Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
Foar de lins (1968)

Informatie terzijde

Titelpagina van Foar de lins
Afbeelding van Foar de linsToon afbeelding van titelpagina van Foar de lins

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.33 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

verhalen


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

Foar de lins

(1968)–Paulus Akkerman–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende

Húshâlding

Binderts Klaske hie in holle as in pioen en wie sa wurch as in maits. Hja hie souderhimmele en der trije bêdden út hawn. In hûdfol wurk, mar de boel moast syn gerak ha, dat koe nou ienkear net oars. Net dat der oan dy hiel âld souder folle eare to biheljen wie, o heden né, mar hja koe 't spul net oerkomme litte. Hja hie it lokkich net sa slim troffen mei it waer, dat hie der ek noch bykomme moatten, dan hie der alhiel gjin riedensein oan west. Trije bêdden tagelyk kaem winlik bot genôch oan, hja wie der yn ien kear ôf fansels, mar sa'n dei moasten der bileaven gjin tsjinslaggen komme. Mar toe mar, nou ja, it waer hie 'm goed hâlden, hja hie wol hwat mear sinne ha wold, mar men koe ek net alles bigeare. En fierder? De ierappels oanbrând en de brij oerflein, Bindert in min sin. ‘Wol dan ek net alles tagelyk’, grânzge 'r en seach as in ûle. Welja, Bindert koe 't moai bitinke, hja hie mar ien pear hannen en koe net boppe en ûnder tagelyk wêze, dat hie hja him ek om 'e noas wreaun. Hja wist wol, dat Bindert in hekel oan himmeljen hie, sa wiene dy healwize manlju. Alles moast foaral op ûre en tiid, der mocht bileaven neat oeral lizze, mar as hja joun kreas forklaeid by de tafel siet soe er wol bikomme.

It wie al wer letter wurden as hja tocht hie. Trije, fjouwer kear koe hja fan boppen komme om't der ien mei in sintersk boadskip by de doar wie. Nei iten hiene de bern it yn 'e kant set, hja hie der ynfeegd, in mins koe ek net alles fiterje, it hâldde ien kear op. De jonges hiene har ôfjown, doe wie der mei de famkes neat mear to rêdden.

Mei it lege thékopke yn'e hân bleau hja noch drôgjend sitten. It gyng har noflik troch alle lea. Dy âld souder

[pagina 38]
[p. 38]

ferge altyd wer mear as men tocht, hja winske wol dat hja der fan forlost wurde mocht en in oar hûs bikomme. Bindert seach der noch altyd wakker heech by op, hy wie hjir great wurden. Hwat in jild hie 't sa foar en nei al net ferge, hwat hiene hja der net allegear oan dien, mar it bleau in âld hûs mei gatten en gloppen en de souder wie faeks noch it allerminste.

Mar ynearsten wie hja der wer ôf, it hie gâns swit frege, reagje en dweilje, de hannen wiene har wreed en rou, men moast der hwat foar oer ha, woe men it tominsten in bytsje knap hâlde. Hja suchte swier, de raflige kokosmatten hie hja sa goed as it koe mar wer toplak lein dat de âld planken tominsten hwat út it sicht wiene. Hjir en dêr'hie hja se ek noch hurd en gau hwat oaninoar helle, nou wie 't wer kreas. Mar hoe hate hja dy souder en it hiele âlde rottekleaster fan in hûs. Bindert wist ek noch net heal hoe wurksum as it wie.

 

Kjel seach hja nei de wekker, nou wie de tiid har nochris ûntkomd. Aenst wie Bindert thús, dan moast hja de kofje en it brochje-iten klear ha. Yn it sliepkeammerke dat buorman yn liddige jounsskoften yndertiid foar har timmer hie, wosk hja de gleone holle, spielde hja de stoffige earmen. In boarstel troch it hier, skjinne hoazzen oan, in oare jurk oer de holle. Sa.

Né, de wurgens wie noch net fuort, mar it fielde daelk sa'n hiel ein oars en it like gâns better.

Hja rôp de famkes fan 'e dyk, dy skraeldingen hiene al to lang bûten west, hja koe ek net oeral om tinke.

‘Mem, Yfke hat in wiete broek’.

Ek dat noch. ‘Hie dan ek earder thús komd, dat haw ik jim nou sa faek al sein’.

Dat earst ek noch mar, it stumper koe 't hiele skoft sa ek net omrinne.

Yn 't kokentsje feegde hja in bôlle fan plaske ta plaske. Wytse soe by har lâns snjitte yn 'e hûs, mei in skyn each seach hja dat er syn buiske fan boppen oan 't ûnderen ta opskuord hie. Mei de breaseage noch yn 'e hân stie hja foar him. ‘Sjoch my dat nouris oan, men is bliid dat jim hwat hiel en knap op 'e dyk komme kinne en komst my hjir sa thús. Hoe hast dat hawn?’

‘Dat wit ik net’.

Dit wie tofolle. Sok grouwélich ligen, de hiele dei souderhimmeljen woech har ynienen wer swier op alle lea. Hja ûnderhelle de hân en joech 'm in slinger oan 'e earen. ‘Ja, moartsje, dat kinst, mars, yn 'e hûs!’

Dêr soe hja jouns wer mei bisteld wêze, dy rosbeijers fan jonges tochten nearne net om. Wrimpen en grimmitich smarde hja de broggen fan 'e bern.

Bindert sette de fyts tsjin 'e muorre. Mei in skean each nei de bôlleboel op it oanrjocht sei er: ‘Kinne wy daelk ite? Ik woe aenst noch in eker hakje’.

Welja, ek noch mar driuwe, dat koe der noch krekt by. ‘Ik

[pagina 39]
[p. 39]


illustratie
...omkoal dyste biste, út dy krous en hurd...


[pagina 40]
[p. 40]

bin daelk klear’. Hja woe net snauwe, mar Bindert tocht grif dat hja tsjoene koe.

Doe't hja mei it iten yn 'e hûs kaem siet er sahwat heal op 'e stoel mei in krante, der ûntkaem him gjin wurd, mar oan alles wie to sjen dat er sizze woe: nuver dat de boel wer net klear is. It kaem noch net iens by him op Yfke de slabbe foar to dwaen. Handich en redsum sette hja de boel toplak. ‘Bern, rin my net foar de fuotten en gean sitten. Hwer soe Andrys nou wer úthingje. Wytse, hastû 'm ek sjoen?’

‘Né, fansels’, sei hja ûnreedlik. Bindert seach op út 'e krante. ‘Sjochris as er ek op 'e buorren is, mar hurd, tink der om’.

Mei in los boppest op 'e klompen ratele Wytse de steech út. Hymjend kaem er werom. ‘Der wie net ien’.

 

De iterij forroun swijend. Hast forwitend seach Bindert út en troch nei de klok en nei it boardtsje mei iten fan Andrys. Welja, wrokke Klas, dat soe har skuld ek wol wêze, hja soe der ek noch wol foar soargje moatte dat de jonge op ûre en tiid thús wie.

Hja hiene it hast al op doe't hja hwat yn 'e steech hearden. ‘Dêr is Andrys’, sei Wytse. Hy hie gelyk, Andrys kroaske troch de sketsdoar, helpleas bleau er efterhûs stean, oan 'e hals ta hie er der ynsitten, de blaumodder yn it hier, it wetter yn 'e learzens.

Klaske spatte oerein en brûzde nei bûten, de hân omheech. Mar mei't hja dat wite, bange gesicht fan it jonkje seach, boun hja yn. Hja skodde 'm allinne forheftich trochinoar en fûtere: ‘Dat hast moai opbrocht, omkoal dyste biste, út dy krous en hurd!’

Mar doe't dat jonkje spierneaken en triljend yn it kokentsje stie, bigreate it har bot, al hoe't hja ek hoffene.

‘De nachtklean oan en ite!’ Hja smiet de wiete bringst yn in amer en stiek der mei nei de wâl. Ien stik blaumodder.

Hwat in joun! De bern fiersten to let op bêd, Bindert dwars en forkeard om't er by syn doel trochrekke wie.

Einlings kaem hja to sitten mei Wytse syn buiske op 'e skoat. Stûmjend siet er foar har oer efter de krante, yn in broeisk swijen. Doe't er einlings oerein gyng en op bêd soe, doarst er ek noch to sizzen: ‘It wie oars sok moai waer to hak jen, mar ja...’

Klas trille fan lilkens, hja biet op 'e tosken, de triennen sprongen har yn 'e eagen. Hja bûgde djip oer it buiske en sei: ‘Dû moatst in pak op 'e hûd ha, witst dat wol?’

Forstuivere stie er oer de flier, net oars as hie hja him in draei om 'e earen jown.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken