Piksjitten op Snyp
(1999)–Josse de Haan–Haadstik 83De skriuwer Theun de Vries (1907 - no) publisearre de roman ‘Stiefmoeder Aarde’ yn 1936. It boek is tige dialektysk fan opset - rykdom/earmoede, leafde/haat, sêftens/wredens, grutskens/ynfielend - en is yn wêzen in sosjaal-histoarysk dokumint oer it âlde lân fan in hûndert jier lyn. It boek makke grutte yndruk, hoewol't guon kosmyske kritisy wol warskôgen foar it ûntbrekken fan elk nederich gefoel oangeande har grutte hear. De kommunist De Vries hie dêr ek gjin boadskip oan fansels. Lykas mei Joris Ivens barde - ek te kommunistysk en te kritysk - krige De Vries pas nei syn ôfswarren fan it kommunime in grutte priis (fan de literatuer) yn de Nederlannen. Sa't bygelyks De Dam de skriuwer De Rym werombringe woe yn de kosmyske koker, tochten de literêre kosmonauten dat ek De Vries nei syn abdikaasje in normale kosmyske skriuwer wurden wie. Neffens De Grutsk hawwe de kosmyske genen in frjemde mentaliteit, soks moat noadich yn de laboratoria bysteld wurde. Sokke hendykeps kostje hannen fol jild, en wurkje negatyf oangeande de keunst en foaral tsjinoer de literatuer. | |
Haadstik 94Tusken Snyp en Dierking stie koart nei de oarloch in toer fan de bb (beskerming boargerbefolking). De gatten sieten der al yn, der hoegde gjin mins mear op te sjitten. En dat wie de bedoeling ek. Dy toer betsjutte in stik boartersguod foar al de oerstallige offisieren út de oarloch, Knil-beesten en oare Ynje-unifoarmen. Se boarten dêre ien kear yn de moanne dat de Russen yn oantocht wiene. Dan skeaten se dwers troch de ierappelfjilden, weetlannen en de sûkerbiten. Rinnend of mei twaddehâns trúks. As wie it echt oarloch. | |
[pagina 495]
| |
De boeren krigen fergoeding foar it fernielen en stiene mei fjirrekikers te sjen oer hokker lân se reesden. De toeter op de skoalle jankte de hele dei om it healoere. Yn Snyp wie gjin bioskoop, mar dat like ek net noadich no't dy bb-ers elke moanne kamen. Letter moast De Grutsk ek lid wurde fan dy papieren legers, omdat er net yn tsjinst west hie. Hy diskussearre krekt sa lang yn de krante oant se gek waarden fan dat demokratysk geâldehoer (har wurden). De Grutsk woe mânsk opsette diskusjes oer de ferneatigingsfilms dy't se de kandidaten sjen lieten. De rekruten moasten geil makke wurde mei bloed, geweld, ferkrêfting en ôfslachtsjen. Foaral de film oer Hiroshima joech ommers wol oan dat selsmoard de iennige opsje wêze soe as guon gekken mei A-, B- en C-bommen begûnen te smiten. De baal koekjes en trije sânsekken ûnder de trep soene gjin rêding betsjutte. Mei oare wurden, De Grutsk wegere yn dy neimakke wrâld te boartsjen. Neimakke wrâlden skreau er sels wol. Hy liet it op in proses oankomme, mar dat kaam noait die letter bliken. Op it lêst skreaunen se him, dat er wol thúsbliuwe koe, mar dat by eintsjebeslút in lân mear hie oan bb-ers as oan ‘skriuwers en oare útfretters’. | |
Haadstik 102De skriuwkollega fan De Grutsk wurdt yn syn skoalle gauris I.K. neamd (sjoch ek haadstik 123). Mei't goeie Neerlandisy bûten de wenstige poëzij fan Van Ostaijen ek syn proaza oan de oarder stelle, en dan benammen syn saneamde romantyske ferhalen lykas ‘Het bordeel van Ika Loch’, koe it fansels net útbliuwe dat dit prachtferhaal ferbûn waard mei de man dy't De Fil yntrodusearre. Paul van Ostaijen skreau dit ferhaal yn 1926. Ika Loch is in anagram fan logika. Dat tema fan de ûntarikkendheid fan de logika hâlde him tige dwaande. Ika Loch, de bazin fan it bordeel, wol de klanten op in logyske wize oan de foarriedige huorren keppelje. Se docht dat psychoanalytysk sûnder dat se oait heard hat fan Freud en syn kornuiten. Van Ostaijen seit earne dat men ‘net besykje moat en kring troch ta de wetten, want dy binne in metafysysk gegeven en lykas de minsklike mekanyk fan it tinken net tagonklik, want dat tinken wurdt troch in stupide logika ferkreupele.’ | |
[pagina 496]
| |
De skriuwer borduert troch op in bepaalde gedachte of in barren, en wol sa konsekwint mooglik dat alles op it lêst eindiget yn it absurde, en de logika himsels opdûkt hat. De skriuwer nimt gjin blêd foar de mûle, en as er mislediget giet dat noait oer persoanen, mar altiten oer in systeem. De Grutsk fûn dat ferhaal oer it bordeel in prachtich foarbyld fan konsekwinte assosjaasjes dy't op it lêst ek altiten logysk ynelkoar oerrinne oant de logika fuortskreaun is. Dè logika yn de literatuer is ommers it feit dat der gjin logika bestiet, want optocht om de minsklike frijheid te beheinen. De bern op dy skoalle fielden hierskerp oan dat net de lju mar it systeem op 'e korrel nommen waard troch De Fil en har beskermhear. De Hittel, De Mof en de Hers represintearren de logika fan it systeem. | |
Haadstik 102‘De Mof hâldt fan spikers mei koppen’ is ûntliend oan de esseebondel fan de harmoanikaspiler Hylke Tromp. De Grutsk hie him faker as ien kear op ien fan syn fideo's sjoen, en no lei der ynienen in boek fan dy man yn de boekhannel. De mooglikheden fan de harmoanika wurde breed útmetten, en foar it âlde lân is it wiswier in ferriking. Net djip, mar wol breed. Baggerje is wer in oar fak (‘Spikers en Koppen’, Q, 1998). |
|