Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
Foar de lins (1968)

Informatie terzijde

Titelpagina van Foar de lins
Afbeelding van Foar de linsToon afbeelding van titelpagina van Foar de lins

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.33 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

verhalen


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

Foar de lins

(1968)–Paulus Akkerman–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende
[pagina 28]
[p. 28]

Oan 't wiif

Ik wol noch oan it wiif’, sei Hindrik dy jouns. It wie sa klear as glês dat er der och sa tsjinoan sjoen hie der oer to bigjinnen, dêrom kaem er der sa nuveraerdich en ûnforsjoens mei oan.

Reimer seach op fan it ierappelskilen en sei: ‘Dit hie 'k de iene as de oare kear noch wol forwachte’, mear net, Hindrik soe fanwegen komme moatte.

Hja wiene broers, Reimer wie twaënfjirtich, hy stie as opperman to boek, boppedat koe er 'm linich rêdde mei hammer en seage, der wie net iens safolle wurk dêr't er 'm net mei rêdde koe, dêrom hie er ek altyd oanslach. It tún wie foar Hindrik. In rêst fruchtbeammen, gâns griente en in tomatekas. Hindrik wie achtentritich, hja wiene togearre bleaun doe't har mem der by weistoarn wie, hja koene meiinoar lêze en skriuwe en nou hie Hindrik it oer in wiif. It like hast dat er 'm ûntskuldigje woe. ‘Wy hawwe it nou noch moai, Reimer, mar op 'en dûr twa manlju allinne, dat falt net ta’.

‘It is ek sa, Hindrik, dêr hast gelyk oan, jonge’.

Hy hie forwachte dat Reimer der hwat tsjin ynlizze soe, dêr hie er 'm op klear makke, nou joech er'm yn alles gelyk, hy wie der suver mei oan. ‘Ik bin noch gjin fjirtich, Reimer, ik haw goed myn brea, it libben hoecht dochs ek net oan my foarby to gean, wy kinne noch wol in húshâlding krije’.

‘Jawis wol, jonge, mâlle skoan.’

Hindrik bigoun rêdder to praten, hy helle de âldelju der by oan. ‘Mem soe ek bliid west ha as hja dit noch bilibbe hie, hwat hat hja der ús yndertiid net faek op oanstien om to trouwen. Mar dû kinst lansels by ús bliuwe, Reimer, dû hoechst net om in hinnekommen to sjen’.

Doe earst hâldde Reimer op fan skilen en frege: ‘Hwa is 't?’

Hindrik seach sahwat yn 'e krante en suver mei de eagen foardel sei er: ‘It is Richtsje fan Simens Sjoeke’.

Reimer sei it him nei. ‘Richt fan Simens Sjoeke, al hwat ik tocht hie, dit net. Dû bist âld en wiis genôch, Hindrik, silst fan my gjin sizzen ha wolle, ik wit ek net hoefier ast al mei har ynsyld bist, mar ast dy hjir yn 'e hûs hellest gean ik der út, dat kin 'k dy nou al wol fortelle’.

‘Hastû hwat op Richtsje tsjin?’

‘Nou moatst net lilk wurde, Hindrik, ik wol dy to'n bêsten riede, fierder moatst it suver sels witte. Dat hja sa tanich is as in oerjierrige ielreager wol 'k noch net iens hwat fan sizze, dat sjocht elk. Mar astû dy kaptein hjir binnendoarren hellest hast oars neat mear yn to bringen as lege briefkes. Hja aerdet har mem, Hindrik, dat âld karonje. Ik wol in oar net birabje, mar moatst my fortelle hwa't Simens Sjoeke is. Simen, de âld

[pagina 29]
[p. 29]

swalker hat langer as fjirtich jier in lot by har hawn, hja stjûrde 'm mei de eagen. Richt is mei 't selde sop bigetten en dêr soestû dy oan oerleverje? Ik woe dy wizer ha, Hindrik’.

‘Mar sa is Richtsje net’.

‘Sa sil hja har net foardwaen, dat is har wol tabitroud. Fan it âld wiif silst wol let en set wurde, dy wit net hwat har oerkomt dat Richt noch oan 'e man rekket en sa'n moaijen hael docht, mar o goede as jimme ien kear nei it gemeentehûs west ha’.

‘Sjoeke is lang sa raer net as de lju altyd sizze...’

Kjel hâldde Reimer op fan skilen. ‘Hat de âld tange dy al bilêzen? It is it ûnmooglikste minske dat hjir yn 'e buorren op twa skonken omstrampelt en Richt is har út 'e bek snijd. Nou witst hoe't ik der oer tink, ik wol der út noch yn gjin spul om ha, dû dochst mar hwatst net litte kinst. Ik wol wol alleafst yntiids witte hwannear't jimme trouwe, dan kin 'k om in kosthûs sjen’.

 

De forkearing bleau oan mar Reimer hâldde wurd en lei Hindrik gjin striebré yn 'e wei. Hy neamde gjin Sjoeke noch Richt, hy hie de jonge warskôge en sein hoe't er der oer tocht, dêr hie sa'n Hindrik rjocht op, fierder moast er it suver sels witte.

It kaem sa fier dat Hindrik Richtsje ris meinimme soe. ‘Om nou mar krekt to sizzen hoe't it is, om maeije hinne wolle wy mar trouwe, hwer sille wy langer op wachtsje?’ Hindrik gyng nochris yn 'e pleit dat Reimer by harren yn bliuwe soe, mar dat wiene wurden om 'e nocht. ‘Bêst oanbean’, sei Reimer, ‘mar dêr binne wy oer ôfpraet, ik haw ek al fûken útset, ik kin by Haring en Tryntsje yn 'e kost komme, mar dêrom kinst Richt bêst ris meinimme’.

Reimer hie de kofje ré en it sneinske théguod op 'e tafel. Richt waerd fan him ûntfongen, net oars as wie it in hege gast. Hy sei der net iens hwat fan doe't it sleau frommis Hindrik út en troch by de hân krige en ‘Henk’ tsjin him sei. Dy tutteblei siet op 'e stoel to draeijen as wie hja tweintich ynsté fan fiifentritich, dêr soe dy earme jonge nou it libben mei troch moatte, mar hy die 't himsels oan. Hy hie 'm warskóge, fierder soe er him der net oer útlitte as er it moai foun of net.

‘Richtsje noch wol in kopke kofje, tink?’

‘Nou it is och sa lekker, noch in lyts bytsje dan, ik moat hwat om myn “lijn” tinke’.

Soe men nou net? Dêr hong my dat breedheupich frommis op 'e stoel en hie 't oer har lijn. It wie my de lijn wol! De jongelju moasten fansels it hûs ek troch, oan 't alkoof ta.

‘Jimme falle mei it gat yn 'e bûter’, sei Reimer, ‘it bêd is foar jimme opmakke, jimme fine net gau in better ûnderhâlden hûs as dit’.

 

Mar de oare deis ûnder iten sei Hindrik: ‘Richtsje wol noch al hwat oan it hûs foroare ha’.

[pagina 30]
[p. 30]

Reimer draeide in ierappel yn it fet en sei tusken twa happen yn: ‘O ja?’

‘Hja wol it alkoof by de keamer ha en dêr in sitsje fan meitsje ein boppe twa sliepkeammerkes’.

Soe men nou net? Dêr praette my dy jobbe fan in Hindrik oer in ‘sitsje’, it wie al fier mei him komd; dat in mins sa syn eigen ûngeluk tomjitte rinne koe.

Hindrik wie noch net útpraet. ‘Kinstû dat net foar ús yn oarder meitsje, Reimer?’

Mar dat wie tofolle frege. ‘Jimme dogge mar hwat jimme net litte kinne, mar ik sil der net oan meidwaen, dêr moatst goed om tinke’. Hindrik gyng nochal yn 'e pleit mar Reimer liet 'm net bilêze.

‘Richtsje wol graech dat it foar ús trouwen syn bislach kriget’.

‘Dat wol 'k bêst leauwe, jonge, jim kinne jim dan moai yn it sitsje deljaen’, sei Reimer spotsk, mar Hindrik gyng nei de timmerman. Dy kaem al gau om alles op 'en krektens op to mjitten en út 'en rûgens út to rekkenjen hoefolle jild it fergje soe. It foel smoarch ôf, mar Hindrik sei: ‘It moat mar oangean, ik trou mar ien kear wolle wy hoopje’.

 

Hja stelden tiid en dei, mar twa dagen foartiid brûzde Hindrik de keamer yn mei de útrop: ‘It is út!’

Reimer sprong der fan oerein, alhiel forstuivere fan dat goede nijs. ‘Hindrik, jonge, hoe hast dit hawn?’

‘Richtsje woe Sjoeke by ús yn ha’.

‘Sjoeke by jimme yn’, sei Reimer yn ôfgrizen, ‘dan hie dyn lot folslein bisegele west’.

‘Ik haw de timmerman ôfsein’.

Mei tagedienens naem Reinder him op. ‘Dû bist troch it oes fan in nudle gien’, sei er. Fuort letter sieten beide bruorren yn greate iensens elk oan in kant fan 'e tafel. Hja fierden dy goede ôfrin och sa feestlik mei in lyts romerkefol.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken