Piksjitten op Snyp
(1999)–Josse de Haan–Ferhaal 4- Sa't ik dy sei, ik bin dwaande en besykje yn te kringen by dy misdiedige rûnten dêr't myn soan nei gichem holpen is. En ik moat sizze, it slagget my aardich. Troch al myn groeden fal ik goed yn de smaak by dy sadisten en masogisten. Se tinke dat ik my al aardich ôfseamje litten haw. Guon kikke der echt op. Ik sil it dy sjen litte, dan kinst ek gewaar wurde oftsto der op reagearrest. In mins wit noait hokker djippe winsken er hat. Mar jou my earst noch sa'n gleske. It liket wol oft al myn groeden begjinne te klopjen mei dat spul yn de ieren. It hat wol wat fan keunstmjittige adrenaline. Ik sil even myn majó útlûke dan kin ik dy myn earste jaap sjen litte. Wolst fansels ek kwaliteit foar dyn jild. Eins bin ik in masteresse yn it stripjen. Sjoch hjirre, myn knibbel. Dy hawwe se helendal iepen lein, omdat it losse grint sis mar der yn omfleach. Ik koe der neat mear mei. Se hawwe de skonk ferdôve, en ik mocht op in fideo sjen wat se diene. It wie krekt oft se mei de skonk fan in oarenien dwaande wiene. As it min waar wurdt, en lykas no mei dy drank, fiel ik de pine der sa foar en nei trochhinne snijen. Ik sil even stean gean, want oars kinst de twadde net sjen. Dat is op myn lofterbil. Dêr siet in grouwe memmeskeet. Dy koe gefaarlik wurde. Dy is der dus gewoan útleppele. Guon klanten geile der helendal op en soene graach mei in mes út it oare bil ek sa'n stikje fleis helje. No, it oare spul kin ek wol út, want op myn liif sitte de measte oantinkens. Ik sil se dy ien foar ien oanwize: blineterm, keizersjaap, galstien, nierstien, maachswolm, termkronkel en aaistokken. Sast sjochst, sa'n sân japen en fjurrige groeden. Guon binne net iens goed tichtnaaid. Se sille wol tocht hawwe, by sa'n grou frommes makket it dochs neat út. | |
[pagina 375]
| |
En fierder hawwe se noch mei in appelboarke yn de rjochtertyt omdold, omdat se tochten dat dêr in knikkert yn siet. It liket der yndied op, dat ik mishannele bin. Ik moat sizze, dat it perfekt wurket yn dizze aparte baan. No, wat fynsto? Rekkest der ek oeral fan, of bist ien foar it gewoane wurk? Ik nim earst noch mar in gleske. Switte is goed foar de groeden en foar de hûd. Moatst ris fiele hoe sacht oft myn fel is. - |
|