Piksjitten op Snyp
(1999)–Josse de Haan–
[pagina 466]
| |
ferhalen oer De Lytsk ek te krijen hawwe mei de famkes kin se har wol foarstelle hoe't De Lytsk der by rûn en hoe't er tocht. Guon saken binne ommers foar famkes en jonkjes gelyk. De Fryd hat har dêrom klaaid as in famke fan fjirtjin. De Grutsk besiket de persoan foar te stellen dy't in mingfoarm is fan de lytse en de grutte. Hy hat foar de gelegenheid de klean oanlutsen dy't er in kear op syn sechtjinde of santjinde brûkt hat. In gearmjuksel fan restanten fan syn pake, syn heit en wat liend spul. No't elkenien yn maskeradepakken rint en dûnset makket it neat út en hat er der gjin lêst fan. Doe lei dat al wat oars. Hy werkent de ferhalen fan De Lytsk - foar in part is er it ommers sels - mar de stap fan De Lytsk nei De Grutsk is noch tige grut. De Fryd beweart dat dy twa al pratende byelkoar komme kinne. Se hat dêr alle betrouwen yn. No of noait! De Grutsk hat noch even besocht en praat mei syn maat út de binnenstêd om oerlis te hawwen oer de stratezjy. Dy huppelet mei De Fil oer him hinne teard tangodûnsjend troch de seal en moat him wol heel senang fiele. Mar mei dy bargebongel is neat te begjinnen. Hy ferstiet him yn eartste oanlis net iens. ‘Ki nib ni legnobegrab’, seit er tsjin him. De Fil moat him útlizze, dat er no ek al omkeard praat. Mei syn kul fansels, want al it oare is yndied feroare yn in rûnte trochsichtich fleis, mei út en troch in gatsje. Akkoart, in heel soad prate mei har kul, mar dan witte je meastens presys wat se wolle. De Fil leit út dat er dúdlik meitsje wol dat er in bargebongel is. De Grutsk knikt. Ja, ja, dat kin men wol sizze. In bargebongel. Dat is dus foargoed foarby. De Grutsk giet wer op de fluwielen bank achter it taffeltsje sitten. Se moatte it eins mar besykje, hjirre yn dat prachtige tangobordeel, dêr't al syn romanfigueren oan it dûnsjen binne. It libben is soms mear roman as de measte skriuwers fan romans betinke kinne. Yn de fierte komt De Fryd oan mei in blêd fol drankjes en lekkere snobberijkes. Hy skrikt. Ferdomd as it net wier is, mar sa't se dêr oanrinnen komt liket se sprekkend De Lyn mei wa't er yn itselde pak dat er no draacht op in feest west hat. De skonken, it middenskip, de boarsten, de kop en dat heallange swartblauwe hier bringt De Lyn streekrjocht werom. Hy is der ynienen wis fan dat jûn de bûter jild jilde sil. Jûn wurdt De Lytsk bysetten, jûn wurdt De Grutsk de persoan dy't | |
[pagina 467]
| |
er eins is. De Fryd hie it oait al ris sein: ‘op in dei sille wy de tango dûnsje.’ |
|