Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
Foar de lins (1968)

Informatie terzijde

Titelpagina van Foar de lins
Afbeelding van Foar de linsToon afbeelding van titelpagina van Foar de lins

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.33 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

verhalen


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

Foar de lins

(1968)–Paulus Akkerman–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende

De doarpsslachter

Slachte er ien kear net alle wiken in kou en meastentiids ek noch net in baerch? Hoefaek hie er moandeitomoarns om trije ûre net mei de feint yn it slachthûs stien, de stookpot oan en in deabaerch op 'e skammels? Dan gyng dat op 'en slachtsjen. Goed sawn ûre yn 'e hûs to drinken, neitiid de wite kile oan en de streek op to freegjen. Hy en de feint elk in kant út, hja hiene dan al in dei hawn, mar hwa seach doe op in ûre tiid?

Tiisdeitomoarns de kou oan 'e heakken dy't freedtojouns fan 'e boat komd wie. Slachtsje en yn 'e winkel stean to útweagjen, ynpakke en fuortbringe, kuorren en kuorren fol. Woarst meitsje, gehak en fet draeije, ljirre en spek yn 'e skoarstien. Dat spul waerd rikke mei eken spuonnen, mei sin en oerlech, de kop moast der by. Tongersdei wie foar ditten en datten, der wie altyd wol hwat. En de oare deis wie it al

[pagina 10]
[p. 10]

wer freed mei de Ljouwter reis, as it der oan stie gyng it jouns noch ris op in slachtsjen. Sneons roun de wekker stéfêst fjouwer ûre ôf, hannen to min, in sneon wie erflik tokoart. Dat wie earst de kâlde winkel yn om de boel klear to meitsjen dy't allegear noch toplak moast, der wie sa'n great forskaet. De iene frege koufleis sûnder fet, in oar moast karbonade ha, in murchbonke, sopfleis, ljirre, leverwoarst, der wie sa'n soad en alles moast ynpakt en toplak brocht wurde, einen fuort faek, mar hwat kaem dat der op oan?

Hy kearde him om, frou Reiding kaem troch de doar, in fêste klant, hja soe net licht in sneon oerslaen. ‘Mei 'k in ûns spekham?’

‘Asjeblyft, frou Redding’, in pear daggen mar oan 'e masine, doe hie er al in ûnske. ‘Fiifentachtich sinten’.

Dêr stie er wer, sa gyng dat langer. Kobus' Wypkje moast noch komme om twa ûns hynsteljirre, frou Wuring moast har oardel ûns gehak noch helje dy't hja yn it sop die. Sa koe er noch in pear forwachtsje, mar hy kaem net troch syn fleis. Yn nije wike soe er noch mei minder ta kinne...

 

En ien kear, as hja sneontojouns einlings de boel útbjind hiene en alles skjin wie, yn 'e hûs om kofje en iten. Dan kaem it lange smelle boek op 'e tafel en de feint joech op hwat er ynbard en togoede hâlden hie. Dêr wiene hja dan wol in goed ûre mei ûnderdak, mar neitiid barde de feint syn sinten, acht, njoggen goune, (skjin jild boppe de kost) en koe de jonge nei hûs gean. Sels siet er altyd wol oan in ûre as tsien ta mei de boekeboel en moast dan meastal út 'en draef nei de skearwinkel om net to let to kommen...

‘Wypkje. It is al wer sneon, hin? Ja, in wike is gau om.’

‘Siz dat wol, it hat mar krekt moandei west en it is al wer sneon. Ik haw oan in ûns ljirre genôch, Kobe is sa pas nei de stêd stutsen, dy soe dêr it wykein bliuwe en Jehannes is moarn ek net thús.’

‘Bêst, Wypkje, dan hâlde wy mei in ûns op...’

Mar hwat joech it dat er him allegeduerigen tobinnen brocht hoe't it ien kear west hie? Hjir stie er yn syn nijmoadrige winkel, dêr soargen de wetten en foarskriften wol foar. Oan boppen ta mei stientsjes opset, in greate koelkast dêr't er grou twatûzen foar delteld hie, in glêzen toanbank dêr't alles yn 'e koelte stie en hwat wie 't al hielendal? In heal efterboutsje wyks!

Doe wiene hja mei har trijen as slachters. Goed, Santinga hie nea net rjocht meikomme kind, mar hy biskarrele in stik brea. Letter hiene hja him ek noch útkocht, Feenstra en hy. Utkocht!

 

Nou wiene hja togearre, mar hwa soe him útkeapje wolle? Feenstra soe' m oankommen sjen. Dy smiet it oer in oare boech en bakte sneontojouns gehakballen en karbonade foar

[pagina 11]
[p. 11]

de gobberige feinten. Men moast dochs hwat, mar wie dat wurk foar in slachter?

