Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
Foar de lins (1968)

Informatie terzijde

Titelpagina van Foar de lins
Afbeelding van Foar de linsToon afbeelding van titelpagina van Foar de lins

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.33 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

verhalen


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

Foar de lins

(1968)–Paulus Akkerman–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende

Pakhúsfeint

Al fyftjin jier lang gyng Jitse alle moarnen mei de sawn-ûrebus nei Dokkum, healwei achten wie er yn it pakhús, healwei seizen kaem er wer thús. Dan hie Berber de kofje ré ta in lytse opkwikking, fuort letter skikten hja togearre oan it waerm miel.

Yn it langst fan 'e dagen hie Jitse dan noch in skoandere joun foar hannen. Dy tiid koe er sa brûke om't der altyd gâns to bistuiterjen wie. It tún ferge allegeduerigen ûnderhâld, noed en soarch. Erflik moast er op syn iepenst wêze it ûnrant foar to bliuwen, fiter en boannepoaten en hoe't alle oare tugen dan ek mar hjitte mochten, hja moasten útlutsen wurde mei blêd en woartel, soe er alteast frucht ha wolle fan alles hwat er sa soarchfâldich setten en plante hie. In oare kear krige 'r de seine út 'e forkankere stienparrebeam om it hofke yn swéën to lizzen ta kostlike wintertarring foar har pûrbêst skiep. Oan bedtiid ta wie er warber en yn 'e skrep. By it koartsjen fan 'e dagen ek likegoed, dan hie er almeast syn beuzichheit yn it skuorke of hy siet by Berber oan 'e tafel to beantsjelêzen.

 

Fyftjin jier yn it pakhús, mar doe wie de ein ek yn sicht. Noch in fearnsjier, dan soe er pensioen ha. Hwat koe er der nei útsjen, moarns net mear yn 'e bus, alle dagen by Berber thús. Né, né, hy soe syn dagen net yn liddigens trochbringe, it soe syn lêste wêze. Mar der wie safolle dêr't er nea oan takomme koe. Dêr wie it hûs, hy soe 't omraek neisjen as it aenst sa fier wie, dat er net mear it minste of geringste oan mekearde. De skoarstien moast foege, it hie mooglik al earder moatten, mar ek liet er it yn him omgean de hiele gevel fan nijs yn to foegjen, sa'n hûs seach dan daelk út hiele oare eagen. It moast ek ferve, de lêste jierren wie 't der by bleaun,

[pagina 16]
[p. 16]


illustratie
...hwat waerden dy beide minsken skriklike kjel...


[pagina 17]
[p. 17]

sels soe er it ûnder hannen nimme. It gyng hurd fan jin ôf as der neat oan dien waerd, it wachte op syn pensioen en it soe nou net lang mear duorje.

Fierder hie er hiem en hôf dat de beuzige hân frege. De fruchtbeammen ek soe er neisjen moatte om't der tofolle dea hout yn kaem. It slimste hie er op frije sneonen útseage, mar alles koe er net neikomme om't der altyd safolle wie en it pakhús hiele dagen ferge.

Noch in fearnsjier, dan soe er 'm oan gjin bus mear steure hoege, soe er net mear by de halte stean mei iten en thermosflesse yn 'e tas, soe er 'm net mear reppe hoege om op 'e tiid yn it pakhús to wêzen. Net dat er kwea fan it pakhús sizze soe, fyftjin jier lang hie er der in goed stik brea fortsjinne, better as doe't er foar himsels die, dat woe er tajaen. Mar dat er sa'n hiele dei tusken fjouwer muorren siet wie er winlik nea oan wend.

 

O, né, it wie sa slim net mear as yn it earistoan. Doe hie er faek yn bistân stien de boel der hinne to smiten en fuort to gean om't er bûtendoar wêze woe. By in boer soe grif ek wol wurk to finen wêze of oars koe er faeks wol opperje by in timmerman, hy hie sa faek yn los wurk stien.

Dy earste moannen, altyd wer hie it Berber west dy't him oamstien hie de kop der foar to hâlden. ‘Dû witst nou hwatst hast, moatst ôfwachtsje hwatst krigest, it sil wol wenne, ju’.

Nou wie er har der tankber foar. Dat it alhiel wend wie, né, mar it wie wol út to hâlden en aenst wie 't dien, noch in fearnsjier, dan koe er pensioen barre.

Hja koene net gau tankber genoch wêze. Fiif soune bern, allegaar troud, stik foar stik bêst har brea. Oer Jouke hiene hja faek yn noed sitten, it hie yndertiid sa'n nuver houtsje west en sjedêr, de jonge hie in pûnbêste môlksaek yn 'e stêd krige en hie it mooglik better as ien fan de oaren. Safolle wist men der fan. En dan, it hûs mei 't hoekje groun wie ûnbiswierre eigendom. Né, it wie har yn har trouwen net oanwaeid, it wie har net altyd foar de wyn gien, mar úteinlings hiene hja docihs de segen mei hawn, hy koe it net oars sjen. Berber en hy, beide noch sa goed en bêst en aenst soene hja pensioen ha, oer iten en drinken hoegden hja net yn noed to sitten. Berber hie 't der mar wakker oer'om by de bern lâns to útfanhûzjen, foar ien, twa dagen woe er der bêst in kear hinne, mar útfanhûzjen soe him net wachtisje kinne, der wie safolle dat de beuzige hân ferge en men net forsleaukje litte koe.

 

Moarns yn 'e bus en deis ûnder it wurk lei er by 'm sels oer hwat er skielk as it sa fier wie it earst oanpakke soe. Untskuldigjend makke 'r de bitingst der by - as ik soun bin fansels - hy woe de tiid net foarút rinne, mar hwerom soe er net yn him omgean litte hoe't er alles op 'en gaedliksten

[pagina 18]
[p. 18]

oanpakke koe? In fearnsjier wie om ear't men der erch yn hie. Hy wie 't noch net mei himsels iens oft er ek in fyftich piken oansette soe. It hie syn foar en tsjin mar hy hoegde nou noch net to bisluten, dat stik koe er letter noch ûnder eagen sjen. Mar in skiep koe der al by, dêr hie er it al mei Berber oer hawn, as er it hofke mei doel en oerlech oanpoende soe it iten jaen foar twa skiep. En fierder wiene der noch gâns mooglikheden. It eintsje sleat tusken hôf en tún soe er tichtsmite kinne as er gaedlike groun krije koe en dan....

Alle dagen hast kaem Jitse wol hwat nijs yn it sin dat er dan jouns tsjin Berber bineamde en dêr't hja dan beide oer prate koene as twa opteine bern dy't gâns goede dingen yn it foarútsicht hiene.

 

Jitse wie noch acht wiken fan syn pensioen ôf doe't it brief út de stêd kaem hweryn't er frege waerd tsientûzen goune jild to biteljen om 't it mei Jouke syn saek faeljekant forkeard komd wie. Hwat waerden dy beide minsken skriklike kjel, de hiele nacht gjin wink yn 'e eagen, al sei Jitse ek oanienwei ‘dit moat in forsin wêze, Beirber, dit kin net, Jouke hat in saek dy't klinkt as in klok’. It ferge in frije dei en in stêdsreis. Doe die it bliken dat it gjin forsin wie, dat it wol koe en dat Jouke syn saek bileaven net klonk as in klok mar dat er oan it wyt fan 'e eagen ta yn 'e skuld siet en heit wie boarch foar tsientûzen goune.

Hwat wiene dy beide minsken slim tolider slein. ‘Hoe moat it nou, Jitse?’ Alhiel foaroer siet eor by de tafel, de ilige hannen tusken de knibbels, alle moed en kriich wiene him ûntstoarn en mei lijen brocht er út ‘it hûs sil op buorden moatte, oars is der gjin forwin’. It brocht alve tûzen op, hja rekken noch mei de hakken oer de sleat, mar hiene gjin hûs en groun mear.

 

De deis dat Jitse fiifensechstich waerd forfearen hja nei de buorren en krigen in keamer yn 'e Bargesteech.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken