Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
Ta him dyn begearte (1999)

Informatie terzijde

Titelpagina van Ta him dyn begearte
Afbeelding van Ta him dyn begearteToon afbeelding van titelpagina van Ta him dyn begearte

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.65 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

Ta him dyn begearte

(1999)–Ypk fan der Fear–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende
[pagina 89]
[p. 89]

21

Nei de oerdiedige drokte fan de dagen, is de snein noflik. No net it hastich gefottel fan de boer en syn koarte ôfbiten hjittings, net de soere rook fan swittende leaën, net de driuw fan de simmerdei, it gerattel fan de bolderweinen, it riden fan hea yn weiden oer lân en wei.

Der komt daliks al in bewiis fan sneinsrêst oer de pleats, it wurk is der net. Mar it rithme moast al te hommels ynhâlde, weaget nei, de senuwteisters trilje en prykje yn hannen, yn skonken.

It is Gods dei, dizze dei fan frijwillige rêst.

Barre is gjin minske. It hea, it hea, singeret it yn syn holle. It waar begjint te driigjen.

It swierste offer bringt er hjoed, it offer fan de tiid.

De boer sit yn 't fjouwerkant en siket dêr beuzichheid foar syn tipelsinnige geast, sjocht de tsjerke oer, hifket tagelyk de preek op djipte, beoarderet en bedisselet thús en ropt himsels der ek daliks wer wei nei de lidmaten yn de tsjerke.

Under 't lange gebed hobbelt er yn de bolderwein oer de greiden.

Alderheljen is der wol in feint te krijen, dêr tinkt er no oan, suver ûnder dûmnys azem.

Wat preket dy man lang, is it noch gjin tiid?

Wat er nea docht út goed fatsoen, dat docht er no. Hy hellet syn grutte raap út 't festjebûske wei. Mispriizgjend sjocht de dûmny syn kant út. No moat er him ek noch skamje. Hy skerpet

[pagina 90]
[p. 90]

him op, heart wol, it is wer lichte kost, hat er it wurd ‘hei’ al ien kear heard? Altyd dat suertsjepraat oer himel en leafde. Mei in ynbylde himel skielk de hei yn, dat komt derfan.

Barre' eaget de tsjerke oer. Fan 't Slot binne hja mar minmachtich dizze reis. Alde baker sit der al, dy mist nea ien kear. Der sjocht er harren Wiger, Gerke syn heit, dêr't gjin besteklikens oansit, nee, dan dy Gerke, dêr sit mear deugd oan, dy hat it Stoffelsma's aard.

Barre susters sitte der mei 't brede goud op 'e holle: Simentsje, Durkje, Wypk en Fouk. Fouk lit it rûkersdoaske rûngean.

Degelike froulju allegearre, mar sa swart, krekt joadinnen. Der wurdt grute, ien fan de oerbeppes is in joadinne út Snits. Barre wol 't sa net ha, syn laach is der te bestindich ta. Wiger, no ja. Wêrom boaske er oan dat swartseldoaske fan in wiif?

Hè, wat binne syn tinzen útfleanerich, oeral sjitte se, dêr't se net hearre. Ynienen sjocht er de hea-oppers foar him, wurdt der fleurich fan, want de sinne skynt der gleon op, in kostlike rook fan hea is by him, kjel sjocht er om him hinne, it is dochs ferbylding? No fernimt er, dat de sinne alhiel net mear skynt, in poerswarte wolken skot oer 't ferwulft, alle minsken sjogge der blau en skrousk fan, sa wûnder as dat ljocht yn de tsjerke falt.

Kom, hy moat mar stean, 't is suver net mear te bankjen, it swit brekt him út. Dy wolkens! Soene de drippen al weisakje yn dat goudene hea? Hoefolle is him hjoed al ûntkommen? Der stean folle manlju oer de tsjerke hinne, winliken mear as oars, wurde fansels ek jage. Somliken ha de hege swarte pet opset. It is hjir gjin wenst, lyk op Urk, dat de froulju steane, dat hat er opmurken, doe't er yn Urk oan 't preekharkjen wie. Froulju hearre net sa opsichtich yn it tsjerklik fermidden te stean, dat is net neffens Paulus, lykwols mannich frommeske is oan 't steande harkjen ta fanwege de slûgens.

Dêr is de psalm dan, hja gean der foar sitten, ferskikke flitich, dogge lang oer elk wurdlid en helje draaiend út:

[pagina 91]
[p. 91]
 
'k Ben gewoon in bange dagen,
 
Mijn benauwdheid U te klagen;
 
Gij toch, die d' ellenden ziet,
 
Hoort mij en verstoot mij niet.

In pear tellen neitiid sinke folle wurge hollen mei skokjes op it boarst, fearje kjel wer omheech, mar ploffe stjittend del., no foar gâns in skoft, gjin wûnder yn dy bjusterbaarlik waarme en drokke ûngetiid, as it Stilsitten de sliep hast ferget.

Lokkich de manlju, dy't stean meie. Foar allegearre is it in gewissepleagjende ferromming as dûmnys mûle it amen oer har hollen útropt. Dat koarte wurdsje makket de geasten furdich, mar earst jouwe hja har oer oan 't gebed.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken