Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
Imitaasjelear (1988)

Informatie terzijde

Titelpagina van Imitaasjelear
Afbeelding van ImitaasjelearToon afbeelding van titelpagina van Imitaasjelear

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.39 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

Imitaasjelear

(1988)–Jetske Bilker–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende
[pagina 88]
[p. 88]

24

Anke siet yn ien fan de mei oranje beklaaide stuollen yn it keammerke, dat grinze oan 'e leararekeamer. It wie de moandeitemiddei nei it wykein fol trelit, want Margreet hie tusken de middei útfûn dat Donkersloot allinne op dizze middei syn sprekoere hâlde. Se hie Anke oantrune om der fuort mar hinne, dan soe se der mar wer ôf wêze. Dat se wat skruten nei him tagien wie, kaam omdat se it wurk fan in dekaan altyd keppele hie oan drugs- en drankswierrichheden. Of in hiel grut leafdesfertriet.

Mar Donkersloot, learaar rekkenjen en o sa populêr, hie mar nearne nei frege en se hiene in ôfspraak makke. Doe't er der yn kaam wist se hielendal net mear hoe't se it fertelle soe, se begûn te stammerjen en sei hieltyd mar wer dat se har sa skamme, mar ek dat se der net mear útkaam. Donkersloot, dy't der faaks net folle fan begrepen hie, sette doe útein mei it stellen fan in pear fragen en stadichoan begûn se wat geregelder te fertellen.

‘Dat wie it,’ sei se doe't se miende dat se alles wol sein hie en betocht dat Donkersloot dit grif net fan har tocht hie. Yn 'e klasse wie se by rekkenjen altyd mar wat hoeden, want se makke net folle fan har praktyklessen yn dat fak.

‘En no?’ frege de learaar. Se begûn it lestich te finen dat der hieltyd mar oplossings fan har ferwachte waarden as sysels nei de minsken ta gie om help te freegjen. Se gie dochs net om 'e nocht nei immen ta om ris noflik har sitewaasje útien te setten?

‘Ja,’ sei se. ‘Wat no? Goede fraach. Ik wit it net. Ik wol o sa graach út 'e hûs, mar ik wit net heal hoe't dat fi-

[pagina 89]
[p. 89]

nansjeel regele wurde moat. Ik tocht... miskjin witte jo... oft der in mooglikheid is om ûnôftiinklik fan myn âlden op mysels te wenjen.’

Donkersloot hie de wynbrauwen omheech doe't se him oanseach nei dy lêste útsprutsen sin: ‘Is it net wat ûnferstannich om yn sân hasten it hûs út te gean? Soest it net wat belúnje litte kinne? Dan kinst letter, ast dyn akte hast, yn ien kear in goede keamer sykje. Op keamers wenje is djoer, witste, en do soest mar in benaud lyts beurske krije kinne. Jim heit is ek learaar, seidest?’ Se knikte ferslein. ‘Mar ik kin net mear yn 'e hûs wenje,’ besocht se noch.

‘Do libbest yndie thús wat yn in beskerme wrâld, lykas ik út dyn ferhaal opmeitsje kin. Mar, ast my fregest - en do fregest it my - soe ik dy oanriede om te praten. Doar hieltyd wer petearen te iepenjen. Praat troch. Meitsje dyn âlden dúdlik datsto dyn eigen stânpunten hast op ferskillende gebieten en ast dat op in iepene manear dochst, silst sjen dat se nei in skoft út harsels akseptearje sille, datsto dyn eigen libben hast.’

 

Margreet wie poerrazen doe't se it relaas fan Anke hearde, dy't no alle moedfearren hingje liet nei it petear mei Donkersloot. ‘Dat hat men no fan sa'n kristlike skoalle!’ rôp se lûd. ‘Hald it gesin as hoekstien fan 'e mienskip wit-hoe-heech yn eare, ek al slachtsje de gesinsleden inoar ôf! It falt my glûpendst ôf fan Donkersloot! Ik hie tocht dat er mei wat praktyske advizen komme soe en no begjint er te preekjen! Hat er hielendal net oer in beurs of sa praat?’

Se fertelde dat er dêr oer sein hie dat se dêr net folle mei opskeat omt har heit in heech lean hie.

‘Dat is bekend,’ sei Margreet. ‘Mar der moat dochs ek

[pagina 90]
[p. 90]

in mooglikheid wêze foar minsken dy't studearje wolle sûnder dat harren âldelju dat betelje wolle. Yn dit lân, dêr't elkenien saneamd likefolle kânsen hat, moat dat dochs kinne! Anke, harkje ris, ik skriuw moarn noch nei Grins, dêr sit in ynformaasjeburo foar soksoart gefallen, ik skriuw der sels ek altyd hinne, en dan freegje ik nei de mooglikheden.’

Mar Anke koe net pakt wurde troch de striidlust fan har freondin. Ferwêzen streake se op 'e kat om. Soe se mar net by heit en mem bliuwe en wachtsje oant se fan skoalle ôf wie? It duorre ommers noch mar in jier en dan koe se dêrnei altyd noch dwaan wat se woe. En wurde wa't se woe. Soe se harsels net in jier mear skikke kinne yn 'e regels dy't har âlden foar har opsteld hiene?

‘Kom bern,’ sei Margreet, ‘net sa swart sjen, hear. It komt allegearre wol goed en ik sil in lekker bakje kof]e sette.’

 

Margreet skille hiel wat ôf mei de ynformaasje foar stúdzjebeurzen en lei mei Anke oer wat de mooglikheden wiene. Anke wenne no al in wike by har op 'e keamer en se diene in soad tegearre. Oan oare klassegenoaten hiene se net ferteld dat Anke tydlik by Margreet útfanhûze, mar Joop hie praat, hy hie har in kear frege wêrom't se net mear meifytste nei it stasjon. Gonda en Anke praten amper mear mei inoar. De ôfstân tusken harren beiden wie sa grut wurden dat Anke no hielendal gjin reden mear hie om argewaasje fan har te krijen.

Mar op ien fan de dagen dat Anke alle middeis ôfsette nei de keamer fan Margreet, hie Gonda blykber kâns sjoen om har oan te sjitten sûnder dat Margreet

[pagina 91]
[p. 91]

derby wie en se hie tsjin Anke sein dat se mar ris prate moasten. It skeat Anke der al fan yn 'e fuotten, want se hie yn 'e rekken dat dit útstel yn it foardiel fan Gonda wie. Al wat sy oant no ta dien hie, wie just it mijen fan in persoanlik petear mei Gonda.

‘Ja,’ sei se, ‘do hast gelyk. Mar kin it by dy? Ik sit tsjintwurdich by Margreet yn 'e hûs.’ Se hearde sels wat grutskens yn 'e stim. Gonda seach har mei in lyts leechachtsjend glimke oan, mar sei dochs dat it om har wol koe en se praten deselde jûns noch ôf.

Mei de mage fol ratteljende senuwen kaam se by Margreet, dy't al oan 'e buorrel siet. De dei hie lang en dreech west, lake se. Anke naam der in swolchje fan en die it ferhaal fan de ôfspraak dy't se jûns hie. Mar Margreet laker der wat om en sei: ‘Sille jim de ferkearing útprate?’ Se sei fierder dat it mar goed wie, dan wie se ek mar fan Gonda ôf en, dat wie noch better, fan har skuldgefoel, want dêr hie Anke har ek oer ferteld.

De lêste tiden hiene se net mear safolle oer Gonda praat, net allinne omt se net mear mei Gonda prate, mar ek omdat der no oare dingen oan 'e oarder wiene. Mar no kaam Gonda har dochs wer klear foar de geast. Jûn soe se dêr foar Gonda oer sitte en se soe net folle te sizzen hawwe. It wie wol moedich fan Gonda om sa'n petear út te stellen, al wie it wol wat formeel.

Op 'e fyts gie se jûns de wei op nei it lytse doarpke dat ûnder de reek lei fan Achterlo. Se hie dit ein ferline jier faak fytst, doe't se noch gewoan by Gonda hearde en dêr tefreden mei west hie. Wat hie se bliid west dat se in freondin hie.

Gonda har âlden sieten yn 'e achterkeamer, seach se, doe't se de fyts achter hûs sette. Freonlik seine se

[pagina 92]
[p. 92]

har dat Gonda boppe op har keamer siet en Anke soe der dan direkt mar hinne omdat se it in pynlike saak fûn om no in noflik teepraatsje te begjinnen mei har âlden.

Midden yn de snuisterijkes, surreälistyske platen en samling stiennen katsjes, siet Gonda te haken oan de opdracht dy't se foar ‘Tekstile Wurkfoarmen’ krigen hiene. Se avenseare aardich, seach se mei in fluch each en daliks skeat it har yn 't sin dat sy dat ding noch by heit-en-dy lizzen hie. Gonda hie in jurk oan, in nijenien blykber. Hy wie wiid en wyt. Har hier, ljocht as dat fan harsels, hie se sa koart mooglik knipt. Anke sei dat se it in moaie jurk fûn.

Se praten, wylst Gonda hinne en wer rûn mei kofje en kopkes dy't se fan ûnderen wei hie, oer skoalle, de praktykskoalle en de wurkstikken dy't no gau ôf wêze moasten. It gie har net maklik ôf en se wist ynienen dat in praatsje oer de gewoanste dingen net sa neatsizzend wie, as se altyd tocht hie. Se hie der nea earder lêst fan hân dat se by Gonda de wurden sa swier yn 'e mûle lizzen fielde. Oan 'e oare kant wie it wer, as die se fierstente oerflakkich foar sa'n earnstige sitewaasje.

Gonda skynde nearne lêst fan te hawwen, se prate mar fleurich troch oant se samar, noch mei deselde fleurigens, frege:

‘Silst út 'e hûs wei, hen?’

‘Ja,’ sei Anke kalm, mar it hert sloech har in slach oer omdat it petear no persoanliker wurde soe. ‘We binne der mei dwaande.’

‘En silst dan by Margreet wenje?’ Se frege it as soe it hiel logysk wêze.

‘Nee, bist mâl? Op ien keamer, tink?... Nee, as ik it

[pagina 93]
[p. 93]

finansjeel regele haw, sil ik hjir in keamer sykje.’

‘Ik fyn dat net sa'n gek idee fan dy. De pear kearen dat ik by jim thús west haw, begûn it my oeral te jûkjen, mei al dy geboaden en ferboaden.’

Omdat it in hiel oare saak wie as in oar krityk op har âlden hie, stiek dit al. Foaral as se betocht dat mem sa mei Gonda meifielde. Mar it wie fansels ek sa dat Gonda de earste wie dy't har begripe koe, op Margreet nei.

‘Ik fyn Margreet en dy mar in nuver stel,’ begûn Gonda op in wat skellere toan te praten. Anke sloech de skonken oer inoar en socht om har sjek dy't op 'e tafel lei. Nee, no net fuort smoke as it dreech wurdt, tocht se. Se gie rjochter sitten.

‘Hoesa?’

‘Margreet is krekt sa'n mem foar dy en do gedraachst dy dêr ek neffens.’

Anke lake skril en betocht fluch dat Gonda fansels jaloersk wie. Mar Gonda wie noch net klear.

‘It skynt dy ek wol te befallen. Margreet palmet dy aardich yn. Se stokelet dy op. Ek tsjin my, nim ik oan.’

‘Welnee,’ sei Anke.

‘Ach kom,’ gie Gonda no wer wat lûder fierder en Anke gie der mar net tsjin yn. Gonda stie yn har rjocht, wat se fierder ek die of sei. Hàr wie wat oandien...

‘Sûntsto dy fiif dagen mei Kees omslein hast, is it dy aardich nei de holle stiigd. Nei my of Hilly sjochst net mear om, mar krûpst hielendal by Margreet yn 'e bûse. Samar ynienen wiene wy dy te min, net populêr genôch.’

‘Ach Gonda, hâld dochs op mei dat flauwe praat;

[pagina 94]
[p. 94]

Margreet en ik kinne it tafallich goed mei inoar fine, dan sit der dochs gjin kwea by om mei inoar om te gean?’

‘Der sit grif ek gjin kwea by om oare freondinnen dan sitte te litten?’

Anke swei no en in pear tinzen mealden har no yn 'e holle om, dy fan 'e sliepeleaze nachten en dy fan de spyt om in oar sear dwaan te moatten.

‘Dêrom woe ik mei dy prate. Ik haw net folle nocht oan sa'n freonskip. Hoechst op my net mear te rekkenjen ast ea yn 'e swierrichheden komst.’

‘Doch asjeblyft net sa dramatysk, Gonda,’ lake se wat bibberich.

‘Ik doch net dramatysk as ik it oer swierrichheden haw.’ Gonda prate no mei in lege stim. Har eagen hie se talutsen. Sa moast se foar de klasse stean as se lilk die tsjin in dwers bern. ‘Ik wit wat it is om problemen te hawwen en in freondin te hawwen dy't jin sitte lit.’

Anke stiek in sjekje oan.

‘Om 'e ien of oare reden kin ik yn 'e klasse neat mear dwaan of it is ferkeard. Ik stean samar allinne.’

Se woe protestearje, of leaver, se woe dat sokke dingen net sein waarden. Se woe net dat Gonda har eigen sitewaasje ynseach. Sels soe se stjerre as ien har soks sizze soe. Of se soe op syn minst fan skoalle ôf gean. ‘En de earste dy't my allinne lit, is myn freondinne Anke Stevens.’

Se woe roppe dat it net wier wie, want hie sy it net west dy't Gonda oan it lêste ta ferdigene hie? En hie se net tsjin harsels fochten om it net safier komme te litten?

‘Ik haw leaver datst no fuort giest,’ sei Gonda en Anke bûgde har fuort foaroer om sjek, floei en oanstek-

[pagina 95]
[p. 95]

ker yn 'e tas te dwaan. In jiskebak foar har baarnend peukje koe se sa gau net fine en smokendewei gie se de trep wer ôf nei bûten ta. Gonda har âlden woe se net mear groetsje.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken