Piksjitten op Snyp
(1999)–Josse de Haan–I‘- Sjoch, de soan fan in lapkepoep, in foddejoad eins, dy't mient dat er dichter en skriuwer is. - De sprekker lake spytgnyskjend ûnder it tinne hier op syn meagere kop. Hy naam foar de safolste kear in slok wyn en geat it glês op 'e nij fol. Do, Frou út de binnenstêd, lakest wat. Miskien wistest net wat de bedoeling wie fan de man of tochtest dat it in grapke wie. Der kamen wol faker sokke grapkes tusken dy meagere kaken fuort. Meastal gong it oer oaren, soms hie er it oer himsels. Mar as it lêste barde hie it te krijen mei syn eigen silichheid dêr't er de klam op lizze woe. Dit grapke sloech op my, want hy herhelle it noch in kear en wiisde mei it wynglês yn syn hân myn kant op. Hy lake twaris gnyskjend. Hy wie och sa bliid datst om him laitsje moast, foaral mei't it te | |
[pagina 230]
| |
krijen hie mei my. Ik hie even nei it húske west, want al dy frisse drankjes sakken streekrjocht nei myn blaas like it wol. It wie ek wat kâld dêre. De jûns en nachts dêrfoar hie ik him aardich rekke, sadat ik dizze jûn gjin drip drank of wyn ferneare koe. It wie in oere of tolve nachts, en de man en do hiene al moai aardich wat glêzen achteroer slein. Miskien hie hy al it dûbele tal glêzen dronken as do. Hy geat mar troch. Ik fielde dat ik ferskriklik lulk waard, it bûnze yn myn boarst en ik knypte myn hannen ta fûsten. Ik seach him oan oant er syn wetterige eagen ôfdraaide. Tagelyk wist ik dat er dit op it each hie. De oare lulk meitsje oant er oer de reade streek sile soe. Hy hie it faker prestearre as er heal of helendal besopen wie. Ik wie folslein nofteren, kâld en koel oan de bûtenkant. Ik beseach it tafriel: ik oan dizze kant fan de keukentafel en hy en do, Frou út de binnenstêd, tsjinoer my. Oan de oare kant. Twa kear earder hie immen út Dryhús - want dêr wie er berne en opgroeid - lytsachtsjend praten oer de foddejoad dy't myn heit wie. Ek dy oare twa hearden by de klasse dêr't ek hy út fuortkommen wie. Ik soe der noait by passe, ek al soe ik it wolle. Omheechfallen swarthannelers en parvenu's dy't ynienen ryk wiene nei de oarloch. Soksoarte fan lju foar it neist. Hy like der op, seach ik op dat stuit yn in flits. Ik besleat dat in diskusje gjin doel hie. It leafst soe ik him foar syn útfretten harsens slaan, de noas nei binnen en de eagen nei bûten. Of oppompe lykas de kikkerts oppompt wiene yn in ier ferline. En dan ôfsjitte mei in kattepûl. Mar it hie gjin doel. No al moast er elk kertier mige, omdat er sa lek wie as in tjerns. As ik him oanpakte soe er miskien ek noch elk healoere skite moatte. Ik woe sa gau mooglik fuort. Prate oer ditsjes en datsjes (- want fierder kaam it meastens net mei al dy drank -) mei dizze kloat hie ik gjin nocht mear oan. It saneamd útwikseljen fan tinzen, sa't er altiten mei klam sei, makke my dochs al oan it gnizen. Ik hie eins noch noait in gedachte út dy holle kommen sjoen. Hy woe graach, mar as it safier wie moast er wer mige. Nei in lytse tsien minuten stelde ik dy út en stap ris op om it hûs yn de binnenstêd op te sykjen. Fêst fieldest myn argewaasje en myn lulkens, want tsjin de gewoante yn stimdest yn mei myn útstel. Ik gong fuort stean, negearre dy bonkerakkop en rûn nei de trep dy't op de strjitte | |
[pagina 231]
| |
útkaam. Eefkes letter kaamst ek en fûterest omraak dat it allegearre sa fluch moast. Neffens dy wie it moai aardich ûnfatsoenlik om sa op slach ôf te setten. Ik hie nota bene net iens ôfskied fan de gasthear nommen. Nee, ik wie noch altiten net gek. Hiest der dus gjin moer fan snapt. Ik kotste fan dy kloat, mar ek fan dy en de hele reutemeteut om dy hinne. Woest dy nacht neuke, mar ik krige him dy nacht foar gjin sintimeter omheech, wylst ik sa nofteren wie as in keal op jierren. Begreepst der gjin sek fan, mar wat subtile gefoelens oanbelanget hiest dochs al net sa'n ûntwikkelde ûnderfining. Do tochtest dat mei it sjen litten fan dyn kut elke kul en elke plysjeman yn de hâlding springe soene. No sa lei it net. Ik bedoel, myn kul bleau lizzen dêr't er lei. Hy hie ek de balen. It ynsidint wie dy by de rêch delgliden lykas de waarme wetterstrielen út de kop fan de dûs. It hat no yntusken miskien al wer trije jier lyn west, mar myn kul en ik witte it noch as de dei fan juster. In lyts jier nei dy foddejoadjûn kaam dat skarminkel út Dryhús by my oan. Hy die oft der noch noait wat bard wie. Syn tinzen en foaral syn wurden draaiden om froulju mei wa't er hast wat hie, hawwe wolle soe, of dy't er heal en heal koe. Hy wie tige benijd nei myn ûnderfiningen mei de lêste stjit, wanneart it sied deryn sketten waard. It binne letterlik syn wurden. Hy frege oftsto in goeie neukster wiest, en hy gniisde fet. Dyn stevige skonken moasten fêst foar heel wat spierkrêft en geniet soargje. Eins wist ik net presys wat ik mei him oan moast. Hy hie folle mear as allinne dûbel fel foar de harsens. It ferfeelde my ferskriklik. Hy prate folslein oars as wannear't der froulju bywêzich wiene. Syn wurden klonken patserich en perfoarst Dryhúsachtich sa't ik dat noch wist fan eartiids. En dochs paste it net by him. Hy hie it him oanleard sa't hûntsjes de strapatsen fan har bazen neifolgje. Hy wie yndied in meirinner sûnder eigen bloed en bonken. In sûger, miskien sels in útsûger. Ik woe him kwyt. Nei in lyts healoere konfrontearre ik him mei syn wurden fan in jier lyn, en ik frege him wat er no eins bedoelde mei syn opmerkings oer foddejoaden en kwasydichters. Hie er it oer himsels hân mei't syn heit in soan wie fan in petroaljerinner? Hy wist fansels fan neat, en fertelde dat er wolris faker hearde dat foaral | |
[pagina 232]
| |
manlju har steurden oan guon fan syn útspraken. Froulju fûnen it meastens wol ynteressant wat er op tafel dellei. Hy woe ha dat er in natuerlike bân hie mei de froulju, better meastal as mei de manlju. Hy ûntkende neat, joech ek neat ta, en prate der sa oerhinne, dat in ûntskuldiging en in neiere útlis helendal net oan de oarder kamen hoewol't er op ûnderskate wizen yn it hoal fan de liuw siet. Ik soe him sa oer it balkon skite kinne. Mar hy spile it ûnskuldige laam. Hy wist dat ik mei in boek dwaande wie, en wy dronken jenever tusken hûnderten boeken. Mar ek foar dy saken hie er gjin inkelde belangstelling. Eins die er oft ik gewoan gek wie om oer soks te stroffeljen, en hy gong ûnfersteurber troch oer himsels en de froulju. Ik frege my ôf hoe't er dat oprêde as der om it kertier miigd wurde moast. Mar ik frege mar neat. Hy begreep neat fan de ferhâlding tusken dy, Frou út de binnenstêd, en my, man op fjirtjin heech, libjend tusken de wolken. Hy formulearre it wat oars as in tal jierren lyn doe't ik him foar it earst moete. Doe hie er it oer in ûnmooglike ferbining fan in akademika en in doarpsjonge. En dat like wer op de wurden fan de skriuwer út it âlde lân - De Gab neamt er him - dy't oait ris tsjin my sein hat, doe't ik wat oer dy fertelde, dat ik no net miene moast dat ik troch dy mèàr wurden wie. Dyselde De Gab dy't oer in nije frou sei dat er it tige wichtich fûn dat se yn De Weining studearre hie en pianospylje koe. Beide ikels, De Sjof út Dryhús en De Gab út De Lol, hiene deselde achtergrûn mei sawat deselde stúdzje. Ik seach der dus net mear fan op, mar ik wie der noch wol altiten allergysk foar. Godferdomme. En dêroer hie ik eins noch mear de pest yn. Godferdomme. Doe't De Sjof op gjin inkelde wize oanstalten makke om wat út te lizzen en die oft der noait wat bard wie, haw ik him dúdlik makke dat wy eins útpraat wiene dêr't it petear winliken ek noait op gong kommen wie. Ik hie gjin inkeld ferlet fan him. Hy begreep it, en sette ôf. Ik naam my foar, doe't er ferdwûn wie, him safolle mooglik te mijen. Op in pear kear nei is my dat slagge. Ien kear, op in feest leau ik, doe't ik him as lucht behannele haw en in kear op strjitte doe't ik him straal foarby rûn bin. Elke kear hie ik oanstriid en helje myn mes út de bûse. Mar sels dat wie it net wurdich. -’ |
|