Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
Foar de lins (1968)

Informatie terzijde

Titelpagina van Foar de lins
Afbeelding van Foar de linsToon afbeelding van titelpagina van Foar de lins

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.33 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

verhalen


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

Foar de lins

(1968)–Paulus Akkerman–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende

De hurdrider

Soest dat nou wol dwaen, Wobbe?’ frege Berber foarsichtich. ‘En hwerom soe 'k it net dwaen?’ sei er lêbbich. Hja hâldde har fuort stil, as er sa bigoun wie der gjin praten tsjin, hja hiene net om 'e nocht langer as fjirtich jier troud west.

Der stie in riderij foar feteranen yn 'e krante en Wobbe wie net to hâlden.

‘Dat ik gjin jongkeardel mear bin wit ik sels ek wol, mar moatst net forjitte, ik ryd dêr tsjin myn gelikens. Dy't fan myn jierren binne doar ik it noch tsjin op nimme, dat wik ik dy. Hjoed streke ik Oebele en it wiif noch foarby, dy binne noch gjin fyftich en ik ried ek noch kalm oan’.

[pagina 22]
[p. 22]

‘Ik woe sa graech datst it net diest, ast ûngemak krigest..’

‘Sa kinst altyd wol, dan ried der net ien mear en hwerom soe 'k ûngemak krije?’

Berber suchte en liet it der by, hy woe wer gjin reden forstean. Wobbe wie alhiel op ien ein. De jierren foelen wei, wie er niet ris út Aldtsjerk mei de earste priis thús komd? Hie er der op 'e Lemmer net ris sechtsjin ôffeegd? En hoe hie eir net ris to Dokkum riden?

As wie it juster bard sa klear en dúdlik seach er alles noch foar him. De weagjende flaggen, it folk op 'e bybaen, de mannen fan it fanfaerje. En dan de lêste reden om priis en preemje yn 'e hurd oanskimerjende joun. De minsken trije rigels tsjûk efter de touwen. Dan de tosken opinoar, noch ien kear alles op alles sette. Neitiid efter it korps oan nei de buorren en priisútdieling op 'e seal.

‘Ik sil nei Douma to freegjen hoe't ik to reizgjen ha, ik tink hast dat ik yn 't Hearrenfean oerstappe moat’.

Hy skeat yn 'e jekker en socht om syn pet, skodholjend seach Berber him nei en winske sa dat alles mar to'n bêsten biteare mocht, keare koe hja him doch net.

 

Optein kaem Wobbe wer thús, Douma hie alles op in briefke skreaun. ‘Ik moat mei de kertier oer tolven bus, yn it Fean haw ik in kertier tiid en goed ien ûre bin 'k toplak, moaijer kin 't net, oan healwei twaën ta is it oanjaen. Wy moatte moarn mar yntiids ite mei't ik yn 'e kertier oer tolven bus moat. Du moatst tinke...’

Berber liet 'm prate, dy man wie alhiel oeral, hja winske sa dat der gjin dalje op komme mocht.

Hja fornaem wol dat er mar min yn 'e sliep komme koe, oanienwei omkeare en woele.

It wie noch roetnacht doe't er der al wer ôf wie. Hy hie noch mar amper de klean oan, fuort mei de bleate holle nei bûten, toe mar, toe mar.

‘It waer jowt 'm net sa slim oan, Berber. Ik soe wol sizze it hat gâns ferzen, de loft is sa klear as in gril, mar gjin wyn, moai winterwaer’.

Hja sette de kachel iepen en théwetter op. Hoe soe hja op bêd bliuwe kinne as dy man troch it hûs ware?

Hja sei noch al ‘hwat bimaelst om der nou al ôf to kommen, wy kinne ommers neat bigjinne yn neare nacht?’

‘Moatst net forjitte dat wy oerdei hwat earder ite soene. Moarns let, de hiele dei let, dat witstû ek wol. Ik moat myn redens noch neisjen, der sil oars ek noch wol hwat wêze en alles nimt syn tiid’.

Op Wobbe' oanstean sieten hja njoggen ûre oan 'e kofje, as er syn sin krige hie soene hja tsien ûre al iten ha, mar Berber wie der ek noch.

 

Foar tolven stiek er al ôf, in mûtse oer de earen, de redens

[pagina 23]
[p. 23]

ûnder de earm. Tweintich menuten klomme 'r yn it bushokje, oanienwei seach er op it heloazje, sa'n bus soe dochs net troch wêze? Mar alles kaem goed, yn 't Hearrenfean bifoun er it sa't Douma it op it briefke set hie en goed ien ûre striek er prústich de jachtweide yn fan ‘Landmans welvaren’ dêr't er 'm oan to jaen hie. Dêr trof er kunde fan fjirtich jier lyn. Mumsterjend en twivelriedich earst namen se inoar op. Ien frege: ‘Binne jo ek noch famylje fan Wobbe Terpstra?’

‘Wel man, dat bin 'k sels.’

‘Hoe is 't mooglik, hoe is 't mooglik!’ Dat wie in wersjen en in opheljen fan âlde forhalen. ‘Witst wol...?’

 

Hoe kibich as dy mannen nei it iis stieken. De kleurige flaggen weagen guodlik yn 'e sigen út it easten, de winterske sinne sloech fûnken út it koper fan it fanfaerje, der ried folk op 'e bybaen, de jierren foelen wei.

Hja wiene mei har seizen boppe de sechstich en wiene earst oan bod.

‘Terpstra - Kingma’. Dizze Kingma koe er net, hy wie grif wol in pear jier jonger, it sei fansels net alles, mar it koe al skele. Trille er nou? Dat kaem fan 'e kjeld, hwer soe 't oars fan komme?

‘Ien... twa... Né, né, Kingma, sa kinne wy net, jo moatte tiid dwaen.’

Kingma streke wer nei de miet. ‘Klear? Ien, twa, los!’

Hja rieden, op 'e bybaen geide in heech fammelûd, ‘moatst dy âlde mannen ris sjen’.

 

De heale baen bleauwen hja kamp, doe rekke Wobbe foar, ûnder jûchhei ried er oer de streek. It hert sloech him wyld, it kaem net allinne om't er Kingma der ôfriden hie, it soe de ûngewoante wêze.

Ek de twadde kear bleau er Kingma baes. Dy brocht it op syn rimmetikige skonk. ‘Krekt de lêste dagen wol er it wer witte’. Stiif en kerbintich, mei triljende hannen, 'boun er 'm ôf.

Wobbe en Hosper bleauwen oer. Om priis en preemje! De earste reed wie foar Hosper, doe die Wobbe it festje ek noch út. As er healwei de baen net skampt hie...

‘Ien, twa, los!’ Hja setten alles op alles en wiene oaninoar weage. Hja makken mar och sokke koarte streekjes en bleauwen kamp. En sjedêr, de lêste meters rekke Wobbe foar, ek mar krekt, mar as earste skeat er oer de streek. Hosper praette fan in knik yn 'e rêch. Hja krigen tiid justjes to bikommen. Wobbe neamde syn skampen fey de earste reed.

Trillen him de skonken? Koe er de hannen ek net stilhâlde? Ei kom, hwat soe't wêze? Hy naem syn breiden mûtse ôf en fage nei 't swit. Yn elk gefal soe er mei in priis thúskomme, as it heal koe mei de earste en oars mei de twadde.

De tredde loop. Nou soe er, nou soe er..! Hosper wie foar,

[pagina 24]
[p. 24]

mar hja wiene der noch net, hy helle 'm yn, toe nou, toe nou.

Ynienen sloech er frjemd mei de earmen, it waerd him swart foar de eagen, hy seach gjin baen en gjin iis mear.

 

Yn 'e tinte kaem er wer by en seach dwyl om him hinne. Hy joech 'm oerein. ‘Mar kalm oan’, warskôge in man dat in dokter blykte to wêzen. Yn dokter syn auto waerd er nei ‘Landmans welvaren’ brocht, biskamsum siet Wobbe efteryn. Forûngelike sed er ‘my mekeart neat, it hat in bisetting west, oars net as in deagewoane bisetting’.

Yn 'e jachtweide waerd Wobbe de twadde priis útkeard, fjouwer briefkes fan tsien.

Mei in triljende hân naem er se oan, knoffelich stiek er se by him.

‘Nou geane jo mei in auto nei hûs, út noch yn net mei de bus.’ ‘Gekheit’, bearde Wobbe, ‘ik bin sa bêst as ien, mar as jo it sa ha wolle.’

It skeat Berber der fan yn 'e skonken doe't der in auto hâldde, mar lokkich, lokkich, Wobbe stoep der út. Hja stie al healwei it gonkje doe't er ynkaem en frege ‘hoe is 't?’ Hy joech der gjin antwurd op mar sei,'hjir komt in priiswinder oan!’

Doe't er roungear en triljend by de kachel siet sed hja ‘hast dy bringe litten?’

Hy joech 'm hwat oerein. ‘Hwat soe 'k yn dy bussen to knoffeljen? Yn 't Hearrenfean moast ik wol grou tweintich menuten wachtsje, ik sei ‘gjin gesûs, skilje my in taksy, it stiet my net oan 'e sinten.’ Hy liet 'm wer efteroer sakje. In skoft letter sei er ‘dû moatst tinke, Berber, ik rekke de lêste kear yn in barst oars hie 'k dy Hosper der ek noch ôfjitst....’


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken