Piksjitten op Snyp
(1999)–Josse de Haan–Ferhaal 3- Dat proses fan ús heit tsjin it sikehûs is neat wurden. Mar dat wist ik yn 't foar wol. It lei him echt net oan dyn freon, want dy hie in fyftjin siden skreaun oer de gong fan saken. Ast it liest, seachst wer helendal hoe't ús mem dêr omtoarke yn dat keale sikehûs. Tasizzings fan dokters waarden net neikommen - neffens ús heit - en al de ellinde mei de medisinen kaam ek wer foar it ljocht. Ik haw it ferhaal ien kear lêzen, en doe haw ik in oere jankt. Dêrnei woe ik it noait wer sjen. Ik kin der net oer, ek al giet it oer ús eigen mem. Hawar, it ferhaal wie prachtich. Sis no sels, hoe faak bart it by it lêzen fan in ferhaal dat men net ophâlde kin mei janken? Hast noait dochs! Mar dy ûngelokken fan it sikehûs hawwe gjin trien litten. Se liken wol stikken stien sei ús heit letter. Us heit moast it ferhaal yn eigen wurden fertelle, mar al nei in pear sinnen begûn er te janken. Wy janke frij gau moatst witte. Dyn freon frege noch oft hy it net dwaan mocht. Mar dat koe net. Dy stikken stront dêre woene it net lije, want dyn freon wie net iens famylje fan ús heit. Se sieten der allegearre, de hearen. Wol sân. Spesjalisten, gewoane dokters, direkteuren en gean mar troch. Us heit koe der gewoanwei net tsjinop. Dy stakkert. Se wiene deabenaud dêre dat ús heit gelyk hie. En foar in part hie er dat ek. Mar ja, hy jankte, en dyn maat mocht it net oernimme. Letter krigen wy berjocht dat de saak troch ús heit opjûn wie. Dat wie fansels gelul. Hy jankte, dat wie de reden. Mar dat ynteressearret sok ûngedierte neat. Se hawwe gjin inkeld gefoel yn 'e bealch, dat hiene wy yn dat sikehûs ek al trochkrigen. Jou my nochris sa'n gleske, want oars begjin ik ek noch te janken. Al dy soares ek. It is ferskriklik. Myn soan, ús mem, myn man, ús heit en se hawwe my ek al ûnderskate kearen | |
[pagina 374]
| |
ûnder it mes hân. Ik sit fol groeden. Ik kin hast net iens mear yn in swimpak rinne. Wolst it sjen? Dyn maat hat him der ek al ris oer fernuvere. Dat ik noch libje is ien grut wûnder. - |
|