Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
Foar de lins (1968)

Informatie terzijde

Titelpagina van Foar de lins
Afbeelding van Foar de linsToon afbeelding van titelpagina van Foar de lins

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.33 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

verhalen


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

Foar de lins

(1968)–Paulus Akkerman–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende

Syn master foun

Doe't Gysbert syn nocht fan dy motor hie, krige 'r in auto, alle setsjes en pretsjes wiene sines. It stie de Sytsma's net oan sinten, de jonge wie mar allinne, mar om it jild nou doelleas oer de balke to smiten, wie dat forantwurde?

Faek en dikmels hiene hja der spul om yn'e hûs, mar altyd wer wie it Gysbert dy't oan 'e langste ein loek. Heit en mem koene sa min lilk op him bliuwe, mar Sytsma forsuchte withoefaek: ‘Men woe sa graech, dat de jonge hwat bistekliker waerd, dy is my hjir aenst tritich jier, hwat moat dat wurde? Dat falt fan it iene feest yn it oare, alle fammen binne sines,

[pagina 61]
[p. 61]

fjirtjin dagen mei dizze, fjouwer wike mei dy en dan mar wer in oaren’.

Yn it suchtsjen foel boerinne him by, mar fuort pleite hja: ‘En dochs mient er it sa goed, Hoatse, de jonge is net forkeard, hwat kin er deis de lea ek net reppe, seist dochs sels ek altyd dat er goed is yn it wurk’.

‘As er it yn'e kop hat, ja, mar hoe faek rint er der net út? Erflik op'e jacht en dat foar ien fan tritich’.

 

Boerinne koe der neat tsjin ynlizze mar by harsels tocht hja al, it wie neat gjin wûnder dat de fammen har jonge neirounen, hwa wie kreazer as hy, hwa wie fleuriger en koe 'm sa rêdde as Gysbert? Dat er fol mallichheit siet wie syn aerd, it wie yn it minst gjin forkeardens. Hy bisloeoh alles mei de gek. As hja it oer trouwen hiene, sei er: ‘Sa lang as ik it fleis by it poun krije kin, keapje ik gjin kou’.

Men koe it laitsjen der ek noch net om litte, mar Hoatse hie fansels wol gelyk, de jonge soe stadichoan hwat bistekliker wurde en om in wiif sjen, hy koe op'e pleats komme, sa mar alles en alles oernimme en hja soene nei de buorren gean, hwat soe it net moai wêze.

As hja it der togearre oer hiene, seach Hoatse noch apen en bearen. ‘Hoe mocht dat komme? As er it bigrepen hat makket er syn plak skjin, better as hwa ek, mar as er syn nocht hat lit er alles sa mar yn'e steek, bikroadet er him nearne net om, dat kin net’.

Altyd wer wie it Gysbert die't al har soargen weilake. ‘Sit mar nearne oer yn, hwat soene jimme nou al as libbene liken yn'e buorren dwaen? Heit en ik buorkje moai to gearre en ik wol der alleafst hwat oan ha’. Hwat moast men mei sa'n ien?

De Hjerstmis doe't er tritich waerd, sei er op in oerdei by de itenstafel, dat er in faem opdien hie djip yn'e súdwesthoeke.

Sytsma naem it wakker lykmoedich, de hoefolleste wie dit nammers net? In wike as hwat, dan soe er syn nocht wol wer ha, hja hiene it al sa faek sjoen. Mar by Gysbert bleau it Minke foar en Minke nei, de âldelju krigen yn'e rekken dat it einlings tinken wie, al koene hja it mar amper leauwe.

Sytsma makke in reis nei de Snitser fémerk om hjir en dêr ris to fornimmen, Minke skreau har Heydanus.

In goed laech, net dat der sinten sieten , har heit bibuorke in Van Stirumspleatske. Minke loek nei de tritich, oansiik genôch hawn, mar net ien nei 't sin. ‘Ik soe sizze dit liket net sa min’, sei boerinne doe't er forslach útbrocht en Sytsma bikende: ‘Foar Gysbert koe't gâns minder’.

‘Dû moatst har ris meinimme, jonge’. Syn mem hoegde dat mar ien kear to sizzen. Doe t Minke út'e auto stoep, liet Hoatse Sytsma mei al syn sechstich jier him ûntfalle: ‘In allerivichst moai frommis’.

Hy hie der gjin wurd tofolle mei sein. In pear moaije grize eagen, mar kâld as iis, stiene ûnder in hege blanke foarholle,

[pagina 62]
[p. 62]

dêr't springerich brún hier om kroeze. De klean sieten har om'e mûtele lea as wiene se der om getten. Boerinne hie der har niget oan en wie dat fanke tagedien.

Yn it bûthús sed Sytsma tsjin Gysbert: ‘Hjir kinst mei foar de kreammen lâns’. De jonge lake oan alle kanten en sei: ‘Is't net in byld?’

It wie Gysbert en Minke tinken, hwer soene hja doe op wachtsje? Hwat hoegden hja langer to rinnen?

 

Dy maitiids it Sytsma's folk mei great fortoan ned de súdwesthoeke, it Stirumspleatske yn'e flaggen, mei de mannemacht nei it Balkster gemeentehûs, ien stik kant en tule.

De jongelju in wike nei it bûtlân, neffens Gysbert wie 't to koart, mar Minke woe nei it eigen hûs, dan dat.

De âldelju nei de buorren, Gysbert en Minke koene mar tabuorkje. De earste freedtomoarns nei de thé, bistelde 'r de arbeider it wurk en frege er Minke: ‘Krigest myn klean effen ré? Ik moat nei de stêd’.

Mei har kâlde grize eagen seach hja suver troeh him hinne: ‘Hast dêr boadskip?’ Hwat in fraech, hoe koe hja der sa nuver bykomme? Hwat forstuivere sei er: ‘Boadskip nou daelk net, mar it is fémerk’.

‘Ik tocht jimme soene trochgean med gerskjen, as Reinder hjoed allinne ompielt, komt him in bytsje troch de hannen, griemerij, oars neat’.

Hja seach him lyk oan, de mûlshoeken ned ûrderen, hast daegjend stie hja foar him. Likegoed praette hja mar sêft, hast ûntskuldigjend, mar wol o sa yngeand dat er der net omhinne koe.

Hwat twifelriedich bleau er stean as wist er net hoe't er soe. Minke wachtte syn antwurd, noch altyd seach hja him oan.

‘It is faeks ek net sa slim as ik foar ien kear thúsbliuw’, sei er op it lêst.

 

Dy deis jagen Reinder en hy alle gers oan 'e bult, sneontomoarns kaem de modder der op. Under iten wie er wakker oansjitsk en oerdwealsk: ‘Joun bin'k frij fan melken, hwer sille wy hjoed ris hinne?’

‘Woest fuort?’ Wer seagen har eagen sa nuveraerdich yn sines. ‘Ik haw it wurk noch net dien en ik tochte Gysbert, astû it fan'e middei om hûs en hear nou ris hwat oprêdst, it is krekt sa'n liddich skoft. In rommelich hiem mei'k foar myn eagen net sjen en sneins alhiel net’.

Gysbert en hiem oprêdde wiene twa dingen, dy't och sa min byinoar pasten. Mar foar har grize eagen wie er net bistand, hy die't. Doe't hja him ynrôp foar de thé, sei hja goedgunstich: ‘It sjocht al út hiele oare eagen, mar hast hjir noch net west grif’. Hja wiisde him in pear fiterpôltsjes ûnder de ligusterhage. ‘Dêr kom ik aenst noch’, sei er. Ja wier, dat wiene Gysbert syn eigen wurden. Minke knikte foldien.

[pagina 63]
[p. 63]

It gyng foar wûnder mei de jongelju, dat moast elk tajaen. Mar Hoatse Sytsma sei tsjin syn grize boerinne:‘De jonge hat syn master foun’.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken