Piksjitten op Snyp
(1999)–Josse de Haan–Haadstik 128As jonkje hie De Grutsk yn it âlde lân in soad keatst. Om de gouden klokjes yn De Wommel, en eins ek mei it doel ienris mei te dwaan op de grutte wedstriid op de Fromme Eker. De pc hjitte dy partij, en dy waard al sûnt 1853 hâlden. Doe't er seis of sân jier wie kaam er dêr foar it earst en hearde er ek de taspraak fan in man yn in swart kostúm. De swarte tulp waard dy man neamd. Letter feroare De Grutsk dat yn De Bulb, want der kaam in perioade dat er alles oersette yn it Ingelsk. Dat hie er ôfsjoen fan De Tjit. Dy De Bulb wie de baas op sa'n dei. In útsûnderlike en bjusterbaarlike | |
[pagina 504]
| |
dei, en tagelyk mei in bjusterbaarlike baas. Der bestie mar ien fan, lykas in swarte tulp. Ek dat wie in útsûndering, miskien ek wol in ôfwiking. Underskate kearen seach De Grutsk dêre op dat fjild en op dy dei - it Walhalla fan it keatsen, en net it Mekka sa't se seine, want neffens De Grutsk wie keatsen in heidenske sport en hiene de Moslims noait sa heech yn Europa west - in karmaster dy't miskien wol fiif pear eagen hie. De man seach alles. Sels de stôk dêr't er mei oanjoech oft in bal bûten of binnen wie moast wol eagen hawwe. Letter hearde er dat dy stôk oan it útein in waarmtesinsor hie (de man hie it sels útfûn), sadat er presys oanjaan koe op hokker plak de bal it gers of de line skroeid hie. De man hjitte De Krik en koe dus omskreaun wurde as hûndert persint geef yn syn oardiel. Op in dei kaam der in nije swarte tulp mei ôfgryslik lange teannen dy't miende dat er op in stuit misledige waard troch in topkeatser. De Krik luts him fan al dy saken neat oan en sprats wierheden sa't er dat al jierren dien hie. De Bulb easke fan De Krik in oare wierheid oangeande de topkeatser, mar De Krik hâlde de wierheid fan syn stôk en syn gewisse heech. Dêrom sette De Bulb him op non-aktyf en krige De Krik libbenslang in ferbod om te karmasterjen. De Grutsk is der wis fan dat der ienris immen promovearje sil op dizze Keats-Hoogerhússaak, en dat de konklúzje wêze sil dat swarte tulpen eins foar sokke wichtige dagen te útwrydsk binne. | |
Haadstik 133De Amearikaanske skriuwer Philip Roth publisearre ‘The breast’ yn 1972. Yn dat boek feroaret in heechlearaar yn de literatuerwittenskip (...) stadich yn in grut boarst, dêr't de spien it plak ynnimt fan syn kul. Dat idee hat De Grutsk hjir brûkt en oanpast foar syn maat út de binnenstêd. De langst nei it boarst bliuwt ommers by de measte manlju bestean. In inkeldenien kikt op in bargebongel. | |
Haadstik 133Tusken 31 july 1907 en 2 augustus 1908 skreau Rilke de bondel ‘Der neuen Gedichte anderer Teil’, dy't yn novimber 1908 publisearre | |
[pagina 505]
| |
waard. Dêryn stiet ‘Archaïscher Torso Apollos’ dat skreaun is yn Parys yn de foarsimmer fan 1908. De yn it Frysk oersetten ferzje is makke troch in dichter út it âlde lân, Piter Yedema. | |
Haadstik 142De Grutsk is net in grut leafhawwer fan dûnsjen yn de bewende sin, mar foar de tango makket er wolris in útsûndering. Lju dy't de tango dûnsje dogge him tinken oan geometryske figueren en oan de styl fan Mondriaan en oaren. Tangodûnsers draaie net as healdronken merkegongers sabeare geil yn rûntsjes om elkoar hinne, tangodûnsers geane der plat foar, lit ús sizze fertikaal en horizontaal. Se litte yn grutte halen sjen wat it libben wêze kin. De tango is in goed hûndert jier ferlyn ûntstien yn de wachtkeamers fan de bordelen yn Súd-Amearika. Om it wachtsjen ek oangenaam ferrinne te litten dûnsen se op muzyk en imitearren se de frijpartijen dy't noch komme moasten. It wiene foaral de gaucho's - de hynsteridende feedriuwers op de pampa's - dy't yn de bordelen har iensumens en tefolle sied kwyt reitsje woene. Foar in skoftke alles even ferjitte. De muzyk fan de gitaar, de fluit en de fioele spile dêr de haadrol. Iensumens, fertriet om in fêstrûn libben en in grutte langst nei sêft frouljusfleis bringe de muzyk en de dûns fan de tango foar it ljocht. Mankelikens oangeande it libben spilet de haadrol. Yn it begjin fan de tweintichste ieu wurdt de tango eksportearre nei Europa. De dûbele búkdûns sloech oan. Geometrysk pearjend dûnsje oer in flier fan knikkerts dêr't it boek mei eindiget liket De Grutsk it summum fan geniet foar de persoanen yn de roman. Eins is in roman in lyts bordeel dêr't de wetten fan de steat gjin fet op hawwe. Minsken hâlde dêrfan, want buten de stringen leit ommers it geniet. Foar De Grutsk is ‘Piksjitten op Snyp’ ien lange tango. | |
[pagina 506]
| |
Dûnstimpel fan Snyp [Illustration_p506] (Ron van Roon, Asd., '98) |
|