Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
Foar de lins (1968)

Informatie terzijde

Titelpagina van Foar de lins
Afbeelding van Foar de linsToon afbeelding van titelpagina van Foar de lins

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.33 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

verhalen


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

Foar de lins

(1968)–Paulus Akkerman–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende

Oergroeid

Doe't syn mem der net mear wie gyng dat lang net goed mei Douwe en it minste wie faeks noch dat it 'm neat skele koe. It wie sa'n guodlike en bliere Douwe, handich en redsum, yn alle silen mak.

‘Wy woene board tsjin 'e souder ha, Douwe’.

‘Dan sille wy dêr in slim set fan ha moatte, ik kom wolris oan’.

‘Kinst ús keamer ek bihingje, Douwe?’

‘Wel wis wol fanke, dy sil 'k wol justjes opkwikke, dan sit it foar jimme wer hwat aerdiger, it each wol sines ha’.

Maitiids lei er foar withoefolle de tún om, hy sleepte mei roazestrûken en beamkeboel, hy hie siedhannel en stie to goatehimmeljen, by de timmerman wie er oan it opperjen, in oare kear sprong er de ferver by. Hy wie krekt en sekuer, moast it jin dan net oandeare dat by 'm thús de boel omkaem?

Sa'n feardige fint fan noch gjin fjirtich dy't it spul gewoan forsmoargje liet en der yn it minst net oer ynsiet. En dan to bitinken dat Brechtsje yndertiid alles sa uterst netsjes hie.

Kaem der ien by de doar en Douwe wie thús, gol noade 'r him yn 'e hûs.

‘Ik sil hwat romte meitsje’. Dan krige'r in panne of ding fan in stoel, dy't er op 'e tafel sette of plak joech op'e flier. Dêr mar, tocht ik, 't is hjir hwat fol, ik moat ek hast ris regaet meitsje sa fier is it hinne, mar wy kinne der noch wol yn, safolle earmslach hoege wy op 't lêst ek net. Mar in kopke drinken, soe'k sizze’.

 

Meastal hie er in kofjekanne of de thépot hjir as dêr op in steltsje stean. In oanbrutsen kladde mei sûker hie er op tafel of yn it finsterbank. Mei syn húshâlden gyng er in nuvere wize op, it gyng sa forkeard as it koe.

Guon woene 'm to'n bêsten riede. ‘As jo nouris om in frommiske seagen, Douwe, dy't de boel hwat ûnderhold, as kaem hja mar twa kear yn 'e wike, dat skeelde al in stik’.

[pagina 107]
[p. 107]


illustratie
...‘hwat in bargehok’, sei hja...


[pagina 108]
[p. 108]

‘Dat is ek sa, frou, dêr hawwe jo gelyk oan, ik haw it sels ek alris yn my omgean litten, ik sil ekris om my hinne sjen’.

In oar sei forwitend en, formoanjend: ‘As jou mem de eagen nochris opslaen koe, soe se raer beare’.

Douwe wie 't der folslein mei iens. ‘Dy soe raer opsjen, frou, dy wist net iens hwat hja seach, nim dat mar fan my oan’.

It wiene mar inkelden dy't it him ûnder it each brochten, fierwei de measten bipraetten him efter de rêch. Douwe hie der gjin lêst fan.

Alle moarnen kaem er sa moai moedich fan 't bêd, hy broude hwat thé en foun hjir as dêr wol in stik bôlle dat er in fingertsjûk bismarde en syn geve tosken yn sette. Dan draeide 'r linich in sigeret fan swarte shag en wachte in lange ljochte dei mei gâns beuzichheit, hwat soe er him om húshâlden bikroadzje?

Wol hold er 'm sels foar dat er der alris oer gear soe as er it hwat liddiger krige, mar hy krige it net liddiger. Alle seizoenen brochten har eigen drokte mei en wurk gyng foar húshâlden.

 

Hwa soe sizze hwer't dat mei Douwe noch op útdraeid wie, as Eke der gjin hannen ynslein hie?

Sûnder erch of euvelmoed liet Douwe har der yn doe't hja op in joun by de doar stie om in rekkentsje to biteljen.

‘Ik sil hwat romte meitsje, sjochris oan, jo krije ek noch in daeldersk plakje’.

Mar Eke naem gjin blêd foar de mûle, yn ôfgrizen seach hja de bringst yn 'e keamer oan. ‘Hwat in bargehok’ sei hja mei forachting.

Douwe woe't mei de gek bislaen: ‘De smoarchste bargen waechse it bêst’.

Mar Eke forstie gjin gekheit: ‘Jo moatte jo skamje om yn sa'n binde to forkearen, hwer liket dat hjir op?’

‘Stil nou mar, ik sil der ris mei to set, gean nou earst mar sitten’.

‘Ik sil wol oppasse, dy stoel is my noch to smoarch om oan to pakken, dêr soe 'k ek op sitten gean!’

‘Nou moatte jo it net oerdriuwe, mar ik sil gjin mins twinge, wolle jo stean bliuwe, dan bliuwe jo stean. Hwat soene jo sizze fan in goed kopke kofje?’

‘Foar gjin noch safolle net, dat liket my wol fleanen!’

Douwe geat 'm doe sels noch mar ris yn mei net tofolle môlke en trije skeppen sûker. ‘Der soe jo wier neat fan oerkomme’, sei er guodlik.

Eke seach om har hinne, in grouwe tear yn'e foarholle. ‘Ik soe der suver wol sin oan ha de hiele bringst út to mjuksjen’.

‘As jo dêr oanstriid ta ha, gjin mins dy't jo keart’.

Doe gyng hja dochs sitten, smoarch of net smoarch. ‘Ik haw der foarsafier neat mei út to stean, mar dit kin hjir sa net. Ik wol hjir bêst komme to himmeljen mar dit is gjin wurk foar in frommis allinne, jo sille my helpe moatte’.

[pagina 109]
[p. 109]

‘Nou wurdt it minder’.

‘Gjin gekheit, as ik hjir oer gear sil, dan dogge wy it togearre en oars giet it oer’.

‘Dat soene wy bêst ris dwaen kinne’.

‘Woene jo it ek noch útstelle en dan alhiel yn 'e smoargens omkomme? Nije wike fuort bigjinne fan boppen ôf en alles en alles hoffenje’.

 

Douwe woe der op út dat it him net wachtsje koe, dat er ûnder it wurk siet.

Eke snúfde forachtlik: ‘It iennichste wurk foar jo dat driuwt is dit hjirre’.

Hja woun har op en spriek fan har ôf, de eagen fjurken der fan, Douwe woe wol yn goedens.

‘Dan moat it mar oangean’, sei er op it lêst, ‘foar nije wike siz ik alle wurk ôf’.

Eke wist ek noch net foar de helt hwat hja har op'e hals helle hie, dat waerd hja de oare wyks earst gewaer. As hja sa konstant net west hie soe hja der útroun wêze. Hja wie dat ûndernimmen oangien en soe it ta in goed ein bringe. De jiskekarre fan 'e gemeente op it hiem, Douwe koe mar oantôgje, Eke hie mar ien wachtwurd: ‘fuort mei de bringst’.

Hja hiene in hiele wike falhandich wurk fan moarnsier oant jouns let. De sneons op'e neimiddei sette Eke it lêste toplak, doe wie't it selde hûs net mear. Douwe frege: ‘Hwat bin 'k jo yn'e skuld?’

‘Myn goede man, hwat moat ik dêr foar nimme? As ik myn ûren reikkenje sil hoe heech komt it dan?’

‘Ik soe't net witte, jo moatte der mar ris oer rekkenje. Mar nou hiel hwat oars: ‘Hwat soene jo der fan sizze as wy binnenkoart ris om 'e geboadens gyngen?’

Eke, dat soune frommis, sloegen de kleuren oam alle kanten út. ‘Is dat tinken?’

‘Wis en wrychtich is dat tinken, wy hawwe fan 'e wike safolle ôfheistere, ik soe sizze wy kinne it wol meiinoar weagje net?’

‘Toe dan mar, as wie 't allinne mar om de hân oan it hûs to hâlden, ik soe net graech nochris sa'n wike rakke wolle’.

‘Dat moatte wy foarkomme’, sei Douwe, ‘dêrom en fierder kinne wy der grif ek hiel noch wol hwat oan ha’.

‘Dat moatte wy ôfwachtsje’, sei Eke birêstend, ‘mar dit hûs ûntkomt my net wer, dêr kinst steat op meitsje’.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken