Piksjitten op Snyp
(1999)–Josse de Haan–Haadstik 105It wasp-tinken is yntrodusearre troch Noam Chomsky dy't op de gebieten fan taal, wiskunde en polityk in pear aardige boeken skreaun hat. Soms hawwe se sels ta nije ynsichten laat. Yn ‘The new world order’ (1991, New Jersey) besprekt er de sitewaasje nei it fallen fan de muorre yn Berlyn. Hy fynt dat de Anglo-Americans no helendal frij spul krigen hawwe om de wrâld te behearskjen. Eins bedoelt er de Wite Anglo Saksyske Protestanten (de ôfkoarting fan wasp). De Grutsk soe sizze yn dit ferbân kosmysken. Hy en syn maat hawwe dat trochlutsen nei har eigen lân. | |
[pagina 497]
| |
Haadstik 106‘De wurden binne fisken wurden, en de fisken wurden’ is ynspirearre troch in fers fan de dichter Lucebert. De dichter Meindert Bylsma bygelyks wie der ek sljocht fan yn syn jonge jierren. Dat fers brocht ek De Grutsk op it spoar fan de poëzij dêr't ynienen bliken die dat alles mei alles te krijen hat. Assosjatyf, mei in eigen logika, sa't ek Maurits Escher al bewiisd hie. It fers hjit ‘visser van ma yuan’ en is foar it earst ferskynd yn MAATSTAF, July 1953, en letter yn de bondel ‘Van de afgrond en de luchtmens’, Stols, 1953: Visser van ma yuan
onder wolken vogels varen
onder golven vliegen vissen
maar daartussen rust de visser
golven worden hoge wolken
wolken worden hoge golven
maar intussen rust de visser
| |
Haadstik 107De Grutsk hie it boekje mei lytse miniatueren fansels ek lêzen. It hyt ‘Fyts mei wynflessen’, en heart by de searje fan trettjin dy't de Koperative Utjowerij útjoech doe't se 25 jier bestie (1995). Hy hie noch mei de skriuwer skille, omdat er in pear koarte siswizen miende te werkennen. En yndied, de skriuwer fertelde him dat er der in pear útspraken fan Canetti en Handke yn ferfrissele hie mei't dy skriuwers him ynspirearre hiene. En krekt ien útspraak dêr't in resinsint him sa oer opwynt ‘skriuwen slagget allinne mar mei in leech brein grôtfol mei bylden’ is no krekt fan ien fan boppeneamde skriuwers. Noait wat lêzen fansels, allinne mar oersetten, en yn de fierste fierte gjin aan hawwe fan it fak skriuwen. Hy neamt him De Bik, dêr't men dan tinke kin oan grut-(big) en bolpin (bic), dy't tegearre de opblaasde tinkkrêft oanjouwe. En wat te tinken fan bikkelje? | |
[pagina 498]
| |
Oer in koart stikje út de lêste roman fan Camus ‘Le premier homme’ makket er him ek lulk. It jonkje yn de roman fan Camus fertelt syn beppe dat er in stoer ferlern hat yn it húske (hy hat der suertsjes foar kocht), mar dat wjerhâldt syn beppe net en flean nei it húske om it jildstik op te fiskjen. Elke stoer is goud wurdich. Yn soksoarte sênes beskriuwt Camus op in prachtige wize de earmoede en de jeugd fan in lyts jonkje. De resinsint neamt de ferbining dy't de skriuwer leit mei de jeugd fan Camus ‘sâlteleas en stjoerleas’. De Grutsk tinkt dat in resinsint dochs op syn minst wat lêzen hawwe moat en syn kosmyske foaroardiel oangeande literatuer op side skowe sil wol er ea ta in begripend en foaral linich oardiel oer proaza en poëzij komme. In poarsje humor is ek noait wei, mar oft de kosmysken oait gefoel krije sille foar humor moat sterk betwifele wurde. Meastens komme de tinzen en de reaksjes achter de earmtakke wei. Noch altiten. Ek dat is yn ieuwen yn de genen fêstlein. Yntusken is De Grutsk bliid mei sa'n fyts fol wynflessen, want it hat wer wat lju it mombakkes fan de kop skuord. De kosmyske haat oangeande de anargist moat wol tige grut wêze. | |
Haadstik 107De tekst fan Bertolt Brecht komt út it boek ‘Notysjes oer in realistyske skriuwwize’ (1940). De Grutsk is sljocht fan de teksten fan Brecht, fan wa't guon treflik op muzyk setten binne troch Kurt Weill, en noch trefliker songen troch Lotte Lenya. Dy trije keunstners binne noch altiten ynspirearjend. | |
Haadstik 108De roman fan Age Scheffer ‘Nachtboot naar Lemmer’ (ap, 1948) jout in nijsgjirrich byld fan in reis oer de Sudersee fan Amsterdam nei De Lemmer. Dêr't no de parkearplakken oanlein binne oan de reesdyk troch de polders lizze fêst noch ûnder it sân de koppen fan de lju dy't op har reis nei de grutte wrâld oait yn de rûge see ferdronken binne. Soms stiet De Grutsk dêre op sa'n parkearplak om in sjekje te draaien, en dan sjocht er guon fan dy lju spinfuotsjen yn it stoarmjende wetter. | |
[pagina 499]
| |
Op Skoklân bart itselde. Dêr stiet men heger en dan liket it noch realistysker. Eins sitte de polders fol mei geasten fan de lju dy't har wettertsjerkhôf kwyt rekke binne en har gjin rie witte mei de rjochte diken en noch rjochtere fearten en sletten. | |
Haadstik 110De skriuwer W.F. Hermans publisearre yn 1975 de roman ‘Onder professoren’ dêr't er yn bleatleit hoe't de kosmysken mei har konfergearjend tinken en dwaan de kreativiteit nei gichem helpe. De Grutsk is in leafhawwer fan syn boeken. Al earder, yn ‘Mandarijnen op zwavelzuur’ (resp. fan 1955 en 1963), publisearre dizze skriuwer krityske stikken dêr't er de skynhillichheid fan de ielen oer it fuodjocht brocht. Polemysk fansels, want literatuer kin net sûnder de polemyk. | |
Haadstik 110It ‘Ballet Mécanique’ is komponearre troch George Antheil, in Amearikaan dy't libbe fan 1900 oant 1959. It grutste part fan syn libben wenne er yn Europa, foaral yn Berlyn en Parys. Hy paste presys by de keunstners fan dada en it surrealisme, en kin mei rjocht en reden in avantgardist op it gebiet fan de muzyk neamd wurde. Hy woe it ‘meast abstrakte fan it abstrakte’ yn de muzyk, sadat it kritysk-polemyskprovosearjend elemint op de foargrûn kaam. Syn konsert foar 6 piano's koe ek spile wurde mei tolve, achttjin of fjouwerentweintich. It is ien kear yn Parys mei achttjin útprebearre. De taskôgers/harkers krigen foar it konsert allegearre eardopkes. Elkenien koe sels útmeitsje oft se brûkt wurde soene. As De Grutsk skriuwt harket er graach, mei of sûnder eardopkes, nei it ‘Ballet Mécanique’. | |
Haadstik 112De fff stiet hjir foar de Feriening Foar Frjemdelingeferkear. De Grutsk hat de fideo's dêre hierd. Se wiene op it kantoar tige fereare dat immen yn de Grutstêd belangstelling hie foar de folkloare fan it âlde lân. Doe't De Grutsk skille, en de taal fan it âlde lân brûkte, antwurden | |
[pagina 500]
| |
se him dêre yn de taal fan de oprjochte klerk. Syn twadde taal dus. De Grutsk moast alle silen bysette om de kantoarklerk safier te krijen dat er oergong yn syn eigen taal. | |
Haadstik 117Niki de Saint Phalle makket al desennia grutte nana's, frouljusbylden dy't fakentiids heger binne as de measte tsjerketuorren yn it âlde lân. Rotterdam krijt ek sa'n Nana dy't in tritich meter heech wurdt. De boarsten wurde restaurants, en yn de holle komme ûnderskate romten om te meditearjen. Foar elke sekte in eigen yntym plakje. Yn it liif komme bioskoopsealen en in teaterke. Hawar, romte genôch. | |
Haadstik 118It idee oer de poeskes dy't út it liif fan de frou springe en yn in omsjoch útgroeie ta grutte meunsters is ynspirearre troch in ferhaal fan W.F. Hermans (‘De kat kilo’ yn Moedwil en Misverstand fan 1963, Donker). Ut dy bondel docht bliken dat Hermans oait ek absurdistyske en surrealistyske ferhalen skreaun hat, sa't er ek hâlde fan it meitsjen fan kollaazjes (byldzjend en/of mei wurden). | |
Haadstik 121In freon fan de Grutsk presintearre yn desimber '96 de twadde printinge fan in berneboek yn it âlde doarp dêr't it foar in part spilet. Hy waard dêrfoar útnoadige, omdat er tagelyk de namme fan de skoalle dêre bekend meitsje moast dy't te krijen hat mei it boek. Op syn reis dêrhinne stuts er even oan yn de haadstêd, yn it keunstnerskafee ‘De Blauwe Pauw’ dêr't De Boel al jierren ûnderdak ferlient oan lju dy't mei wurden wat sizze oer de wrâld en de lju dy't dêr yn omspringe. Yn dat ferneamde bastion fan keunst en kultuer trof De Grutsk in oare âld-freon, de skriuwer-dichter-oersetter-klumnist De Pyêd (útsprutsen as De Pjedde, in Roomske fariant). Mei't dy kollega in keale kop hie, en ek wist dat De Grutsk dêr senuwachtich fan waard sette er syn | |
[pagina 501]
| |
mûtse op. It like wol oft dy mûtse út syn kop groeid wie, sa treflik sleat alles oan op it fel en de bonken. Ut en troch makke er der in bifakmûtse fan en dan like er krekt de literêre krimineel dêr't guon sêftbloedige kosmyske ikels en ikelinnen him foar hâlde. De Grutsk en De Pjedde akkoarten ûnder tafersjoch fan De Boel en it proasten mei trije gleskes jonge dat dy literêre mûtse by testamint taskikt wurde soe oan it museum foar literêre rariteiten en oare ôfwikings. De mûtse soe ôflevere wurde op sterk wetter yn in trochsichtige blauwglêzige faas mei it opskrift ‘Dizze mûtse sil de fersen hoedzje en de taal waarm hâlde.’ In pear dagen letter fûn De Grutsk de mûtse yn de auto dy't er hierd hie. Hy besleat om it relikwy fuortdalik op te stjoeren nei it rariteitenkabinet dêr't De Wyl him noch by libben en wolwêzen beskriuwe koe op de kompjûter. Foar De Pjedde koe it in moaie útsetter wurde yn syn karjêre, en fêst soe de ferneamde reislieder De Mear de lju by it hûs lâns stjoere dêr't de mûtse oait oan de line hongen hie. Hy soe se wis allegearre in foto fan de mûtse jaan dy't op it boarst spjelde wurde koe, en dan koe men yn 'e rige knibbelje foar it altaar fan De Pjedde (tsjin betelling fansels). Op dat gegeven hat De Grutsk fierder breide yn it fers oer de ‘Neigeboarte’, sadat er ek tagelyk in oade bringe koe oan dy skriuwer en freon dy't ommers Dante sitearret oft it syn ienaaiïge twalingbroer west hat. Yn wêzen hie de Pjedde berne wurde kinnen yn Snyp, mar dat is in hypoteze dy't de Grutsk net fierder útwurkje wol. Dêroer sil De Pjedde himsels útlitte moatte, en dan mar sûnder mûtse. Miskien wol mei in liende bifakklots. Bifakliteratuer sit it âlde lân om te springen. | |
Haadstik 123It projekt ‘Reizgje yn de kamera’ dêr't it alterego fan De Grutsk oer skriuwt begûn yn 1981 yn Berlyn. Fritz Rahmann en Florian Kleinefenn binne de betinkers fan dat teater-bioskoop-televyzje-projekt. Ien romte fan Galery Giannozzo yn Berlyn waard ynrjochte as kamera. Troch in lyts gatsje yn ien fan de finsters kamen de bylden fan de strjitte yn de galery. Yn maart 1983 ferskynde it ferfolch yn in kûpee fan de trein fan Kiel nei München, en letter werom nei Hamburch. Yn | |
[pagina 502]
| |
july 1984 krige it in noch grutter ferfolch mei't tolve kûpees tsjinst diene as kamera tusken Kiel - München - Stuttgart. Fan de tolve films waard ien geheel makke, en dy film kaam as ‘Live Kino’ yn 1985 op it programma fan de filmdagen yn Oberhausen. Yn de hjerst fan 1985 krige it geheel in ôfsluting mei ‘Choreographie für Automobil’ dêr't yn it foarrút fan in blyndearre auto in gatsje siet, sadat de wrâld oan de bûtenkant nei binnen kaam as de auto in trajekt ôflei. It eksperimint mei de auto fûn plak yn Antwerpen (Mexikobrêge en St. Jansplein), en in skoftke letter op deselde wize yn Kassel mei de Dokuminta. Fan 8 oant 21 july yn datselde jier ried der in trein mei in blyndearre kûpee tusken Amsterdam en Dordrecht fise-fersa. In freon fan De Grutsk en syn maat út de binnenstêd fan de Grutstêd hat èn de reis yn de trein makke èn de rit yn de auto. Hy hat dêroer korrespondearre mei Fritz Rahmann dy't yn de sechtiger en santiger jierren yn it âlde lân wenne hat. Yn De Hicht. Letter hat dy freon (en skriuwer) dêroer publisearre yn in tydskrift yn Switserlân (‘Zeitschrift für Alles, Review of Everything, Timarit Fyrir Allt’, nr. 9, 196, side 667 - 671, Dieter Roth Verlag, Basel, oplage 1500 ekss). Dat ferhaal hat De Grutsk foar in part brûkt, omdat it treflik oanjout dat de wurklikheden en de ûnthâlden diskutabele saken binne. Literatuer en skriuwen hawwe elk momint mei dy eleminten te krijen, en foaral mei wierheden dy't net as sadanich sjoen wurde (of werkend). Plukt de skriuwer de bylden of de wurden út syn ûnthâld? Ek dy fraach moat soms op syn kop setten wurde. De maat út de binnenstêd luts de konsekwinsjes, De Grutsk die dat ek, mar op in oare wize. De Grutsk besiket de ‘Goreografy foar in skriuwer’ folslein te beskriuwen. De stikken tekst fan syn alterego hawwe him dêr by holpen, lykas ek it ‘Reizgjen yn de kamera’. | |
Haadstik 123De bynamme fan De Grutsk syn maat út de binnenstêd wie ika. Op de skoalle dêr't er wurke. De I en de K hiene te krijen mei de inisjalen, mar ek mei it ferhaal fan Van Ostaijen (sjoch haadstik 102). Njonken dy twa betsjuttingen bestie der noch in treddenien, en dat is ek de | |
[pagina 503]
| |
reden dat syn alterego ûndertekenet mei i.k., soms mei i.k. (2). De earste fersen dy't de freon út de binnenstêd skreau hiene te krijen mei de dichter I.K. Bonset, in pseudonym, (in anagram fan ‘ik ben sot’) en mei de dadaïstyske fersen fan Bonset, mar ek mei de skriuwer en byldzjend keunstner Theo van Doesburg (1883 - 1935), en dus eins mei dy syn echte namme Christian Emil Marie Küpper, en dan as lêste noch mei in oar pseudonym fan Van Doesburg, Aldo Camini, dat er brûkte as kritikus. De persoan fan de keunstner en al dy K's sprutsen him oan. Hy koe der oeren oer fertelle, en eins fûn er dat dy Van Doesburg mei al syn heteronimen in soarte fan Nederlânske Pessoa wie. Mei't de foarletters fan de dichter parallel rûnen mei syn eigen inisjalen seach er dêr in soarte fan foarbeskikking yn. Net allinne de fersen fan dit fenomeen sprutsen him oan, ek de kollaazjes fan wurden (as in soarte fan klankpoëzij) en de byldzjende kollaazjetechniken rûn er mei fuort. Dy hele perioade fan dy stylisten fan De Stijl hie er wakker heech. Dat guon fan dy lju ek noch dwaande west hiene yn it âlde lân joech it helendal wat ekstra's. It feit dat er it libben op 'e kop, letter, ynteressanter fûn as it gewoane hie der fêst ek mei te krijen. En as lêste fûn de Grutsk dat syn maat út de binnenstêd eins in treflike twadde ik betsjutte, mei oare wurden ik - 2. |
|