Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
Foar de lins (1968)

Informatie terzijde

Titelpagina van Foar de lins
Afbeelding van Foar de linsToon afbeelding van titelpagina van Foar de lins

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.33 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

verhalen


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

Foar de lins

(1968)–Paulus Akkerman–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende

De âld skipper

It skip krige syn ûnderhâld net mear, der kamen roastplakken troch de ferve. Withoefaek sei Rimmert tsjin himsels dat er der yn foarsjen soe. Dit koe net, roast friet it izer oan en dan gyng de boel hurd, hurd fan jin ôf.

Mar hy kaem der net oer gear en stelde it út oan in nije maitiid ta. Bouk wie der net mear om him oan to fiterjen. Dat hja der sa hommels by weifallen wie, acht jier jonger as hy, syn jongste suster, mar likegoed....

‘It giet op 'e lêste haven oan’, noch hearde 'r it har sizzen, hja hie der folslein frede mei, in rike treast, hwat oars, mar der wie in streek troch har rekken komd. In húske oan 'e wâl, hoefaek hiene hja it der net oer hawn? Bouk hie 't allegear sa moai krekt yn'e holle, net to fier fan't wetter en op'e sinne, hwat hok- en hiemromte dat er earmslach hie en him hwat ûntjaen koe. Net dat it dreau, hja hiene it skip, mar as der ris hwat los kaem..

Nou wie er allinne oerbleaun, hwat soe er mei in hûs? Hy hie it skip ommers? Farren soe mooglik net folle mear wurde mar as it der oanstie, seil en fok leine yn it rom, dy boel hie dêr in daeldersk plak, droech as rys. Mocht it sa útkomme dan sloech er alles ek noch yn in moarnskoft oan en koe er farre. Stoareagjend siet er yn it nearich foarûnder mei in oerjierrich skippersalmanak dêr't er oerhinne seach.

 

Kom, hy soe ris oerein. Fan 't lange sitten waerd men stiif. Kerbintich rikte 'r nei de kape, hwat knoflich naem er de trije trimen fan it trepke, doe stie er efterop. Mei stive fingers fage 'r oer it izer fan 'e roef. Dy soe er op in oare maitiid omraek neisjen. De roastplakken soe er bikje en twa kear yn'e meny sette ear't er bigoun to fervjen, de ûndergroun moast goed wêze.

Stadidh klompte 'r troch de waring, as it goed soe moast it iene swurd op in oar jier ek neisjoen, it wie net dat it op 'e neil

[pagina 58]
[p. 58]


illustratie
...hy joech 'm del op 'e lûken...


[pagina 59]
[p. 59]

brânde, hja hiene altyd goed op hellingjen past, mar dat swurd moast him net ûntkomme. Heit plichte altyd to sizzen, hellingjild is woun jild. Heit wist der fan mei to praten, in houten skip, swier yn ûnderhâld, alle jierren it forslach wei, ûren oan 'e pomp.

Izer wie almeugend folle better, dêr moast ek op past wurde fansels, mar op in oar jier by wolwêzen soe er it alhiel ûnder hannen nimme fan foaren nei efteren. It hie altyd sa'n bitrousum skip west, Bouk en hy hiene der hiel hwat mei ôffearn.

Hy joech 'm del op 'e lûken, de sinne blikkere op it wetter.

Frachten en frachten terpierde hiene hja helle, oeral wei. Beintum, Ferwert, Wetsens, Menaem, Winsum en noch mear plakken. Swier wurk, mar Bouk stie as in keardel oan'e skeppe, dy wist fan gjin wurgens. It wie goed farren as waer en wyn gunstich wiene, mar hong in skipper dêr net altyd fan ôf? De lêste jierren mei dy moitordingen wie't fansels gâns better wurden, mar hy hie 'm der nea mei ynlitten, Bouk moast der ek neat fan ha, it sil wol maklik wêze, koe hja sizze, mar it is gjin farren mear. Trije frachten klaei yn ien wike, dêr bleau hwat fan oer, mar der moast gâns foar dien wurde.

Foar fjouwer bakkers hiene hja altyd it takkefarren, hja gyngen der om nei Lippenhuzen, Olterterp en Aldeberkeap. Simmerdeis yn in liddige wike hurd en gau nei Droegeham om in fracht wytsân dat er by de boeren yn it hok kroade. It smiet gjin greate stikken op, mar it wie meinomid. Pinkstertiisdeis hiene hja jierren en jierren oanien nei de Liphúster lammemerk west, it wie allegear oer en foarby. Lammemerk wie der net mear, skippers wiene der net mear, it foroare allegear.

Hy soe ris yn it rom sjen, gjin dei sloech er it oer, foarsichtich liet er 'm by it trepke del. It wie oan 'e tarkwast ta, dat wol, mar de bûkdelling wie noch sa geef as kryt en droech as koark.

 

Hwat loegen hja der yndertiid net in turf yn, út Beets, Valthermond en fan oer de Tsjonger. Hja hiene wol reizen makke, mar nea yn al dy jierren hiene hja yn 'e frjemdte biferzen lein, lykas oaren wol. Sinteklaes foar de wâl, dêr hiene se har altyd oan hâlden en goed by bifoun, It mocht harren ris in pear dagen ûntkomme, mar langer net. Der wiene ek guon dy't yn it lêst fan novimber noch fuortgongen om in fracht turf, it wie wolris goed gien, mar meast hiene se har trekken thús krige en it wie eigen skuld.

Turf wie der ek al net mear, goed, swarte brânje koe ek, mar mear en mear bigounen de lju mei stjonkende oalje en it nijste wie gas dêr't hja noch wol ris mei de loft ynfleane koene.

Mei in ilige hân streake 'r oer seil en fok. Hja hiene it yndertiid noch oan'e Weaze yn Ljouwert meitsje litten. It wie in tuech dêr't men op oan koe.

Né, hja hiene nea net de heechste mêst hawn en it measte

[pagina 60]
[p. 60]

doek, it hie har nea om hurdsilen to dwaen west. Der wiene wol oaren dy't alles op haren en snaren setten, by wreed waer in healûre earder oer de mar, mar faek mei swier averij, dat wiene djûre healûren.

It mocht him noch heuge hoe't hy en Bouk ris foar de wâl gien wiene mei keerbûstich waer, fan Freark Leijenaar wiene hja úthúnd, hy brûzde har foarby mei 't wetter yn 'e warings mar yn it Grytsmansrak sylde 'r de mêst oerboard en sloech op legerwâl. Sokke reizen moasten fan gâns, gâns frachten goedmakke wurde.

 

Hy wrotte wer by it trepke op, soarchfâldich lei er it lûk toplak, op in skip koe men nea to krekt wêze.

Hy trape nei foaren en liet 'm yn 'e durk sakje. De koai brûkte 'r net mear, jierren hie er der op sliept wylst Bouk de roef ta har foldwaen hie, nou hoegde 't net mear. Op in oare maitiid soe er de boel alris wierje, hwat wit koe er noch net ris ien skewiele mei forfarren of sa, dan soe er in losse man ha moatte dy't alleafst op in frisse koai sliepe woe.

Hy ging foarop stean en seach mei wolgefallen nei syn skip. In hûs hie fansels hwat foar, it soe der ek bêst nochris fan komme kinne, mar nou 't er allinne oerbleaun wie, hie 't gjin haest. It soe sa'n wûnder ek net wêze dat er de touwen nochris lossmite moast, in frachtsje fan dit of in frachtsje fan dat. Men hie der gjin sizzen fan en in forlegen mins soe er net yn 'e steek litte.

Hy stiet op it helmhout en makke in foarsichtige birekken, as er it oare jier nouris hinnegyng...By wolwêzen fansels, in mins hie neat yn 'e hân...

Doe't de kape twa dagen ticht bleau, gyng Hindrik Wytses oan board. Hy foun 'm op 'e stoel yn 'e roef. De kâld en stiif wurden hannen op it blomrich tafelsswilk. Hy hie syn lêste haven bifearn.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken