Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
Foar de lins (1968)

Informatie terzijde

Titelpagina van Foar de lins
Afbeelding van Foar de linsToon afbeelding van titelpagina van Foar de lins

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.33 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

verhalen


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

Foar de lins

(1968)–Paulus Akkerman–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende

Heit en mem

Al lang woe Keimpe hwat oars, dêr yn waerd er fan Froukje fûl bystien om't de forsekering ek al net brocht hie hwat hja der fan forwachte hiene. Wol wie it better as by de boer dêr't er yn it earst fan har trouwen west hie, mar om alle dagen weroan by de lju lâns, it foel op 'en duer net ta. Hoefolle brieven hie er al net skreaun, nei hoefolle baentsjes hied 'er al net tinge? Stéfêst in skriuwen werom, ‘tot onze spijt......’ Keimpe waerd der faek muoilik en fortrietlik fan, it wie Frouk dy't him altyd wer moed ynspriek. ‘Der komt noch wolris hwat oars’. Der ûntkaem har gjin krante. Mei stúdzje gyng hja alle advertinsjes nei.

Doe't er op in joun gear en ynein thúskaem, sei hja optein, ‘der wurde in heit en in mem frege yn in rêsthûs, dat is krekt

[pagina 96]
[p. 96]

hwat foar ús’. ‘Dat koe wol’, sei er ûnforskillich, de holle stie 'm op dat stuit alhiel net nei heitsjen en memjen. Frouk fornaem it wol, dêrom hold hja der oer op en bigoun der net earder wer oer as de oare moarns, mar doe ek foargoed.

‘De man moat in ienfâldige administraesje byhâlde en it tún foar syn rekken nimme, de frou kriget de lieding fan dat hûs. Hjir binne wy foar knipt’. Troch ûnderfining leard, wie Keimpe der sa wis net fan. ‘Soe 't al?’, frege 'r foarsichtich.

‘Mar jonge, mei administraesje kinstû dy ommers rêdde as de bêste en hwa hat it sa knap om hûs en hear as wy? Sa 'n tún hastû pur de gek mei’. Hja praette sa lang dat Keimpe it op it lêst ek wol leauwe woe, it draeide wer op skriuwen út. ‘Naar aanleiding van uw advertentie......’ Wer ôfwachtsje mei hoop yn it hert, der wie aventûr. Lykas altyd duorre it lang en doe it brief dat hja forwachte waerden by it kolleezje fan reginten.

‘Oars mocht ik foartiid noch wol in nij mantelpakje ha, Keimpe. Mei in pakje is men altyd klaeid en myn mantel haw ik al foar it tredde jier’. ‘Soe't noadich wêze?’ ‘De earste yndruk docht sa 'n soad, it is de earste útjefte, mar it is woun jild. Dyn sneinsk pak is noch kreas, dêr kinst wol yn forskine, ast der nouris in nije reinjas by krigest bist klear’.

 

It ferge in stêdsreis. It mantelpakje fan Frouk har bigearen wie prizich. ‘Mar dan haw ik ek hwat goeds, dêr't ik jierren mei ta kin. Hwat seist, Keimpe?’ It moast dan mar.

‘Nou noch in hoed, ik kin dat âld ding der net bêst by opsette. Hwa't oer de houn komt, komt ek oer de sturt’. Dat lêste koe Keimpe net folle tsjin ynlizze, it wie in âlde wierheit. Sels waerd er opkwikt mei in reinjas, in boesgroen en in strik. Dat wie ek noch net om 'e nocht, mar moasten hja it om 'e lêste ryksdaelders oergean litte nou 't der safolle yn 'e kiif stie?

Jouns draeide Frouk yn 'e nije oanwinst foar de spegel om. Keimpe spriek der fan, mar Frouk sei: ‘As it goed soe moast ik ek noch in pear nije skuon ha, oars skeint it iene it oare’. ‘As dat dan moat’. Mear sei Keimpe net, dêrmei liet er it oan har oer. It moast al.

 

In pear dagen foar de greate dei moast Froukje nei de kapper. It hier moast byknipt en wosken, der moasten nije slaggen yn en noch sa it iene en it oare oan dien wurde. Hja wie der in middei mei bisteld mar doe wie 't ek foar wûnder. Keimpe hie der syn niget oan, hy kaem der ek earlik foar út, ‘dû wurdst moaijeroan’, sei er.

Doe kaem it sa fier. Keimpe hie hwat gewoarstel mei it nije boesgroen, de knopen woene net om it lyk, fierder hie er net folle omslach, de sneinske klean pasten him wol, dy hie er gauwernôch oan. Frouk die gâns langer oer de klaeijerij. Doe't dat einlings syn bislach krige hie en hja yn 'e keamer kaem, waerd Keimpe der kjel fan. It wie de selde Frouk net mear, hja

[pagina 97]
[p. 97]

like wol tsien jier jonger. Hja tripke op har nudlehakken om 'e tafel as in jongfaem.

‘Ik fal alhiel by dy wei’.

Hja hie de lippen justjes oanset, hy seach wol dat hja ek hwat op 'e wangen hie en rûke! Hy die de nije reinjas oan, Frouk stie noch in skoft foar de spegel mei 't flewielen dopke. Doe waerd it tiid foar de bus. It wie noch in hiele reis, twa kear oerstappe. Om dat rêsthús hoegden hja fierder net to siikjen, it stie fuort by de bushalte. Hja waerden yn in wachtkeamer litten, Frouk stie al wer foar in spegel. Keimpe munstere it tún, gâns in lape. Dat draeide op meanen út, der wie ek nochal hwat perkeboel, dat blommespul wie slim wurksum.

Yn'e bistjûrskeamer sieten trije froulju en fjouwer manlju om in machtige tafel, Keimpe en Frouk koene byskikke. Mei ien eachopslach seach Keimpe dat de bistjûrsfroulju net heal tsjin Frouk munsterje koene. It wie him great.

Hja krigen thé mei hwat der by. ‘Om ta de saek to kommen’, sei de foarsitter. Dat diene hja doe. Letter biseagen hja it hûs. Frouk tripke neist 'de dames fan it bistjûr, de roune kûten yn brune nylons, de skuon justjes donkerder, yn 'e kleur fan it flewielen huodtsje. Nochris nei de bistjûrskeamer dêr't de foarsitter sei dat hja op trijetal stiene en der wol neijer fan hearre soene. Hwat waerd dat in moedige thúsreis. ‘As wy dit net krije soe 't my raer ôffalle. It hat ús in hânfol jild koste om in bytsje knap foar it ljocht to kommen, mar it bringt syn rinte wol op, tink om myn sizzen’.

It woe hiel wol yn Keimpe del, ‘wy hawwe dêr alleraerdichst sitten, stomaerdige lju’. Dy kear duorre it net iens sa lang, op in moarn it brief troch de doar. ‘Tot onze spijt......’ Frouk sprongen de triennen yn 'e eagen, ‘dêr hawwe wy nou safolle jild foar útjown!’

Folle letter hearden hja dat se och sokke hege eagen smiten hiene. Oars soene hja it ek sûnder mis krige ha, mar Frouk hie to moai west!


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken