Piksjitten op Snyp
(1999)–Josse de Haan–Ferhaal 2- Jou my earst noch in gleske, dan sil ik dy presys fertelle hoe't dy maat fan dy foar ús heit yn it spier is. Jimme lykje trouwens moai aardich opelkoar. Mar alla, al dy lju út it noarden hawwe wol wat fanelkoar. Ja, danke. It is frekte lekker, dat spul. Sa't ik dy al sei is ús mem in heal jier lyn weirekke. Us heit fûn dat se har yn it sikehûs net goed behannele hiene. Earst snijden se har ien skonk ôf, en letter moast dy oare der ek noch ôf. No, it wie dêrfoar al in lyts wyfke, mar no sûnder skonken stelde it helendal neat mear foar. Us heit ried mei har yn in rôlstoel. Op in stuit koe dat ek net mear, en doe rekke se foargoed yn it sikehûs. Wy hiene wol yn 'e rekken dat se dêr net wer libben weikomme soe, mar ús heit seach neat. Dy woe presys witte wat se mankearde, en wat se der oan dwaan soene. Hy woe dêr nachts ek bliuwe. Dat mocht net, mar in pear kear krige er it dochs foarelkoar. Dan lei er op it fuottenein fan dat bêd. Der wie fansels romte genôch no't ús mem gjin skonken mear hie. Doe't se it ûntdutsen setten se him de keamer út. Dan raasde en flokte er ferskriklik, sadat er ek it sikehûs útsetten waard. Midden yn de nacht skille er dan by ús de boel wekker. De buorlju rekken oerémis | |
[pagina 372]
| |
en lulk, de plysje kaam derby, no ja, de man wie folslein fan it sintrum. It hat meielkoar in moanne duorre. Doe ferstoar ús mem. Se leit op it tsjerkhôf by de ringfeart nei it westen, mar ik haw der nei de begraffenis noait wer west. Ik kin der net goed oer. Al dy deade minsken dêre, en dy jankende famyljeleden. Nee, dat is neat foar my, want dan dream ik nachts fan al dy bultsjes modder en tink ik dat ik der sels ûnder lis. Jou my noch even sa'n gleske. Dit is echt ferdomde goed spul. Ja, ik spui der net yn. Om in lang ferhaal koart te meitsjen, ús heit spaant elke dei wol in oere op dat tsjerkhôf om. Hy hat in klapstuoltsje mei, en dan sit er by ús mem. Hy praat mei har, seit er. Nei in pear moanne wie er sa fier hinne, dat er it him yn 'e kop helle dat se syn frou yn 't sikehûs ferkeard behannele hiene. Sterker, hy woe ha dat se har dêr fermoarde hiene. Myn man joech him gelyk, want dy sit noch altiten mei ús deade soan yn 'e kop. Dy kotst helendal fan hearen yn unifoarmen. Swart of wyt, dat makket him neat út. Myn man hat fansels reden om lulk te wêzen, mar mei't er ús heit stipe yn syn ferwrongen gedachten sloech dy folslein troch. Hy woe it sikehûs oankleie en in proses begjinne. Ik koe it him net út 'e kop prate, ek al mei't myn man ús heit gelyk joech. Myn man wol elkenien eins in proses oandwaan dy't oars tinkt as hysels. Sa rekke ús heit op 'e tekst oer in proses mei dyn freon. En ast it no leaust of net, ús heit krige dyn freon sa fier, dat hy út namme fan ús heit in oanklacht yntsjinne. Doe't dat bard wie libbe ús heit helendal op, want no soe de bûter jild jilde. Syn wraak op 'e dea soe ferskriklik wêze. Dyn maat en ús heit hawwe oeren praten oer alles wat neffens ús heit fout gongen is. Dêrfan hat dyn maat in moai ferhaal makke en it opstjoerd nei de kommisje dy't der oer giet. It ferhaal hie as titel krigen: ‘De frou sûnder skonken.’ As ús heit it ferhaal lies krige er al nei de titel de triennen yn de eagen. Dyn freon hie der ek net safolle fidúsje yn, mar hy tocht dat ús heit der miskien fan opknappe soe, as der no ris echt oandacht oan bestege waard. Se hiene yn dat sikehûs ús heit yn feite negearre en net foar fol oansjoen. Dat fûn dyn maat. Mei dit protest moasten se him op syn minst serieus nimme. Hawar, it is neat wurden. Jou my earst noch in | |
[pagina 373]
| |
gleske, ik wurd der suver geil fan. Wacht even, ik lûk in stikje klean út. Ik swit my tebarsten. Dat haw ik altiten mei dat ferhaal oer ús heit en ús mem. Kristenmesiele, it wetter rint my tusken de titen. - |
|