‘Dach frou Wuring, kom, jo doare noch wol troch dekjeld.’

‘Men moat foar de snein dochs hwat yn 'e hûs ha, nou? It is ek wolris goed om troch de frisse wyn. Mei ik oardel ûns gehak? En dan moast ik ek al hwat op 'e bôlle ha, Hindrik syn suster en de man komme moarn.’

‘Hwat moat it wêze, frou Wuring? Lever, skinke, hynsteljirre, bloedwoarst...?’

Wer twa ûns kwyt dêr't er net op rekkene hie, frou Wuring koe de bôlle mar bilizze, mar hy doarst der hwat ûnder forwedzje dat Hindrik mei fleis út 'e stêd thúskomd wie.

Hjir stie er mei syn margarine en pakjes sop foar it rút. Blikjes gehak en knackwoarst. Hjir stie er, noch gjin sechstich...

‘Wel, dêr hawwe wy Jolke, hoe is 't, heite?’

Jolke wie wol sa yn 'e pronk, de board om, in oerjas oan en in sigaer yn 'e brân.

‘Sa bêst as it kin en better kin 't net soe 'k sizze, wol?’

‘Foldocht it noch hwat yn 'e stêd?’

‘Uit de kunst. Ik haw nou it lek foun, man, ik hie der folle earder hinne moatten. Ik haw my it apesûr trape op dy smoarge bakfyts, alle dagen weroan by de doarren lâns, de iene hie dit en de oare dat. Hiele dagen yn 'e wapens en noch gjin droech brea fortsjinje. Nou doch ik acht ûren deis en freedtojouns kom ik mei grou hûndert goune skjin jild thús, dat is genôch, net?’

‘En it wurk, Jolke?’

‘Dêr stiet men earst hwat frjemd tsjinoer, mar it went gau. Hja helpe jin dêr ek fan alle kanten, hear en dan nat men gau de slach to pakken. As ik nou noch tink dat ik ris mei in bakfyts fol guod nei de Uterdiken west haw en oars neat forkocht as foar ien goune stoofparren, dan siz ik wie 'k doe lang net wiis. Ik hie der guon by dy 't my wyks in goune ôfbitellen en elke kear wol foar in ryksdaelder ha koene, dêr gyng ik dan stéfêst noch alle sneonen hinne om mar net in klant to forspyljen, ik tink nou wolris: doe hie 'k net folle forstân. Ik moast al in pear poun droege woarst ha.’

‘Dat kin, Jolke....’

Dêr stapte 'r de buorren op mei syn woarst ûnder de jas, hy seach 'm nei. Doe't Jolke syn grientewinkeltsje noch hie kaem der nea woarst binnendoarren, ien kear wyks in poun felleboel fan 'e kou, nou stiek er mei droege woarst nei hûs om yn daelderkes op 'e bôlle to lizzen.

De stêd, in fabryk... mar hy hie ommers altyd slachter west, langer as tritich jier foar himsels dien. Slachtsje die er net mear, hy hoegde gjin woarst mear to meitsjen en gjin spek mear to rikjen, alles krige er thús, mar hy siet noch altyd yn it fak...

Seis ûre, dêr kaem frou Burger noch út 'en draef oer de

[pagina 12]
[p. 12]

dyk mei de skelk foar. ‘Mei 'k in pakje “ossestaartsoep”? Ik soe 't suver al forjitte, de tiid wie my ûntkomd. Nou, jo skriuwe it wol even op, hin?’

Hy krige it boek, in pakje sop dat wie 't lêste fan 'e wike. It oerbleaune gehak lei er yn 'e koelkast, noch hwat ditten en datten kamen der by, it oare koe yn 'e toanbank. Sa, it blok noch skraebje de toanbank ôfnimme, in amerfol waerm wetter oer de flier.

 

Nei de kofje stiek er in bokje oan, krige 'r it winkel- en it kasboek om de rekken op to meitsjen. It ferge net iens safolle tiid. Mei de pinne yn 'e iene en it rikjende bokje yn 'e oare han sei er tsjin Fokje: ‘It wurdt stadichoan in koart eintsje’.

Hja seach op fan it parskilen. ‘Och, wy binne mar mear togearre, de bern binne toplak.’

‘As it sa trochgiet duorret it net lang mear dan tarre wy yn.’

‘Dêr sille wy noch mar net oer ynsitte en mocht it safier komme, wy hawwe noch hwat to yntarren.’

Hoe soe er tsjin Fokje ea bigjinne doare oer de stêd en oer in fabryk? Hy krige de krante. Hjeljoun. It pakje sop fan frou Burger soe wol in wike as fjouwer stean bliuwe... Yn 'e geast seach er Jolke de buorren opstappen, twa poun droege woarst ûnder de jas, de board om en in great sigaer oan...


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken