Piksjitten op Snyp
(1999)–Josse de Haan–
[pagina 314]
| |
goed oan. Syn saneamde mislediging moatst eins omdraaie. Neffens him hat it ek te krijen mei dyn en syn âlde taal. Dy is te beheind. Do soest dy losmeitsje moatte fan dy taal en it miljeu. Asto de teory fan Marks bestudearre hiest - sa't De Sjof en ik dien hawwe - dan hiest dat allegearre goed evaluearje kinnen. Wy binne - lykas al dy softy's yn dyn eagen - fan de cpn oerstapt op d'66. Yn ús hert bliuwe wy fansels Marksistysk. Do as arbeidersjonkje hast nea foar it kommunisme keazen, wylst dat helendal by dy past hie. Dêrtroch sitsto no mei it fraachstik dat te krijen hat mei it ferline en it no. Hast de ferkearde kar makke. Doe, en no wer. Do bist net meigroeid. Neffens De Sjof silst altiten dat jonkje fan dy lapkepoep bliuwe (excusez le mot...). Datsto wol mei dat Readedoarpfrommes prate kinst, dy't myn hûs en dat fan dyn freon yn de binnenstêd skjinmakket, bewiist datsto dy yntellektueel net goed ûntwikkele hast. Sa'n frou hat bygelyks De Sjof en my neat mear te fertellen. Do skuorst dyn saneamde groeden elke kear mei opsetsin wer iepen. Ik haw myn nocht fan dy iepen en etterjende groeden. Wat ôfstân nimme is better yn dit gefal. Ik gean no mei De Sjof nei de opera. In skriftiike reaksje stel ik lykas altiten op priis. Tútsje, fan De F. út de b.stêd.
P.S., úteinlik giet it om de goeie kar, dy tusken goed en fout, sa't yn de oarloch út soarte nei foaren kaam; dêr spegelje ik my oan. |
|