Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
Sûnder garânsje (1999)

Informatie terzijde

Titelpagina van Sûnder garânsje
Afbeelding van Sûnder garânsjeToon afbeelding van titelpagina van Sûnder garânsje

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.30 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

Sûnder garânsje

(1999)–Froukje Annema-Noordenbos–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende

3.

‘Wachtsje jûn mar net op my mei it iten, it sil wol wer let wurde. Sokke gearkomsten rinne ivich út, dat ik yt yn 'e stêd wol wat. En is der noch tee?’ Freark hold it kopke omheech. Hilda soe oerein, mar Mark wie har foar.

‘'Bliuw mar sitten, âlde. Ik sil wol.’

‘Alde? Dat wolst wol even weromnimme, tink? Jim mem is noch in jonge blom, wat seit heit oars?’

‘Och, wat sil 'k dêrfan sizze...’

‘Minne beurt heit. No joech se sa'n goeie foarset,’ rôp Mark.

‘Jonge blom? Droechblom tink,’ spotte Sjoerd. ‘Wy moatte trouwens hast fuort.’

Hilda seach op 'e klok. ‘Ja, avensearje jonges, jim ha ek noch yn 'e wyn. Ha jim de trompkes klear? Do ek Selma? Fan 'e middei binne jim beide om fjouwer oere wer thús net? Helpe jim even mei te ôfromjen?’

‘Wurkjende memmen, se moasten der swiere straffen op sette,’ prottele Sjoerd wylst er de boardsjes steapele.

‘Toe jong, doch do ek ris wat.’

Mark hyste syn lange lichem ek fan 'e stoel. Wylst er it kopke foar Selma wei pakte sei er: ‘Bist ek net botte praatsk fan 'e moarn wol? Min sin?’

‘Giet dy dat wat oan?’ De toan wie skerper as oars.

‘Dat ha fammen sa no en dan jong,’ sei Sjoerd gnyskjend. ‘Ienkear yn 'e moanne, hè, dat witst no dochs hast wol net? Hiene wy dy sa goed foarljochte.’

[pagina 13]
[p. 13]

‘Ophâlde fan hottefyljen,’ sei Freark wylst er syn stoel nei achteren skode. ‘Ik gean hear. Oant jûn.’ Yn 't foarbygean joech er Hilda in tút. ‘Silst wat kalm oan dwaan?’

‘As gewoanlik,’ glimke se.

 

Even letter ried er it hiem ôf. Hilda seach him achternei. Dat wie ien, de heit fan it spul, op wei nei syn makelderij yn 'e stêd. Se heistere yn 'e keuken om. De boel moast al wat oan 'e kant foardat sysels de doar út gong. Even letter setten Mark en Sjoerd mei in soad bombaarje ôf. Se sieten op 'e selde skoalle, Mark yn 'e lêste en Sjoerd yn 'e tredde klasse fan 'e hafû. Al koene se ôfgryslik hottefylje, se lutsen dochs in soad meielkoar op. Hilda weau se nei.

Doe seach se even om nei Selma. Dy siet stil foar har út te stoarjen, mar kaam yn aksje sa gau't se Hilda's eagen op har rjochte fielde. ‘Ik gean ek hear. Dach mem.’

‘Dach leave. Plezierige dei. En doch in sjaal om, it is kâld.’

‘Hat mem dan al bûten west?’

‘Nee, mar dat kin 'k sa wol sjen.’

Selma glimke. ‘Memmen,’ sei se doe. ‘No hoi, hen.’

De âlde toan tusken har wie wer werom en dêr wie Hilda bliid om. Dochs fielde se dat der noch wat wie mei Selma, mar as dy har dat net fertelle woe, dan hie se har dêr by del te jaan. Elk minske hie der rjocht op in stikje fan syn eigen libben foar himsels te hâlden en sels as mem koe men dêr gjin oanspraak op meitsje, al woe men dat ek noch sa graach. Selma hie it grutste part fan it wykein by Renny west en dêr oars net folle fan ferteld, as dat se de sneontejûns te stappen west hiene. Juster wie se gewoan nei it wurk gien, wol wat letter as oars thúskommen, mar dêr hie se mar neat fan sein. Selma moast net it gefoel krije dat se yn 'e gaten holden waard. En dochs wie dat wol it gefal. Der wie wat mei Selma en dat soe fansels in kear oan it ljocht komme.

[pagina 14]
[p. 14]

Se soe dêr wach op wêze.

Se sette de ôfwask yn 'e goatstien, skode de stuollen teplak en makke har doe klear om fuort. Har âlde Honda starte diskear daliks. Lykas altyd as se it hiem ôfried seach se noch even om. Se wie sa grutsk op harren ferboud pleatske. It lei dêr ek sa moai, in eintsje fan 'e dyk ôf, acht kilometer bûten de stêd. Se hiene der tegearre hurd foar skrept, mar it wie it wurdich. En salang as de bern noch learden soe sy der wol by wurkjen bliuwe. Trouwens, wat moast se in hiele dei allinne thús? Fjouwer moarntiden stie se yn in moadesaak en dat wie krekt moai. It joech har it gefoel dat se noch nuttich wie, se hie troch har wurk kontakten en wurdearre har frije tiid folle mear as doe't se noch net wurke.

‘Bist in lokkich minske Hilda Wiersma,’ jeuzele se yn harsels. Underweis hold se goed it fytspaad yn 'e gaten. Se moast de bern alle trije ynhelje, dat koe net oars. Selma fytste mei in oar famke op. Twa hannen waarden opstutsen doe't se toetere. Krekt foar de stêd helle se de jonges yn. Dy leine beide foaroer op it stjoer en trapen foarop yn in ploech fan wol tweintich skoalbern. Even kamen de kopkes omheech doe't se harren foarby ried. In hân, in skreau, doe wiene se achter har. Handich manoeuvrearre se har weintsje troch de drokke moarns-spits en fûn in plakje op it parkearterrein. Krekt op 'e tiid stapte se de winkel yn. Se koe daliks los, want der wie in nije sinding klean oankommen en dy moast sortearre, prize en yn 'e rekken hongen wurde. ‘Moai spul,’ sei se tsjin Tine, har kollega. ‘Fynst dit net in prachtige blûze?’

