Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
Ta him dyn begearte (1999)

Informatie terzijde

Titelpagina van Ta him dyn begearte
Afbeelding van Ta him dyn begearteToon afbeelding van titelpagina van Ta him dyn begearte

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.65 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

Ta him dyn begearte

(1999)–Ypk fan der Fear–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende
[pagina 87]
[p. 87]

20

Foar Brún komt in ynfaller. Dat is Heiltsje' slach. Wol is 't in nuveren, mar hy kin mei foarke en riuwe omgean, en dêr hat Barre mei te rekkenjen, dy moat troch de ûngetiid.

Geauwe sûpte foarhinne wol. Hy hat lang út Gaasterlân wei west, der wie wat. Yn 't gea waard grute en beard, dat it om in faam wie, nimmen wist sekuer, mar hja ealgen it. As de leafde dermei mank is, binne de minsken fruchtber en warber yn de fantasij, hja ornearje, pinfiskje, ferhelje oer dy leafde, oan it mearke wurdt spind, it brutsen mearke, wa soarget foar it happy end?

Geauwe dan komt werom, sa rint it ferhaal en is eigenaardich wurden, hat famylje te wenjen yn in eptich hûs fan stien, en krûpt yn in klinte. Der binne smoute, feilige, goede buorrens yn Gaasterlân en hy wennet mei spoek en ferskining op de iensume toarre Nijemarder heide, sjocht dêr rare dingen, mar swijt deroer. Giet it him te wreed, dan sjongt er psalmen Davids, falsk as in ûnferwachte misse stryk op de fioele, mar de kweade wykt, de betsjoening brekt.

Te fûlder balt er no. De kninen komme út 'e hoalen, de earkes spits omheech, mar justjes en hja wippe fuort. De fûgels swije. Tsjin de jûn plichtsje de jonges wol te kommen, hja meie graach oer it nuvere, it bûtengewoane. As hja it treffe, dat Geauwe de sjongrite hat, ferskûlje hja har yn de bosken en sjonge de psalmen mei op ferdraaide wizen. Geauwe wynt him earst net op, sjongt mismoedich troch. Nei eltse ynspanning fan syn Sterke longen, wriuwt er oer it hurde burd.

[pagina 88]
[p. 88]

Dêr heart er dat ferdijde wurd wer, is ynienen beret. Deastil is 't yn 'e bosk.

Wie 't Herre, Inne of Beimen?

‘Heidedivel, heidedivel!’ It beart fan alle kanten om him hinne. Hy is poer, stiet te swaaien mei de fûsten. Wee, as er ien fan de jonges benaderje kin mei stikelspar of skieppetsjoar. Hy hâldt him op 't lêst yn. It mei net, seit er. Mar dagenlang bant er neitiid de knapen út 'e bosken wei.

Wêrom in minske sa op 't uterste fergje!

Geauwe is ek in minske! Wol in bûtenwenstich minske mei bûtenwenstige sinnen, mar in minske.

Somliken ha de gek mei him. Tinke dat er bûten 't ferstân is, oaren fine him wol goed, mar ûnwêzenlik. Sa'n rûchhouwer hy yn 't foarige wêze moatten hat, sa dimmen is er no. Hja binne jit lang net klear mei Geauwe. Hy giet oer folle tongen.

Mar arbeidzje kin er, en hy hat it oan de lea, spitich dat er sa ûnevenredich is. Samar ynienen kin er it wurk derhinne smite en wurdt wei op de heide.

Ja, dit is Heiltsje slach en in mânsken hûnder foar Brún en syn mem, ferlittene Klaske. Yn 't stee fan Brún, de hearremyt. De boer hat de kar besegele. Nei't Heiltsje de skampers op 'e foet neisjoen en in tinne koarste bloed, neat te betsjutten, der ôfwosken hat, skonket er daliks yn ûngetiidoerdwealskens nei de heide ta, de swide Griene Singel del.

In eigenerfde Gaasterlânske boer stiet by Geauwe' klinte, op 'e heide. Hy sjocht ûnwennich om him hinne. Stiet dêr net de hege dinnebeam, dêr't immen him yn ferhongen hat? Nachts spoeket de geast hjir om, de holle yn in sek mei heidegers. It binne leagens, fratsen en lykwols strykt der him in fleuchje eangst troch it boarst.

Dêr komt Geauwe krekt oan, in earmfol jonge woartels lit er falle. Moai lizze hja dêr yn 't frisse woartellof, oranje op grien.

‘It is myn miel,’ seit Geauwe, ‘en wat moat Barre Stoffelsma?’

Hja binne daliks akkoarte, sadwaande hat de boer de leie yn hannen holden, mei fjirtjin dagen sille hja wer sjen, en skielk mei de rispingen. Alderheljen is der wol in nije feint te krijen, tinkt Barre.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken