Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
Ta him dyn begearte (1999)

Informatie terzijde

Titelpagina van Ta him dyn begearte
Afbeelding van Ta him dyn begearteToon afbeelding van titelpagina van Ta him dyn begearte

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.65 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

Ta him dyn begearte

(1999)–Ypk fan der Fear–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende
[pagina 159]
[p. 159]

36

Neisimmer leit swier oer de ierde.

De blêden fan it beamte oan de wei, it gers fan de berm, de hagen oan de wei, binne goar en griis fan de moude. De fruchten en blêden hingje wilich oan de planten. Blommen fertutearzgje, it gers op 'e hege greiden sjocht read fan skroei. De hiele natuer suchtet, steunt fan droegens. De sinne strielet oer dat alles hinne, gleon, glei, glinsterjend. Der is gjin wyn, dy't kuolte bringt, der komt gjin buike fan fertreasting.

Buorman Harmen stiet yn 't swart by de tsjerkhôfshikke, it swarte petsje yn 'e hân. Hy hat yn buorreplicht it grêf út moude dold, in swier en fertrietlik kerwei. Hy sil de stoet heine en ynliede, as it tiid is. Oebele stiet yn 't skaad fan de tsjerketoer. Hy sil helpe. Krûm ferwoechsen, sa't er is, hinget er tsjin de âlde muorre oan.

't Is hast tiid, hja komme daliks, hy sjocht op syn liend horloazje. Dûmny is dy kant al in hiel hoart út. Aanst wer liede, salang net as op 'e stjerdei, in lange oere, de tiid foar in man.

In pear hantaasten, in taastend besykjen, dêr weaget it lûd al oer it gea, alle kanten út.

Elk dy't it heart hat efkes de tinzen frij.

Bim-bam, bim-bam, bim-bam, der is wer immen wei, komt net werom.

Hy komt yn de ierde, stof by stof.

Bim-bam, bim-bam, bim-bam, de siele stie foar God en waard berjochte.

[pagina 160]
[p. 160]

Wa is 't hjoed? 0, Brún, 't is wier, al hast fergetten. Elk tinkt derby oan Heiltsje.

‘Ha 'k it ferline wike net tocht?’ seit Ibeltsje. ‘In kear lette de klok sa eigenaardich. It komt wol nei.’

Bim-bam, bim-bam, bim-bam. Ienkear liedt de klok foar dy. De tiid giet syn gong.

Is 't hjoed? Is 't moarn? Noch lang net? Goed, mar ienkear dochs. Wêrhinne? De klok liedt.

Ientoanich, lykwols mei betsjutting, mei in doel.

Bim-bam! Dêr is de stoet, de roustoet. Dragers ha de kiste op 'e skouders. Efkes rêste by de hikke.

Manlju yn 't swart, froulju, sjammen, tryst en near.

De dragers hifkje, swier is er oars net foar sa'n lange kiste.

Hja folgje, manlju út it gea, mar in pear foar in arbeidersjonge, ornearre ta it smelle earmegrêf.

De buorren, de mem, broers, susters. Syn faam?

Stadich ûnwennich bokselje hja om de ikker hinne, yn wide rokken of broeksboksen as kachelspipen.

Ienkear, efkes wachtsje, de dragers wurde wurch.

Twa kear, it grêf gappet bleek, tryst! De minsken switte sa. Hingje hja der tsjinoan om him kwyt?

De tredde kear! It sil oangean.

It moat.

In lyk giet ommers fansels wol by jin wei, Klaske!

Klaske leaut it net.

Dûmny bidt. Syn stim is tin yn de iepene natuer.

As de kiste yn touwen hinget en stjittend sakket, is dêr it lûd fan in skriemende frou.

Wat sjocht hja him stiif nei!

Is dat alles dat fan har jonge op ierde bleau? De kiste strak ûnder in smel platslein heuveltsje, oerjûn oan 't ferdjer.

Hy giet de kûle yn. De klok swijt salang.

Earne op in boerehiem sjongt in faam.

Hja sjongt, de kiste sakket, hja hellet út, de kiste stiet. Utgongsliet foar Brún! de ierde liedt him út.

[pagina 161]
[p. 161]

As in ferlossing klinkt daliks it bim-bam, bim-bam fan de klok. Bim-bam, bim-bam, wy binne 'm kwyt.

Noch efkes bliuwt er yn 't ûnthâld.

Hja reizgje wer, prate mei no ek.

De deagraver docht de lêste hantaast.

It roufolk komt ûnder de benearjende klam fan 't hinnebringen út yn de lossere styl fan 't weromkommen.

Elk giet mei foar 't earme miel, smite de deade graach fan har ôf.

Mei de libbenen libje en fuortfarre.

De neibesteanden is 't it slimste foar.

Mar God is genedich, dy't ek it alderslimste fertriet weislite lit fan jier op jier.

It libben jout nea lins.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken