Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
Foar de lins (1968)

Informatie terzijde

Titelpagina van Foar de lins
Afbeelding van Foar de linsToon afbeelding van titelpagina van Foar de lins

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.33 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

verhalen


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

Foar de lins

(1968)–Paulus Akkerman–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende
[pagina 41]
[p. 41]

Fûgeltsjes

Gabe hie der net mei bigjinne moatten, mar fan Feikje waerd er oanset om in gazen hok efterhûs to meitsjen dêr't hja lytse fûgeltsjes yn ha koe. Dat in mins sa biseten wêze kin fan lytse fûgeltsjes! Feikje moat it skipe ha by Sinnema dy't in greate volière yn 'e tún hat mei alles der yn. Dat ding moat Feikje de eagen útstutsen ha, oars kin men it jin hast net bigripe.

‘Ast de kninen nouris fuort dochst, Gabe. Moatst nou erflik gers siikje en mjoksje, it ferget pakken strie en hwat smite dy kninen noch hielendal op? Ut en troch in nêstfol jongen dêr't de measten fan deagean, hwat hawwe wy der oan? It is ek noch in hiele stjonkerij mei de skerneboel, wy kinne dan folle better lytse fûgeltsjes ha’.

‘Ik haw wolris oan postdouwen tocht’, sei Gabe foarsichtich. Dêr lei Feikje fuort it near op: ‘Praet my net fan douwen, in troep, oars net. Dakken, goaten, linnen en alles sit der ûnder, ien stik smoargens. Wy sille hjir gjin douwen oanhelje’.

Noch woe Gabe foar dat fûgelhok weiwine en bineamde wite mûzen: ‘Dy kin men kunstkes leare’.

Dom sizzen fan sa'n Gabe en koartsichtich praet. ‘Ik wit net hoe'st it út 'e holle stjitst, as't hjoed twa wite mûzen krigest, hast mei fjouwer wike tweintich, mei in fearnsjier sitst der ûnder en kinst net mear yn it hok forkeare. Né Gabe, hwat is der nou moaijer as fan dy lytse fûgeltsjes. It is fan dat libben, fleurich guod en sokke tankbere bistkes, in hantsjefol foer binne hja wol in wike bliid mei’.

Gabe woe ha hja seach der to ljocht tsjinoan. ‘As wy oars ris in glêzen bak mei fiskjes krigen...’. Hy hie allang foar it forstân dat hja hwat ha soene, dêr koe er al net mear foarwei, hy winske allinne noch mar dat it gjin fûgeltsjes wêze hoegden.

‘Lytse fiskjes...’, Feikje liet it yn har omgean. Hie hja se by oare lju net mear as ienkear sjoen? Jouns wiene sokke glêzen bakken forljochte, skeaten de kleurige fiskjes boartlik troch it kleare wetter dêr't hwat plantsjeguod yn stie. ‘Lytse fiskjes...’, mar nei in skoftke skodholle hja biret: ‘Dy kinne wy faeks letter noch wolris krije, it is net dat ik hwat op lytse fiskjes tsjin ha, mar sjonge kinne se net’.

‘Né’, sei Gabe, hwant hy waerd hwat koart, ‘en ek net fleane’. Feikje naem him sahwat nuveraerdich op sûnder folle mear to sizzen, Gabe wist doe, dat der oan dy lytse fûgeltsjes net mear to toarnen wie.

Ut'en rûgens joech Feikje oanwizings hoe't hja it sahwat yn 'e holle hie, fierder moast Gabe 'm der mei rêdde. It waerd in tiid- en switfergjende beuzichheit. Smertlapen oan hannen en fingers, in blauwe neil op 'e tomme. As Gabe foar in kear wer alle moed ûntsonk, hoegde Feikje allinne mar to sizzen:

[pagina 42]
[p. 42]

‘Nuver, oare manlju kinne alles’. It wie genôch om him oer it deade punt hinne to helpen, yn fortwiveling bigoun er dan mar wer.

 

Sa kaem der einlings in dei dat Gabe sei: ‘It is klear’. En wierliken, de gazen doar koe echt draeije en ek noch aerdich ticht. It kin al wêze dat Feikje har hwat in oar fûgelforbliuw dreamd hie, mar dy goede frou wist ek wol dat hja fan Gabe net alles freegje mocht, hie er har al net oan it uterste ta towille west? ‘Nou moat der grintsân yn, Gabe, dêr meije dy fûgeltsjes sa graech op sitte en hjir en dêr moatte wy stokjes hingje dêr't se op touterje kinne’. Sûnder tsjinpraten makke Gabe nochris in reis nei de timmerman, mar hy roun efter de kroade mei in gesicht fan: it komt in deabaerch op in stek net oan. Doe kaem de stêdsreis nei in fûgeltsjewinkel. Dêr koe Gabe sels de fortrietlike ûren forjitte dy't er oan it fûgelhok spandeard hie. It wie in aerdichheit sa't it dêr tsjottere, pipe en fluite, floddere en fleach. Der wiene fûgeltsjes sa lyts dat Feikje de hannen yninoar sloech en útrôp: ‘Men soe sizze hoe libje dy dinkjes en kinne se noch fleane. Mar dêr moatte wy altyd twa fan mei ha, sokken sille wier de djûrte der net yn bringe’.

Mar Gabe wie wei fan twa ljochtgrize fûgels mei in gleonreade kape. ‘Sokken haw ik fan myn libbensdagen noch net sjoen, as wiene se opferve it hoegde net oars. Sa'n steltsje moatte wy yn it hok ha, Feik!’ En de winkelman sei dat it ‘kapkardinalen’ wiene.

Hja wiene sa mar net út 'e ried. It die bliken dat dy fûgeltsjes nou daelk net om 'e nocht wiene en Feikje hie 't nochal heech yn 'e holle, hja woe der ek perfoarst in pear kanarjes yn ha, neffens har moasten it fûle brieders wêze. ‘Dy fûgels bitelje harsels om't se jongen greatbringe, it sjongen hawwe wy dan noch oer de heap’. It draeide op twa kanarjes út, twa parkiten, twa lilliputters en de beide kardinalen dêr't Gabe net ôfsjen koe. Fan 'e winkelman waerden hja allerfreonlikst toreden stien en ûnderrjochte. De kanarjes koene hja in och sa'n greate deugd dwaen mei in hurdsean hinne-aei, it bifoardere it sjongen sawol as it lizzen en brieden en hwat soe dan in hinne-aei? Fierder hie de man ek allerhande soarten fan it bêste fûgeltsjefoer. It wie nochal prizich, mar Gabe sei sa alhiel torjocht: ‘Hwa't oer de houn komt, komt ek oer de sturt. It sil nou om 'e lêste ryksdaelder net oergean’.

 

It waerd in fleurige thúskomst. As twa opslûpen bern stiene hja by it gaes en seagen nei it hâlden en dragen fan har nije oanwinsten. Dat koe ynearsten gjin sprekken lije, de bistkes sieten skrousk en bang yn 'e uterste hoekjes. Feikje bisocht it mei ‘pyt, pyt, pite, pyt’, hja liken it net to forstean en Gabe sei dat dy fûgeltsjes wenne moasten, dat hja better yn 'e hûs gean koene en brochje-ite.

[pagina 43]
[p. 43]

Under iten sei Feikje twa kear: ‘Stilris Gabe, hear ik de kanarje? Ik miende dat ik hwat sjongen hearde’. Noch mar amper wie 't iten birêdden, doe stiene hja al wer by dat gaes. Yn dat hok wie noch gjin foroaring komd, alles siet noch hwer't it siet, op 'e lilliputters nei.

‘Ik bigryp it my net’, sei Feikje, ‘hwer kinne dy fûgeltsjes keard wêze?’

Gabe weage 'm yn it hok, parkiten, kanarjes en kardinalen fleagen as gekken tsjin it gaes, gjin lilliputters to bikennen. Der bleau mar ien mooglikheit oer, se wiene troch it gaes flein.

‘Hwat diest ek sokke ûnnoazele dinkjes to keapjen?’ frege Gabe forwitend, mar Feikje fjurre: ‘Hie dû der dan ek finer gaes om dien’.

 

It wie noch mar in bigjin fan 'e fortrietlikheden. Hie Siger syn trijekleurige kat de oare moarns net in kanarje yn 'e bek? Gabe kûgelde it ûndier in klinkert efternei, mar it munster wie net to bismiten. Feikje skriemde as in bern en snokte: ‘Ik fortrou dy fûgeltsjes net heal mear yn dat hok, gean de buorren yn om kouwen, ik wol se yn 'e hûs ha’.

Nei lang freegjen kaem Gabe mei twa kouwen thús, ien foar de kanarje, ien foar de parkiten. It wie in swiere opjefte dy bisten der yn to krijen. Doe't Gabe dat einlings opbrocht hie, frege Feikje: ‘Hoe moat it mei de beide oaren?’ Dy bisten joegen sels it antwurd, hja fleagen der út, de doar stie oan. Dêr sieten my dy beide kardinalen yn har opsichtich fearrepak mei har gleonreade kape yn Siger syn flearbeam. Gabe bisocht it noch al, oantreastige fan Feikje, mar de beide deftichheden lieten har net fange. It lêst waerden se sjoen yn dokter syn hege nutebeam. De beide parkiten fochten as Turken, de iensume kanarje lei in aeike, dat op sjongen hoegden hja net to tidigjen. It skoander fûgelhok, dat gâns jild en noch folle mear tiid en argewaesje ferge hie, stie fiif wike leech. Doe die Gabe der fjouwer hazzekleurige flaemske reuzen yn, dy't er mei krystiid merkje woe.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken