Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
Foar de lins (1968)

Informatie terzijde

Titelpagina van Foar de lins
Afbeelding van Foar de linsToon afbeelding van titelpagina van Foar de lins

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.33 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

verhalen


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

Foar de lins

(1968)–Paulus Akkerman–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende

De nije went

Hoefaek hie Goffe by de wentekommisje west? Net to sizzen. Sa moai trou wie er de lêste twa jier forskynd as dy mannen om 'e safolle tiid har gearsit hiene yn it ôftanke skoallokael. Bûtendat hie er by de leden stik foar stik op 'e stoepe stien en jounen by de lju ynein brocht om har mar goed op it hert to binen dat hja sa'n skrikliken forlet fan in oar hûs hiene. Hy hie de foarsitter en de siktaris alris fan 'e dyk roppen en yn 'e âld keamer twongen dat dy lju mei eigen eagen sjen koene hwer't hy en Frouk mei har trije lytse bern troch 'en dei forkeare moasten. Sawol de iene as de oare joech folslein ta dat it ryklik bihelpen wie, mar fregen tagelyk fan Goffe om yn to sjen dat it foar har ek net maklik wie om't der safolle op 'e list stiene dy't hielendal gjin hûs hiene.

Goffe woe dat wol ynsjen, Frouk ek wol, hwant kwea wiene

[pagina 35]
[p. 35]

se net. Mar wol hâldde hja Goffe foar dat er oanhâlde moast, oars soe it wêze kinne dat hja forgetten waerden, dat moasten hja foarkomme.

Dêrom miste Goffe net faek yn it âlde skoallokael. Hoe't er der altyd efterkaem dat de mannen wer rieplachtsje soene, wist net ien, mar hja rekkenen der al op dat er wer hoasfuotling troch de doar komme soe en mei syn ribbeltsjepet yn 'e hân syn preuvelemint dwaen dat hja al út 'e holle koene. Mar de leden fan 'e kommisje wiene in lankmoedich folkje. Hja wisten mar al to goed dat hja mear miggen fongen mei sjerp as mei jittik, hja brochten dat ek yn praktyk en bifounen har dêr goed by. Goffe waerd fan har ‘Groenewoud’ neamd, hoe soe it him net flaeije dat er fan 'e kommisjeleden mei achting bihannele en bijegene waerd? Elke kear sei de foarsiitter rejael ta dat syn saek har omtinken hie, mar dat de wâl it skip kearde en, hja ek gjin izer mei hannen brekke koene.

Sa bimoedige bijoech Goffe 'm dan mar wer nei Frouk yn 'e âld keamer dy't ienris de foarein fan in pleats west hie. Trou bnocht Goffe elke kear wiidweidich forslach út hwat de mannen krekt sein hiene. It koe hast net oars, Frouk kwikte der ek fan op. Mar doe't der mar nea gjin foroaring kaem woe hja ha, dat er him ris mei boargemaster forstean soe. Goffe woe 'm der earst foarwei wine mei it sizzen: ‘It is by de kommisje yn goede hannen’.

Frouk ûntstried him dat net, mar sei al: ‘Boargemaster is mear as de kommisje’.

Goffe woe 't har gjin ligen hjitte, dêrom sei er ta: ‘Dan sil 'k dêr ris in slim set fan ha moatte’.

 

En sa die er syn forslach by mynhear yn 'e greate hege keamer. Mynhear praette ek al fan Groenewoud en sei him hoe it nou krekt om en ta gyng mei it tasizzen fan wenten. ‘B. en w. hawwe it lêste wurd, dat is yndied wier, mar wy litte ús foarljochtsje en adviseare fan 'e pleatslike kommisjes, dy lju binne better mei de tastannen op 'e hichte en witte hwa't it measte forlet fan in hûs hat. It sil dan ek net licht foarkomme dat b. en w. bûten it advys fan in kommisje omgeane. Wy kinne it fansels dwaen, mar it is bûten de regel. Komt der hjoed of moarn in advys fan jimme kommisje om jo dat en dat hûs ta to wizen, dan sille b. en w. jo neat yn 'e wei lizze of der moasten al oerwegende biswieren wêze’.

Doe wist Goffe dat ek mar wer. Hy bitanke boargemaster allerhertlikst foar syn ynljochtings en stiek nei Frouk om to sizzen hoe't it siet. Dy wie fansels ek al bliid mar sei letter al: ‘Nou binne wy winlik noch net iens safolle fierder’. Goffe woe it har ûntstride en sei dat hja boargemaster op 'e hân hiene, der 't it altyd better om wie.

Fierder wie 't doe earst wer ôfwachtsjen en o wûnder, net iens sa hiele lang nei dat ûnderhâld mei boargemaster, dêr kaem de foarsitter fan 'e kommisje troch de doar. Dat wie

[pagina 36]
[p. 36]

Dykstra, dy't al in jiermannich oan it streekje sitten hie to rintenierjen. Dat wie in waerpraetsje en hwat doarpsnijs, mar doe't er in kear opdronken hie sei er: ‘Jimme moatte der noch mar net fan prate, mar jimme steane op nûmer ien fan it listke foar de nije gemeentewenten. It skriuwen is al fuort dat yn 'e rin fan nije wike sille jimme de forgunning wol yn 'e hûs ha.’

 

Heden, heden, hwat stie dat der by. In nije gemeentewent, altyd al wie Frouke bigearen dêr nel útgien, it wie hast mear as hja op tidigje doarst hie en nou dochs. Dykstra krige fuort in segaer, mei minder koe 't ek al net ta. Dy man slet der ek noch in skoftke alleraerdichst, by it fuortgean sei er nochris: ‘Hjir moat noch mar gjin praet fan’. Né fansels. Mar wie it wûnder dat dy beide minsken har de wrâld to ryk wiene? Gjin lekkerij en bihelpen mear, gjin flier mear dêr't hja trochtrapen, yn ien wurd hja soene deagewoan yn in oare wrâld komme.

Nei de earste opstiging sei Frouk: ‘It sil wol jild fergje, sa'n hûs moat ynrjochte wurde, der moat hwat oer de flierren en foar de ruten’.

‘Dat moatte wy der foaroer ha’, sei Goffe greatmoedich, dêrnei gyngen hja sa wûnderlik iens op bêd dat it in aerdichheit wie en koene mar amper sliepe om't har oanienwei hwat nijs yn it sin kaem fan it nije hûs.

 

Trije dagen hâldden hja it deastil, doe koe Frouk it net langer prangje en forstie hja har mei Kleefstra, dy't in great winkel hie mei fan alles en huzen ynrjochte.

‘Jo moatte goed bigripe, der mei út noch yn gjin praet fan...’

‘Jo hoege nearne oer yn to sitten, Froukje, ik swij as it grêf. Mar jo hawwe der forstannich oan dien nou al to kommen. As dy oare wenten aenst tawezen binne, komme hja allegear tagelyk, nou binne jo earst. Ik haw al safolle fan dy wenten ynrjochte, alle maten fan ramen en flierren haw ik to boek, ik kin jo op 'en krektens sizze hoefolle as jo ha moatte. Mar witte jo hwat? Joun kom ik oan en nim de stalen mei’.

Koe 't moaijer en better? De hiele joun gyng der mei ynein. Kleefstra stalde mar út, hy rette ta bêstens en gûchele mei sifers en prizen. Hja krigen al foar it forstân dat it groujild fergje soe, mar Goffe sei dat hja it nou om 'e lêste fyftich goune net bidjerre moasten. It wie al oer alven doe't Kleefstra oerein gyng.

Hy hie in goede bistelling yn it boekje en sei ta dat er gordinen en kleden sa gau mooglik meitsje soe.

Noch in wike hâldden Goffe en Frouk dat swier geheim foar har. ‘Ik biet my leaver in stikje fan 'e tonge, as dat ik it útbringe soe’, sei Goffe.

Doe waerd it rjochtber dat der trije fan 'e fjouwer nije gemeentewenten tawiisd wiene en hwa't der ynkarnen. De fjirde

[pagina 37]
[p. 37]

soe dan foar Goffe en Frouk wêze, mar dy goede minsken hiene noch altyd neat swart op wyt.

De freze sloech Frouk om it hert. ‘Soest der ek efteroan moatte?’ ‘Kalm bliuwe’, hjitte Goffe, ‘moatst dy net sa gau oerstjûr meitsje, wy witte hwat wy witte’.

Dat wol ja, mar noch in wike letter waerd der foar wier forteld dat in amtner fan 'e siktarij yn 'e fjirde gemeentewent kaem.

Frouk stie op 'e skonken to triljen doe't it har oanbrocht waerd. En Goffe? Langer as twa jier hie er goed west en mei de pet yn 'e hân stien. Wie it sa'n wûnder dat it bloed him doe sûpe waerd? Op 'e klompen stie er by Dykstra yn 'e gong, de fûsten omheech en it wyt fan 'e eagen foar. Sels dat mocht net bate. Hja soene har noch hwat mei de âld keamer geneare moatte. Wol krigen hja tasizzing dat der om har tocht wurde soe.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken