Piksjitten op Snyp
(1999)–Josse de Haan–
[pagina 370]
| |
Ferhaal 1- Dy maat fan dy is de buorman fan ús heit. No ja, eins is hy myn styfheit, want hy troude mei ús mem doe't se my al hie. Se sjonge tegearre, ús heit en dy freon fan dy. Nachts, nei de Europeeske fuotbalwedstriden. Earst sjogge se nei it eigen alvetal en dan skeakelje se oer op it bûtenlân. Us heit sjongt operastikken, en dyn kammeraat âlde sankjes yn syn memmetaal. Se prate dan ek elk har eigen taal, mar se begripe elkoar skoan. No't ús mem in heal jier lyn stoarn is, hat ús heit in soad oan syn buorman. Ik praat ek wol gauris mei him. Tusken de soares troch, want dy haw ik by 't sekfol. Jou my nochris sa'n drankje, ik fyn it hartstikke lekker. Ik krij ek wolris ien fan dyn freon. Dy drinkt dit ek. Wat ik eins sizze woe. Se hawwe myn soan fjouwer jier lyn nei gichem holpen. Dy dweilen. Hy wie santjin, en in prachtige jonge. Sels myn susters waarden geil fan him. Sjoch, hjir hast him op 'e foto. Fynst him net skitterjend? Mei al dy krollen, en dat moaie liif. Se hawwe him nei de kloaten holpen. In bekende dûnser joech him romte yn syn hûs. Earst hawwe se him ferslave makke, doe moast er yn dat spul hannelje en op in dei hat er tefolle fan dy rotsoai hân. It wie al de tredde jonge dêre dy't sa nei de bliksem gong. Dy fint hie allegearre fan datsoarte fan jonges om him hinne. As ik him op 'e televyzje sjoch soe 'k him wol deasjitte wolle. Myn man hat it besocht, mar hy skeat mis. Hy wachte him op by it teater dêr't dy dweil wurke. Mar myn man skeat mis, want hy wie te senuwachtich. Wy koene neat bewize, want de lju dy't it ús fertelden woene net tsjûgje. Myn man hat twa en in heal jier sitten. Dy dûnser gong fansels frijút. De hearen hâlde elkoar de hân boppe de holle. Wy as lytse lju lûke altiten oan it koartste ein. Myn man is no in wrak. Hy kin net iens mear wippe. Mar ik gean troch om dy ûngelokken te finen. Der wiene noch folle mear by belutsen. It is ien grutte binde fan sekshoalen, drugs en knoeiers fan jonges. Fan dyn maat hearde ik dat dizze tuorren hjir fol sitte mei sok ûngedierte. Neffens my hie dy moaie dûnser guon yn tsjinst dy't him dy jonges en | |
[pagina 371]
| |
dy stuf leveren. Sokken dûnsje harsels altiten bûten skot. Mar ik sil se krije. Earst myn soan dea, en no myn man in wrak. Hy wol yn de simmer ek net mear nei ús houten húske oan see. It libben hat eins sa gjin doel mear. Jou my noch mar sa'n gleske mei brún spul. Us heit sei altiten al: Wat dy lju dêre yn it noarden drinke is apart spul. En it is wier. Ik knap der suver fan op. Fynst it net slim wol, al dy ferhalen. Mar ik sil de kaai fine, ik rêst net foar't ik se achter de traaljes haw, of oant se kroandea binne. Myn man hat lêstendeis de televyzje oan barrels sketten doe't dy pederast der mei syn harsens foar wie. Hy skeat him lyk foar de kop. Allinne, doe wie ús tastel rampoai. En dy dweil net fansels. - |
|