Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
Foar de lins (1968)

Informatie terzijde

Titelpagina van Foar de lins
Afbeelding van Foar de linsToon afbeelding van titelpagina van Foar de lins

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.33 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

verhalen


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

Foar de lins

(1968)–Paulus Akkerman–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende

De útfynder

It wie Foppe syn ûngelok dat syn heit hwat tofolle jild hawn hie en dat er iennichst soan wie, waerd der altyd sein.

It koe bêst wier wêze. Hy wie de middelbeare technyske skoalle hast troch doe 't syn heit stoar. Foppe gyng fan skoalle ôf en woe fan gjin Delft mear witte. Dat wie oars it doel.

‘Hwat sil 'k ek yn dat Delft dwaen? Ik gean leaver yn'e praktyk’.

Syn mem lei der net safolle tsjinyn. Hja wie ek al in minske op jierren en oerlibbe har man net iens sa lang. Foppe bleau allinne yn it greate hûs, hy naem in húshâldster dy't de boel hwat birêdde en foar syn wiet en droech soargje koe.

Efterhûs liet er in almeugend great hok bouwe mei twa ôfdielings. De iene helt neamde 'r laboaratoarium, it oare wie ‘praktyklokael’. Yn 'e hûs hie er noch in ‘tekenkeamer’. Foppe wie oer alle boegen klear.

It earste dat er makke wie in twapersoans wetterfyts. Neffens syn birekkens moast dat fartúch fleurich tweintich kilometer yn 'e ûre helje kinne, mooglik ek wol tritich.

‘Dit wurdt in prototype dat ik útprebearjie moait. Ik nim der oktrooi op, letter fonkeapje ik it oan in fabrikant dy't se dan yn sery bouwe kin’.

It meitsjen fan 'e wetterfyts ferge gâns tiid, mar hy kaem Mear, mear noch: op in jountiid prakkesearden hja it ding mei mannemacht yn 'e feart. Twa opslûpen bluistrige knapen doarsten it bistean en gean der op sitten. Fan 'e wâl ôf joech Foppe syn oanwizings en wierliken, dêr gyng it hinne!

Dy beide groubonkige feinten trapen har yn it swit, mar hurd fleagen se net.

[pagina 94]
[p. 94]

Alde Lammert mei syn beide stokken koe har fleurich byhâlde en dat sei hwat.

Likegoed sei Foppe dat er mear as tofreden wie. ‘Ik meitsje der noch den forsnelling oan en myn fortún is makke’.

Dy lêste forsnelling like swierrichheden mei to bringen. Letter stie it prototype yn alle waer en wyn bûtendoar efter it praktyklokael, gjin Foppe dy't der wer nei omseach.

 

Syn twadde great aventûr krige 'r op'e forgadering fan 'e feestkommisje.

De gemeentesiktaris hie útsocht dat it doarp tûzen jier bistien hie. Dêr koe fansels noch wolris in fjirtjin dagen, trije wike bykomme, de krekte datum wist dy man ek net, mar op it doarp seurden hja net oer in fearnsjier tiid, yn 'e neisimmer soene hja twa dagen feest ha.

Der waerden plannen makke, Hofstra fan it postkantoar fielde gâns foar in great fjûrwurk. Oaren foelen him by en doe sei Foppe dat hja dat fjûrwurk oan him oelitte koene.

‘Ik meitsje in fjûrwurk sa't hjir yn dizze tûzen jier net ôfstutsen is en yn'e takomst nei alle gedachten net wer ôfstutsen wurde sil. Dêrby leverje ik it gâns goedkeaper as hwat fjûrwurkfabryk ek’.

Net alle oanwêzigen wiene der gerêst op oft it by Foppe wol yn goede hannen wêze soe. Hja praetten wakker om'e kant dat se der hwat in swiere mûtse oer op hiene, mar master sei dat er it in moai idé foun dat in eigen doarpsgenoat foar it fjûrwurk riede koe, nou't it doarp sa lang bistien hie.

Foppe krige de opdracht.

Dy jonge wie doe hiele lange dagen yn 'e wapens yn it laboaratoarium. Yn 'e rin fan 'e simmer fleagen der faek reade en griene fjûrballen by de nachtlike loft lâns. Dan wie Foppe oan it útprebearjen.

Hy makke syn doarpsgenoaten net biskamme, in fjûrwurk! Noch nea hiene hja sahwat sjoen en it kaem mar op fiifhûndert goune, wylst Foppe it der de hiele simmer drok mei hawn hie. Kweatongen rabben letter dat er de hiele boel kocht hie yn 'e stêd, mar dat is nea útmakke.

It ekspearimint mei de motor oan Hoekstra syn jarrepomp slagge sa goed net.

Foppe hie ûnderdielen bisteld en in motor yninoar set dy't er útprebearje woe oan dy pomp fan Hoekstra.

‘Yn in sucht hawwe jo de hiele kolk leech en it ferget noch gjin dûbeltsje yn 'e ûre’.

‘Toe dan mar’.

Hwat it doe krekt wie? Earst woe 't spul mar min oan 'e gong. Doe't Foppe it op it lêst foarinoar hie gyng it mei sa 'n barstend gewelt, der wie gjin kearensein oan. De jarre brûze út 'e pomp. Hoekstra dy goede man waerd der fan oerspield en sloech tsjin it hiem. En it weage mar troch, fitere fan Foppe syn finnige motor, skomjend roun it yn 'e sleat. Sels wie er sa fan it

[pagina 95]
[p. 95]

stik troch de krêften dy't er oproppen hie, dat er forstuivere by dy motor stie en forgeat om it ding stil to setten.

It wie hwat in tsjinslach, mar Foppe forgoede de skea, oan Hoekstra syn klean ta dy't boerinne weismite moast.

Dat er likegoed net min wie kaem letter wol út doe't de doarren by him yn 'e hûs fansels iepen gyngen as men der oan ta wie. It hie hwat to meitsjen mei in elektronysk each, men hoegde gjin kruk mear om to draeijen. As de húshâldster mei beide bannen fol út 'e koken kaem, de keamersdoar gyng fansels iepen, it mins koe mar trochstappe. Hja sei wolris, ‘ik wurd der raer fan, it liket wol tsjoenen’.

 

Foppe woe der wer op út dat;syn fortún makke wie. Dat wie tofolle sein. Op in moarntiid siet de húshâldster opsluten yn it harkenieltsje om't it eaoh it sitte liet. In hiel spul, de smid moast der noch oan to pas komme, letter hiene hja wer krukken oan 'e doarren.

Hy makke ek in seachmasine om beammen mei to roaijen. Hy prebearre 'm by syn eigen linebeam dy't fol yn it blêd stie. Dy seager woe omraek, yn in smook wie er troch de hiele stamme hinne. Kreakjend sloech de beam tsjin it hûs, in gat yn it dak.

De húshâldster gûlde fan kleare kjellens mar Foppe sei: ‘Dit ûngemak docht fan it systeem neat ôf’.

Neitiid hie er in nij soarte fan baggermasyntsje ûnder hannen en noch gâns oare diingen dêr't er net alhiel mei klear kaem. Doe't er efterfhûs oan 'e gong wie mei it oanlizzen fan buizeboel om it fiterich gers op 'en gaedliksten to bisproeijen, hie de húshâldster gjin sinten mear om 'e winkelman to biteljen.

Dat wie de ein. De húshâldster moast om plak sjen, Foppe sei dat er it yn Hollân bisiikje woe. Kerst Kroandyk makke gading oan it hûs.

Yn it laboaratoarium en praktyklokael kamen kistkeallen.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken