Piksjitten op Snyp
(1999)–Josse de Haan–
[pagina 233]
| |
II‘- Ja, ús heit wie ûnder oare lapkepoep, foddejoad, eineboer, petroaljerinner en noch folle mear. Foardat er dat die hie er al heel wat oar wurk dien. Hy wie alve yn 19safolle doe't hy yn July de legere skoalledoar foargoed achter him tichduts. Syn heit bestelde him foar in gûne yn de wike by in boer. Hy wie noch helendal in bern. Lyts fan stal ek noch. De pet op syn holle soarge der foar dat er wat âlder like. Hast in echte boerearbeider. It wichtichste wat er dwaan moast dy hjerst bestie út ploechdriuwen. Sa lyts as er wie koe er der mar foar soargje, dat de twa hynders foar de ploech rjochtút rûnen. Syn lytse hannen koene de twa leien hast net iens tagelyk fêsthâlde. As it mar even ferkeard gong waard er stiif flokt troch de arbeider achter de ploech. Hy waard gewoan yn it djippe smiten. Dy gûne moast syn jild opbringe. Doe't ik sels alve of tolve wie woe er it my ek leare as er ris in hynder liende fan syn âldboer om in lyts stikje bou om te lizzen. Ik fûn it ferskriklik. Ik stroffele hyltiten, want ik moast de leie en it hynder oan ien tried wei yn it each hâlde. Boppedat wie ik deabenaud foar dat machtige beest. Ik hie net genôch krêft yn myn earmen, en dat hynder die gewoan wat er woe. Ik jankte der hast fan. Letter fertelde er dat er dat ek meimakke hie. Dagen, wiken, moannen soms. Fan wurgens en ellinde koe er jûns net iens ite. Op sneon- en sneintemiddei boarte dit arbeiderke-foar-fêst op it skoalplein mei leeftiidsgenoaten dy't noch wol op skoalle sieten. Dan liet er de pet thús. Op syn sechtjinde krige er in lange mesjesterbroek, en op dat stuit moast er eins folwoeksen wêze. Dat wol sizze, hy moast him as in folwoeksene hâlde en drage. Op syn njoggentjinde - mids tweintiger jierren - moast er opkomme foar syn nûmer. Yn tsjinst dus fan in oare baas. Guon lotten frij, mar dy ferkochten har frijbriefke oan immen dy't net woe mar wol genôch jild hie om it ôf te keapjen. Faak boeresoannen. Dochs fielde er him net ûngelokkich yn tsjinst. Nei it bealgjen fan sawat acht jier, alle dagen | |
[pagina 234]
| |
hast in tolve oeren en soms ek noch om 'e wike op sneon en snein melke, kaam er no hast yn in paradyske fan rêst en ûntspanning. Hy siet by de hynders. Dêrmei wie er opgroeid, en nei jierren oefenjen koe er no bêst mei de hynders omgean. Hy hie noch noait fakânsje hân. Tsjinst bestjutte dat winliken foar him. Doe't er út tsjinst kaam koe er hast net mear skriuwe en lêze. It begjin hie net al te bêst west en de tsien jier dêrnei hie er der net sa'n soad nei omsjoen. Ek gjin tiid hân. Yn syn tsjinsttiid hie er noch wat algemiene kursussen folge, mar ek dat sette fansels gjin seadden oan 'e dyk. Wat er al learde hie te krijen mei de wrâld op himsels. Dy wie moai aardich wat grutter wurden as de greiden en de bouwen om de pleatsen hinne dêr't er wurke hie foar syn tsjinsttiid. Hy woe frijer wêze, en him net mear ferhiere foar in hongerleantsje en in liter molke der op ta. Yn Dútslân hiene se melkers nedich. Op syn ienentweintichste gong er mei de trein nei Keulen en omkriten. Letter kaam der wurk oan de Ofslútdyk dêr't de leanen twa kear sa heech wiene as dy fan de wrotters yn de ierappels, it gers en de drek. Hy gong foar in pear jier nei De Surch, De Koarnwurtersân en noch fierder de see yn. Ut en troch siet er nochris yn Dútslân. It lêste jier fan de bou fan de Ofslútdyk wurke er dêr wer, oant en mei it tichtsmiten fan it lêste gat. De Fliter. De lêste wurkers krigen in medalje. Dy hie er oan it horloazjeketting. It bleau de iennichste medalje dy't er yn syn libben fertsjinne. Hy liet him gauris sjen. No't de ferbining mei Noard-Hollân in feit wie lei der in soad wurk yn de droechpompte mar by De Wieringen. De proefbuorkerij fan De Mans betelle goed. De krisis fan de tritiger jierren brocht him werom nei it âlde lân. Op in lyts molkfabrykje koe er wurk krije, út en troch moast er dochs ek wer yn tsjinst fan bouboeren. Hy troude, kocht in pear kij. Dy moasten it lean wat oanfolje. Mar it wie wol heel lyts allegearre. Yn fjirtich waard er mobilisearre, stie oan De Grebbeberch, en moast letter yn Drinte gatten grave. Hy kaam wer thús, wurke op 'e nij by boeren en molk twa kij foar himsels. It bleau pielen, it bleau behindich. Te lyts allegearre. Mar hy woe en soe wat oars, wat foar himsels. Unôfhinklikheid lei him yn de mûle bestoarn. Wat it dan ek ynhâlde. It slagge him en krij de fertsjintwurdiging fan lapkes en alles wat der by | |
[pagina 235]
| |
hearde. Meastens levere it minder op as de fêste ferhier by in boer. Mar it gong om de frijheid, wat it dan ek mar betsjutte. It hâlde bygelyks yn dat der elke dei in tolve oant fjirtjin oeren wurke wurde moast. De konkurrinsje wie grut, fan lytse rûpen lykas hy, en foaral fan de grutte oaljefanten dy't al it lytsguod platwalse woene, en faak ek diene. Healwei de fyftiger jierren begûn in grutte koöperaasje yn Dryhús koartingen te jaan op grutte bestellingen. It soe de deastek wêze foar syn lyts bedriuwke. Hy moast derhinne. Hy koe de direkteur noch fan eartiids. Syn namme wie De Sjof, krekt, de heit fan dyn freon (of hoe't men dat ek neame mei). Ek in lânarbeidersbern, mar hy wie wol aardich handich troch de oarloch kommen. Dy De Sjof, senior. Yn gedachten haw ik him dêr sitten sjoen, miskien moast er ek wol stean bliuwe. Mei de pet yn de hân, allinne mar freegjend. Easken koe er net stelle, ek al hiene se beide deselde achtergrûn. Krekt dêrtroch miskien wol. Doe't er thúskaam wist ik daalk hoe't de wrâld der foar stie. Hy plofte del yn de stoel en skodde allinne mar mei de holle. It iennige wat er sei wiene de wurden “swetser, swetser, swetser”, wol trije kear achterelkoar. En dêrnei noch twa dy't der mei te krijen hiene. “Patser” en “o-w-er”. Mei sokke lju hie er noait omgean kinnen. Se wiene him te glêd, of tefolle sakeman. Dat lêste wie er út soarte net, en fan it earste hie er in grutte ôfgriis. Dagen letter kaam it hele ferhaal boppe wetter. It petear tusken dy twa manlju. Of better, de monolooch fan de iene dy't de toutsjes yn hannen hie. Us heit rekkene op de solidariteit fan de arbeiders ûnder elkoar, mar hy hie net troch dat ek dat noait bestien hie. As de iene de oare opfrette koe dan soe er dat echt net litte. Se begrepen elkoar net mear, of woene dat net. In hegere ljedder ûntnimt it sicht ommers op it gewrimel op 'e grûn. In hegere ljedder jout it gefoel fan in fûgel. En fûgels fleane meastens oer oaren hinne. Ik haw de lulkens sjoen, ik haw it fertriet sjoen, en dêrnei it telidersleinwêzen as fan in hûn dy't wiet út de feart omheech krûpt, en dan ôfseame wurdt. Sokssawat. Doe al krige ik yn 'e rekken hoe't lju meielkoar omgongen, hoe't de iene de oare as in nút kreakje koe. Tusken de hannen, soms ek tusken it ljocht en donker fan de wierheid en de leagen. Rekkenje op in oar of tefolle gefoel toane koe deadlik wêze, it | |
[pagina 236]
| |
mes moast doe al út en troch fan de bûse nei de mûle ferhúzje. Us heit brûkte syn bûsmes eins allinne mar om syn klompen skjin te skraabjen. En dat wie net genôch. Ja, de heit fan De Sjof. Hy stie bekend as swetser en patser. Hy hie wat parvenuachtichs, wat guodkeaps ek, en foaral tefolle goud oan syn liif hingjen. Mar jild kin net alles fuortstrike. Gouden tosken sille altiten falsk bliuwe. De Sjof wie fansels net ferantwurdlik foar de dieden en it karakter fan syn heit. Allinne, de wurden lapkepoep en foddejoad hiene ek troch syn heit brûkt wurde kinnen. Fûgeltsjes sjonge meastens sa't se opgroeid binne. Foaral de klanken en de aksinten yn de wurden wurde oernommen. Soms ek de ynhâlden, benammen as der ûnderskied makke wurde moat. En foaral dat lêste skynt wichtich te wêzen. Underskied. Dêrtsjin leit elke rjochtfeardichheid en minsklikheid it ôf. Dit woe 'k dy earst even witte litte, do Frou út de binnenstêd. -’ |
|