‘Ja, moai,’ andere Tine. ‘Dat binne ek krekt dyn kleuren. Hâld him ris foar.’

Hilda der mei foar de spegel. Hy stie har goed en eins wie dit krekt de blûze foar op har nije rok. Se seach ris nei it priiskaartsje. Der gong ek noch personielskoarting ôf, dan wie er net djoer.

[pagina 15]
[p. 15]

‘Wêrom past him net even?’ sei Tine. ‘Der komt de earste tiid dochs noch gjin kop.’

Even letter luts se yn in pashokje har trui út. Wylst se har beha, dy't wat opskood wie te plak luts, fielde se ynienen wat frjemds, oan 'e ûnderkant fan it iene boarst. Wat wie dat? Wer gongen har fingers der oerhinne. Nee, no fielde se neat. Se moast it har ferbylde ha. En dochs hie se wat field. Se skode it gerdyn wat better ticht en die de beha ôf. Foar de spegel beseach se no beide boarsten, gong taastend mei de fingers oer de iene en dan oer de oare. Ja, dêr wie it wer. In bultsje, in hiel lyts bultsje, net grutter as in eart, oan 'e ûnderkant fan it boarst! It swit bruts har út. Dat wie dochs net...? Nee, dat koe net!

Se fielde oan de oare ûnderkant, nee, dêr wie it net. Wol oare bultsjes. Goh ja, as jo woene koene jo wol hûndert bultsjes fine yn in boarst.

‘En hoe stiet er?’ rôp Tine, dy't it grif lang genôch duorre.

‘Ik eh, ik ha him noch net goed oan.’ Hastich luts se de beha wer oan en doe de blûze. Net oan tinke, hold se harsels foar. It hoecht neat te wêzen, miskien hast it dy dochs allinne mar ferbylde. Even streake har hân oer it plak. Nee, sa fielde se neat. As der wat wie dan soe it dochs wol sear dwaan? Jawis, dat moast sa wêze. Wat wist sy ek fan soks. Ja, se wist dat men geregeldwei sels jins boarsten ûndersykje moast. Se hie in stik út 'e Libelle knipt, mei tekeninkjes, hoe't dat moast. Lei yn it nachtkastke. Al jierren. Se doarst it gewoan net. As men woe koe men fan alles fiele. Dom fansels, mar yn datsoarte fan dingen wie se gjin held. Medysk wie se ek totaal net ûnderlein. It ynteressearre har net en wat men net wist koe jin ek net pleagje, tocht se dan mar. Ek dat soe wol koartsichtich wêze.

‘Komst dêr ek nochris wei?’

‘Eh ja, even it hier yn oarder bringe.’ Se skode it gerdyn fansiden. ‘Prachtich,’ bearde Tine. ‘Bern, wat stiet er dy goed. Moat allinne even in oare rok by.’

[pagina 16]
[p. 16]

‘Ik ha ommers dy ljochtgriene noch. Dy kleur sit hjir ek yn. Sil 'k him nimme?’

‘Ik die it al. Oars krijst der letter grif spyt fan.’

Se luts de blûze wer út. Noch ris taasten har fingers nei it plak ûnder oan it rjochterboarst. Nee, no fielde se neat. Sjochst wol, ferbylding, tocht se opluchte.

 

Dochs moast se de hiele moarn sa no en dan even stikem fiele. It liet har net los, ek al hold se harsels hûndert kear foar dat it neat wêze koe.

De moarn gong stadiger as oars foarby. Doe't se thúskaam wie it earste dat se die foar de spegel de klean út en wer sjen. Earst fielde se neat. Doe rekken har fingers dochs wer itselde plakje en fielde se itselde as de moarns: in lyts rûn bultsje. Yn it oare boarst siet dat net, dêr wie se no wis fan. Se seach nei har eigen spegelbyld, socht har eigen eagen: ‘Dit is mis, fanke,’ lústere se. Se fielde dat se begûn te switten, fielde in frjemde eangst opkommen, it wie oft de badkeamer even lytser waard. Freark, wie Freark hjir no mar. No kaam er ek noch krekt let thús. Soe se him belje? En dan? Soks koene jo dochs net oer de telefoan behannelje. En as it allegear ferbylding wie, wat dan?

Wer gongen har fingers oer it boarst. Se socht it artikel derby mei de tekeningen hoe't se it boarst ûndersykje moast. Hieltyd wer einigen har fingers by dat iene bultsje.

 

De dei bongele stadich foarby. Se iet mei de bern, hearde de wenstige ferhalen oan oer leararen dêr't neat fan doogde en húswurk dat net te dwaan wie. Selma sei net folle, mar de jonges lieten har no mei rêst.

Ungeduldich wachte Hilda de jûns op Freark. Se gong sa sitten dat se syn auto daliks sjen koe as er it dykje opried. It duorre foar har gefoel in ivichheid, mar lang om let, dêr wie er dan. Mar wat se sa graach fan him hearre woe dat koe er net sizze. ‘It is neat, no Freark?

[pagina 17]
[p. 17]

Wy ferbyldzje it ús no? It kin neat wêze.’

Se fielde hoe't syn fingers om it bultsje slueten, seach de feroaring op syn gesicht. Doe sei er: ‘Ik wit 't net leave, moatst moarn dokter mar al even belje.’


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken