Piksjitten op Snyp
(1999)–Josse de Haan–III‘- Dryhús hie al earder in rol yn myn libben spile dat my op it spoar brocht fan de aparte ideeën fan guon lju oer oare minsken. It hie te krijen mei hoe't se tochten en hoe 't se ûnderskied makken tusken de bewenners fan de buorren, sis mar. Der bestiene allegearre fakjes en laatsjes foar de soarten lju dy't der yn in fjild omrûnen. De learaar Dúts, De Par, wie de earste dy't my yn in spesjaal fakje hawwe woe en it deksel der opskroeve soe. Der sieten trije gatsjes yn, sadat ik noch wol sykhelje mocht, mar mear ek net. Blaze en spuie of skelle wie ferbean. Dat makke ik op út syn wurden. Ik siet yn de eineksamenklasse fan de Mulo. Hy sei streekrjocht tsjin my dat ik te stom wie om fierder te learen, en dat ús heit dat ek net betelje koe. Hy hie him miskien twa kear troffen. Dêrfoar fûn ik De Par al ferskriklik - ik hie dan ek meastens in fjouwer op syn fak - mar dêrnei haw ik him helendal negearre. Ik siet fakentiids op it stoepke bûtendoar as syn lessen begûnen. Ut en troch slagge it him en helje my der wei. | |
[pagina 237]
| |
In oar wichtich persoan út Dryhús die der letter noch in skepke oerhinne. Hy wie húsdokter, sa fyn as poppestront, en keurde minsken foar banen en foar skoallen. Hy fûn it kranksinnich dat ik nei de kweekskoalle woe. “Skoalmaster út sa'n gesin?”, sei er. “Hjoed de dei kin ek mar alles.” Hy brûkte fansels de taal fan it âlde lân net, dat wie foarbehâlden oan syn pasjinten. Hy hite De Fen, en hy hie al ris wegere nei ús hûs te kommen op in snein doe't myn broerke hast smoarde yn de kroep. Us heit moast de jûns let noch op 'e fyts mei myn broerke nei Dryhús. Net nei De Fen fansels, mar nei in oarenien dy't net iens tsjinst hie. Dy stie altiten klear. Dy De Fen wie in griffemeard loeder, dat wol op snein fertsjinje woe, mar as it puntsje by it pealtsje kaam frekte er it om te kommen by de minsken mei in pet op 'e holle. Doe't ik letter fan Simon Vestdijk “Meneer Vissers Hellevaart” en “De koperen tuin” lies dy't yn fergelykbere stedsjes spilen, begreep ik wat mear fan de saneamde notabelen, swetsers en kontsjeknipers yn 't tsjuster. Yn Dryhús wie dat net oars. It wiene lju dy't mienden dat se èn mear betsjutten as oare minsken èn dêrtroch ek tochten dat se har mear permittearje koene. Se sketen stront - sil ik mar oannimme - mar se bestiene ek út stront. Yn dat ramt seach ik ek de trouwerij fan De Sjof, jierren lyn, en letter it jaan fan in namme oan syn soan. It like eins noch wol wat op it merkefieren út de âlde tiden. Op in merkedei of op in feestdei - in trouwerij, de berte fan in bern, in sulveren houlik of sokssawat - lei it yn de reden dat de hawwers de net-hawwers traktearren. Foaral op drank. Dy drankkraan waard wiid iepen setten, en de skinkers koene genietsje fan de dronkemanstafrielen dy't plak fûnen. Guon stakkerts waarden sa sêd fuorre, dat de skinkers net te beroerd wiene en pak de froulju en de dochters fan de laveleazen. It rjocht fan de earste nacht hie al lang belies jûn, mar op sa'n wize koe it noch aardich wurkje. De net-hawwers bestiene by de graasje fan de hawwers. De Sjof sil trouwe. Hy hat syn stúdzje oer de achterstân fan de arbeidersbern ôfrûne, en no sil it heve. Soks moat fansels fierd wurde. It ôfstudearjen en de trouwerij. De heit fan De Sjof is grutsk, en de wurkers op syn koöperaasje moatte dat witte. It âlde feest wurdt yn in nij jaske setten mei't de arbeiders op it fabryk yn in aparte bus nei in eksklusyf restaurant riden wurde yn de Grutstêd. De patser traktearret. It sil heve, it is feest. | |
[pagina 238]
| |
De arbeiders en har froulju ferslaan yn de ryklik oanwêzige foarken, messen, leppels, boarden en wynglêzen. Se sûpe de wyn as glêzen bier. De obers drave en fleane om de foarried flessen op peil te hâlden. In inkeldenien begjint al ris mei it folksliet. As dronken tuorren wurde se let yn de nacht yn de bus jage, en ôffierd nei it âlde lân. De Sjof fertelde it ferhaal mei niget, mar foaral gnizend. “Wy hawwe ús kostlik fermakke, dêr hoechst gjin ynhierde kloons foar te freegjen,” sei er. “Dy arbeiders hiene soks noch noait meimakke, se wiene hast allegearre sa dronken as maleiers. En dy wiven ek, guon dûnsen op de tafels mei de rokken omheech, en se lieten har mei nocht yn de kont en de prom knipe. Kostlik, yn ien wurd.” In skoft letter krijt De Sjof in soan. Hy jout him de namme fan de foarman-arbeider yn de koperative fabryk fan syn heit. De Ar, neamd nei De Aryn. De man dy't altiten klear stie mei de pet yn de hân en op waans lippen de wurden “ja, menhear” en “nee, menhear” bestoarn leine. In foarman dy't troch de oare arbeiders al ris yn it kanaal smiten wie, omdat er noait solidêr wie mei de oaren, mar altiten de kul fan de baas slikke, en as it easke waard ôfsûge. As De Sjof syn soan De Ar neamt kin er der fan oertsjûge wêze, dat syn soan daalk al wit hoe't arbeiders tinke en hokker ideeën se hawwe. Dêrtroch soe it foar syn soan ek wat makliker wêze en wurdt lid fan de kommunistyske partij, sa't De Sjof sels al jierren wie. Hy woe mei syn akademyske oplieding as klasse-arbeiderist lieding jaan oan de lju dy't eins allinne mar sopen. Yn de eagen fan De Sjof. In arbeidersnamme foar syn soan betsjutte in teken fan solidariteit. En dan kaam der sa'n gek tusken dy't miende dat er dichter wie, dy't sân struide op de glêde iisbaan fan it porsleinen sosjalisme fan De Sjof. En ek noch wol in soan fan in foddejoad. Soks wie fansels net mooglik. Foddejoaden hearden noch net iens by de klasse fan de arbeiders. Hjir rekke de hele konsepsje fan De Sjof yn 'e tiis. In soan fan in foddejoad tòcht allinne mar dat er dichter en skriuwer wie. Foddejoaden reprodusearren allinne mar foddejoaden. Sa hie De Sjof dat leard, en sa wie it ek opslein yn syn genen. It wie spitich dat De Sjof as arbeiderist en direkteurssoan, en mei in soan dy't de namme fan in echte arbeider krigen hie, der noch net yn slagge wie en publisearje in rige fersen yn in boekje oer bygelyks it | |
[pagina 239]
| |
arbeiderisme. Hûnderten hie er opslein yn skoandoazen, mar nimmen hie reagearre op syn oanbiedings. Oer de klassearbeider De Aryn hie er wol tritich skreaun. Oer syn markante pet, oer syn ferware fingers, oer syn piip en syn swarte tosken, ja, sels oer syn rêch dy't noch altiten rjocht omheech stie, en foaral oer syn kul dy't tsien bern op 'e wrâld setten hie. Deiboeken fol hie De Sjof skreaun oer de achterstân fan de arbeidersbern, mar in artikel yn in tiidskrift wie noait ferskynd. Hy hie mei de grutsten yn it ûnderwiislân gearwurke (ek allegearre arbeiderist, kommunist en frijsteld om in heale wike nei te tinken oer it út de drek takeljen fan de arbeidersbern). De Sjof koe de bekendste dichters. Sei er. En dan soe sa'n foddejoadbern mei fersen yn de âlde taal, dy't De Sjof sels al lang achter him litten hie, him fertelle dat de âlde taal ek heel wat mooglikheden hie om te skriuwen. Dat koe en mocht neffens De Sjof net bestean. Do, Frou út de binnenstêd, gniisdest, en fûnst it in pracht fan in literêr grapke. Sasto letter seidest. De Sjof hie ommers altiten fan dy grapkes. Ja, De Sjof rûn oer fan dy grapkes, en foaral as syn liif oerrûn fan de drank. Dan feroare er wer yn dat jonkje út Dryhús dy't mei soartgenoaten op paadfinerskamp gong, en harsels ynprinten dat se echt in bysûndere kategory foarmen. Lykas De Par, lykas De Fen. Ja, dy De Sjof, ik kotste fan him. En dyselde De Sjof trof ik dêre okkertiisdeitejûn by dy op de bank. Doe't ik him begroete mei “ah ha, ah ha, de soan fan de direkteur” (analooch oan wat er tsjin my sein hie), doe fûnst dat ik te fier gong, dat ik DY net beleefd behannele, omdat HY dyn gast wie, en wit ik wat al net mear. Beleefd, fatsoenlik, dy wurden liken op dyn lippen bestoarn. Do fieldesty op dyn gemak by sok weak rosmos. De skerpe spikers fan de wurklikheid woest graach fier fan dy hâlde. Weake en healsêfte podden, soms kikkerts, dy't kâld wiene fan natuere, ferwaarmden har mei drank, sadatst dêrmei sile en swimme koest yn de teoryen oer de arbeiders. By sokken foarmen gefoel, ferstân en teory noait in ienheid. Op healwei wie dy ûntwikkeling stekken bleaun. Se brûkten wat har it bêste útkaam. En dêrfan kotste ik. Dêrfoar hie ik gjin liters drank nedich. Ik kotste al as ik se rûkte. Nachtenlang, soms ek oerdeis. Lekkens fan kots hongen by my oer it balkon. As it ljochtoargel der | |
[pagina 240]
| |
nachts op skynde krigest in fjoerwurk fan kleuren sa't oait de kikkerts sjen lieten hiene doe't se oppompt waarden. Kikkerts wiene it, dy't tochten dat se mei har termen tinke koene. Stront dus.
Mei de bêste groetnis fan it bern fan in foddejoad, Grutstêd-Bûtenstêd, Roekenêst, sneintenacht. De G. - |
|