nei't se achttjin wurden wie, oantaaste. ‘Do wiest der noch net iens.’

[pagina 177]
[p. 177]

Eefkes hie er it gefoel dat er stikte as er trochgie mei nei te tinken oer wat se sei, mar al gau hie er himsels wer yn de macht. Hy moast krekt as har, dwaan oft alles wat se him fertelde de gewoanste saak fan de wrâld wie.

 

Hy lei efter har en streake oer har prom oant it fochtich en glêd waard, krekt as doe. Se hiene seldsum earlik praat. Hy hie har ferteld hoe't er ferlange om ris echt te neuken sa't de jonges op skoalle it altyd neamden. En yn in opstiging hie er har frege oft it net mei har mocht. Har reaksje wie ûnfoarstelber. Se ferblikte net en woe it him ienkear tastean ûnder de betingst dat er noait earne oer prate soe hoe't it ek tusken harren waard. Mei de finger gie er yn har prom op en der wer út. De kul skode triljend by syn finger lâns. Mei kaam it sie. Fuortdaalk nei't er klearkommen wie, gie er der ôf en die de klean oan. Hy siet al op de fyts doe't er de doar mei in droege tik yn it slot fallen hearde.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken