Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
Imitaasjelear (1988)

Informatie terzijde

Titelpagina van Imitaasjelear
Afbeelding van ImitaasjelearToon afbeelding van titelpagina van Imitaasjelear

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.39 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

Imitaasjelear

(1988)–Jetske Bilker–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende
[pagina 38]
[p. 38]

10

Margreet wie dwaande mei it passen fan al har T-shirts mei lege hals, doe't Anke betocht dat se al sin oan kofje krige. Margreet sei dat se it sels mar sette moast. Wifeljend socht se nei eat dêr't kofje yn sitte koe en iepene al de bussen dy't dêrfoar yn 'e beneaming kamen. In tsien menuten letter kamen de earste kofjedrippen yn 'e pot. Margreet kaam mei in tigershirtsje oan, mei ien skouder hiel nonsjalant bleat, har sliepfertrek út.

‘Do ek?’

‘Ja, jou my ek mar ien.’ Se dikere yn it spegeltsje dêr't it waar yn siet, brocht har gesicht der ticht by en loek in potleadsje by de eachleden lâns. Anke seach it oan en tocht oan dy iene peaskefakânsje doe't se harsels foar it earst it besjen wurdich fûn hie. Alle moarnen hie se in swart streekje ûnder de eagen lutsen, in útskuord artikeltsje ut 'e Libelle yn 'e hân, want dêr stie yn hokker streekjes by hokker eagen pasten. Mar as se dan wer nei ûnderen gien wie foar de kofje, fage se mei in wiet waskhantsje alles der wer wei. It stie har net, de eagen sprongen har dan sa út it gesicht. Op in jierdeifeestje hie se it noch wol ris besocht, mar nei in healoere seach se der sels neat mear fan en boppedat fergeat se ek, dat se har dan net yn 'e eagen wriuwe koe.

‘Do ek?’ frege Margreet no.

‘Nee.’

Se hie leaver dat Margreet it ek net die. It brocht sa'n ôfstân tusken harren beiden. As hearde Margreet dan fuortendaliks by in oar soart minsken.

Der gie de bel. Loes.

‘O... hoi,’ sei se tsjin Anke dy't healwei de trep stie en

[pagina 39]
[p. 39]

de doar iepen dien hie mei it tou. Boppe begroete se Margreet útlitten.

‘Ek kofje?’ frege Anke.

‘O... eh, jawol, hear.’

Margreet paste har rezjimint skuon. Loes joech kommintaar. Sels hie Loes wite sandaaltsjes, mei fiters om 'e kûten hinne, dy't se by de knibbels fêstbûn hie. Margreet rûn laitsjend op har heechste hakken troch de keamer, de kofje klotste hast út 'e beker dy't se yn 'e hân hie. Anke besaude har, wat in hakken..., dat Margreet dy hie! Se seach mem al as se mei sokke skuon út 'e stêd kaam.

‘Hast der sin oan?’ frege Loes en kearde har bewust nei har ta.

‘Ja hear,’ sei se. ‘En do dan?’

‘Mmmm,’ die Loes.

Fansels, tocht Anke, foaral net sizze datst der sin oan hast. Do hast dit al mear meimakke, mar foar har wie it de earste kear dat se nei in bar soe. Se hie thús mar net krekt dúdlik makke wat se yn Sachtenberg dwaan soe, want heit en mem wiene fan betinken dat se de lêste tiid tefolle op 'e flitter wie. Dat se hie mar sein, dat se in útnoeging krige hie fan Rita om in nacht yn Sachtenberg oer te bliuwen. Dat hiene se al frjemd genôch fûn, want se hie it ek noch noait oer Rita hân. ‘Giet Gonda ek mei?’ hie mem noch frege.

‘Nee,’ hie se sein, en ‘no moat mem ophâlde oer Gonda, want der sitte noch mear minsken yn 'e klasse. Oan Margreet hie se ferteld hoe'n lijen as it west hie om hjir hinne. Twa wike lyn hie se nei de skoallejûn ta west; dêr hie se al in healoere foar prate moatten. It wie noch dêroanta, dat se it har net ferbean hiene. Mar it joech sa'n spanning thús. Gewoane ferhalen

[pagina 40]
[p. 40]

oer skoalle, lykas ferline jier, wiene der no net mear by.

Anke hie thús al oeren foar de spegel stien om te sjen yn hokker klean se der it aardichst útseach. It wie op 'e spikerbroek útdraaid en it grien ferve blûske. Net dat dat no sa moai wie, mar it stie wol wat sleau en dat paste wol by har. Boppedat, en dat wie noch wol fan it grutste belang, fielde se har hjir bêst yn. As men net moai wie en men die ek gjin moaie klean oan, dan koene oaren dochs noch tinke dat men ûnder dy klean noch hiel wat wie. As moaie klean ek net stiene, moast it wol oan jinsels lizze, dan wie der gjin hope mear.

Loes brocht it petear op Gonda, mar se gie der net op yn. Margreet en sy hiene sa har eigen kijk op Gonda. En ek op Loes. Dus Loes moast dêr har noas net ynstekke. Se antwurde koart dat se net wist oft Gonda ek mei gean soe en Loes sette dêrop in ferwûndere, misledige gesicht. Se draaide in sjekje yn 'e stilte dêrnei. Margreet seach amusearre fan de iene nei de oare.

‘Se binne let,’ sei se doe.

‘Ja,’ seine Loes en Anke tagelyk.

De kofje wie no ek op en Anke hie der gjin ferlet fan om ûnder Loes har eagen in sjekje yninoar te draaien. Nuver dat it no sa stil wie. Loes en Margreet wiene dochs al jierren freondinnen, dy koene dus wol wat ûnderwerpen ta harren foldwaan hawwe om de tiid fol te praten. It wie dochs beswierlik om sels mei allerhande fragen te kommen.

Neidat se de mouwen fan 'e blûse op en del rôle hie, begûn se mei it aaien fan 'e kat. Mar dy rûn by har wei. Margreet gniisde wat.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken