Piksjitten op Snyp
(1999)–Josse de Haan–Haadstik 69Stéphane Mallarmé libbe fan 1842 oant 1898. Yn 1879 skreau hy in goeie sechtich fragminten poëzij oan it bêd fan syn soan Anatole dy't stadichoan siker en siker waard en op it lêst op 6 oktober 1879 op achtjierrige leeftiid stoar. Hy wie de iennige soan fan de dichter, en mei't de bernereuma it lichem fan it jonkje fierder en fierder oantaaste wie der gjin hâlden oan. Yn augustus fan dat jier al skreau Mallarmé oan in freon oer ‘de striid op libben en dea dy't ús lytse skat trochmeitsje moat. Mar de echte pine is dat dit lyts minskebern ferdwine kin. Ik moat bekenne dat soks foar my tefolle is. Ik doar dit idee net ûnder eagen te sjen’. De deadsberjochten dy't Mallarmé oer syn soan optekene bestiene út hele kriptyske, koarte stikjes. Eins binne it notysjes foar in fers dat noait skreaun is. De koarte stikjes tekst binne pas oan de ein fan de jierren fyftich ûntdutsen. De helte is letter yn de Paris Review yn it Ingelsk ferskynd, wylst de orizjinele teksten opnommen binne yn it sammele wurk fan Mallarmé. (N.B. It ‘fers’ is yndied as sadanich ôfwiisd troch de redaksje fan in literêr tiidskrift yn it âlde lân. Se hiene fansels gelyk mei't Mallarmé de notysjes net echt ferwurke hie ta in fers, mar De Grutsk hie de fragminten sa byelkoar setten dat it wol in fers wurden wie. De redaksje fan dat blêd bestie út De Bil, De Jelluk en De Bes, allegearre symbolisten pur sang..., of om it mei Mallarmé te sizzen ‘Un coup de dés n'abolira jamais le hasard’, it lêste gratte fers dat de dichter makke hat. Yn dit gedieht falle literatuer en universum ynelkoar. En sa soe it eins ek moatte.) | |
Haadstik 75It byld ús mem fan Adema jout eins presys oan hoe't it âlde lân derhinne leit. It giet dêre om molke, kowemolke, dy't mei memmetate neat te | |
[pagina 488]
| |
krijen hat. Us mem is molke wurden, de frou is ko wurden, en wat dat oanbelanget rint it yn Snyp allegearre perfekt. De Hobbeldjo's bolle slacht foar master op. Op syn tochten oer de wrâld hat De Grutsk wolris in bolle sjoen, as byld fan grutte potinsje en krêft, mar noch noait in ko. Faker seach er prachtige bylden fan proastige froulju, midden yn in park of yn it sintrum fan in stêd. Neaken, yn brûns, marmer of albast. Neat gjin aksinten op in fol jaar of op kikkertachtige molke-eagen, nee, altiten mei in subtyl oanjaan fan de mooglikheden foar boartsjen en skientme, foar dûns en laits. Yn it âlde lân allinne wurdt de mem werombrocht ta in ko, ta ien grut jaar mei reade spienen lykas yn Snyp. Gjin inkelde tango fan in frjemdeling sil dat ea feroarje. Dit lân is kâld. | |
Haadstik 78De Grutsk ken de dwinger noch as it magysk sintrum fan Snyp. Alles wat yn de gemeente yn stront feroare kaam op de dwinger telâne. Hy koe as jonkje perfekt it ûnderskie tusken de grouwe en de fine stront, hy wist presys hokker doarp de moaiste saken yn de jiskamer smiet. As se wat noadich hiene om te boartsjen, foar it bouwen fan kastielen of hutten, dan wie ien loopke nei de dwinger genôch. Sels de prizen foar it keatsen dat se sels organisearren kamen fan de dwinger. En wa wit dy foar de grutten ek. As soldaten yn de rige stiene de tontsjes stront op de rânen fan de dwinger. Elk doarp hie syn eigen kleur, en stank. Earst brocht Gerryt Skythús (of Strontsje) yn de grutte strontpream de tontsjes, letter ried der in frachtwein mei de tonnen. De jiske-auto kaam apart. Op dy dwinger moeten berte en dea elkoar, want op it lêst waard ommers alles wer stront. De Grutsk hâlde dan ek fan de útdrukking ‘stront wa hat dy sketen’, want dat joech presys oan dat der yn essinsje gjin ferskil bestie tusken minsken. Se bestiene foar in grut part út deselde stront. Yn de oare doarpen waarden de Snypsters ‘strontfabriken’ of‘strontfretters’ neamd, mar dat makke gjin mins wat út. As se út dy doarpen kamen te fjochtsjen soargen de Snypsters derfoar, dat se mei gauwens it slachfjild nei de dwinger ferpleatsten. En dan hiene dy oaren meastens mei gauwens tabak, of stront, fan de oarloch. Dêr't de Snypsters alle | |
[pagina 489]
| |
gatten en kûlen fan de dwinger en omkriten koene, dêr doarden dy oaren hast gjin poat te fersetten, sadat har frij gau it strontskythúspapier, fakentiids âlde kranten, om de koppen fleach. It waard de fijân brún foar de eagen, omdat har eigen stront der streekrjocht yn fleach. Mei âlde pannen dêr't se wapens en trommels fan makken sloegen se de fijân fan har ôf. Foar Snyp betsjutte de dwinger de ultime rêding. Noch sjocht De Grutsk de meters hege rabarberplanten op de folkstunen dy't allegearre sa foar en nei in tontsje stront krigen as de strontwein it paad del kaam nei de dwinger. De grientefeiling yn De Belk wie sljocht fan de Snypster rabarber. De hele gemeente friet dy rabarber, en dus frieten se eins har eigen stront. Snyp wie grutsk op syn dwinger, en ek dat seit wat oer it Snypster folk. | |
Haadstik 81It toanielstikje ‘De geile aap’ is ynspirearre troch in ferhaal fan de skriuwer Geert van Beek. De Grutsk trof yn in twaddehânsboekwinkeltsje yn de binnenstêd fan de Grutstêd de eigner Jan van Hattum, yndied, in neef fan de dichter Jac. van Hattum dy't oer De Wommel skreaun hie dêr't syn heit it túntsje fan de keats Freule út en troch nei orgastyske hichten brocht. Dy boekhanneier wiisde De Grutsk op Van Beek dy't neffens him ûnnederlânsk mar fantastysk proaza skreau. En gelyk hie er. Geert van Beek, berne yn 1920, krige yn 1968 de Vijverbergpriis foar de roman ‘De steek van een schorpioen’. Foar syn lytse roman ‘Buiten schot’ hie er yn 1962 al de Anne Frankpriis krigen. Yn de sechtiger en santiger jierren wurke er regelmjittich mei oan it literêre tiidskrift raam dêr't Pé Hawinkels in wichtige rol spile. Tema's as libben en dea, erotyk en geweld, wurklikheid en dream, alles getten yn reële of surreële (fantastyske) wrâlden, spylje yn it wurk fan Van Beek in grutte rol. It sil dúdlik wêze dat De Grutsk wiis wie mei dizze skriuwer. Oer syn lêzers seit Van Beek bygelyks (Raam 66, 1970): ‘Myn lêzers moatte minsken wêze dy't de noadige yntelliginsje en smaak hawwe, en se moatte foaral selsstannich en kreatyf lêze kinne.’ Dat Van Beek oait Roomsk opgroeid is sprekt De Grutsk ek tige oan (sjoch bygelyks syn | |
[pagina 490]
| |
oade oan syn adfokaat, De Theus). It is nijsgjirrich te witten dat dit toanielstikje ‘De geile aap’ wegere is troch de frije fries (desimber '96), in moanneblêd dat yntusken troch de kosmyske beheinden kapot makke is. | |
Haadstik 81Op 17 maaie 1992 hawwe de kosmyske skriuwers/sters de útjouwerij der't De Grutsk yn it ferline wol boeken útjoech ferlitten. Se fielden har net mear thús by in útjouwer dy't de kosmos foar poppestront hâlde. Earst hiene se noch besocht en ferkeapje de hele hannel oan de ultime kosmyske útjouwerij, stipe troch de kosmyske fraksje fan it regear en lieden troch in kosmysk gefoelstype pur sang, mar dat mislearre mei't net elk in kosmyske segaar yn de kont hawwe woe. De Bes, De Wyn, De Bik, De Dam, De Port en De Bil ferdwûnen yn it ûneinige kosmyske apparaat fan De Fûke. Nei dy opromming yn beheindens fan geast streamden oare a-kosmyske skriuwers ta. De iene syn dea is echt de oare syn brea. De Rym koe tefreden wêze: libje is by eintsjebeslút in foarm fan ôfskie nimme en op itselde stuit wolkom hjitte. De Dam, ien fan de fuortrinners en klumskriuwers yn it haadblêd, skriuwt trije en in heal jier nei dy anty-kosmyske dei in klum oer en tsjin ien fan de striders foar it fuortbestean fan de útjouwerij der't ek De Grutsk mei fuortrint (desimber '95). It stikje hyt, hoe soe it ek oars kinne, ‘Oer God’. Yn dit klumke wurdt syn god in aap en letter in boarre, mei't se alle trije op 'e skouders fan lju kontrolearje oft it wol goed giet. De Dam is tige teloarsteld dat syn god, de skriuwer De Rym, him it bosk fan de kosmyske burokrasy ynstjoerd hat. De Dam kediest net sels, nee, De Rym hat him fuortjage. De Dam besiket dan yn syn klumke De Rym op 'e nij lid te meitsjen fan de kosmyske sekte om dêrmei syn eigen iendiminsjonale tinken en kedizen te rjochtfeardigjen. De Dam seit eins dat de literatuer dy't De Rym makket in foarm fan liturgy is der't er sels út syn kosmyske alwittendheid mei fuortrint en eins heger hat as syn biedboek. De Dam bestriidt it godsbyld fan De Rym. Sels set De Dam in aap op it skouder fan ien fan de haadfigueren yn in boek fan himsels. Dat is ‘in | |
[pagina 491]
| |
stim mei autoriteit,’ seit De Dam. Tsjonge, tsjonge, mar De Dam ferjit dat it ynwikseljen fan syn god foar in aap - sa't De Rym neffens De Dam docht yn de reade bwarre - eins betsjut dat er syn god ynwikselet foar de grutte geilens, it grutte geniet dêr't syn god al ieuwen de balen fan hat: De Aap (of soene de minsken it dan dochs by it ferkearde ein hân hawwe?) De Dam besiket him der kosmysk út te ieljen mei't er literatuer en liturgy op ien line set, beide binne it neffens him foarmen om syn god benei te kommen. Dy beheinde opfetting fan literatuer - de wrâldliteratuer giet foar 99 persint oer oare saken, foaral oer de mins en nèt oer syn slaafwêzen fan in idee-fyks - jout no presys oan wêrom't De Rym leaver in boarre op it skouder hie, en (dus) literatuer skreau mei syn reade bwarre. De Dam sit yn de konfergearjende koker dy't alle kreativiteit, geniet en keunst ôfsnijt. Dat is syn trageedzje, dy't lykop rint mei al dy kosmyske trageedzjes fan lju dy't op in siik hynder wedden. ‘En as god no ris in frou wêze soe?’ freget De Dam. No, dan moat De Dam neffens De Grutsk it nijsgjirrige boek fan Esteban Lopez, ‘God als vrouw’, mar ris lêze. De waarmte dêryn stiet heaks op de kjeld fan de god fan De Dam. Waarmte is fruchtber, kjeld is geld en foargoed de dea. | |
Haadstik 81Mei de grutte folksskriuwer dy't foar it gerjocht komme moast yn it saneamde ‘Ezel-proses’ bedoelt De Grutsk de skriuwer G.K. van het Reve. Yn augustus 1963 skreau Van het Reve in ‘Brief aan mijn bank’ yn it blêd dialog (tiidskrift foar homofily en maatskippij) dêr't er god op ierde weromkomme lit as in ezel en dan mei him neukt. In pater en in griffemearde dûmny reagearje dêr op yn itselde blêd. Se fine it godslesterlik. Van het Reve jout wer krityk op dit stik en giet noch even fierder mei syn ideeën oer god, ezels en frijpartijen. Hy docht dat yn july 1965, út huize het gras yn Greonterp. Yn deselde tiid kaam De Grutsk in soad by de etser Frans Lodewijk Pannekoek yn Peinjum. Mei dy syn deusjewo (smoarge ein), dêr't er sels in twadde moter yn boud hie, mei ek noch in twadde fersnellingsbak, reesden se gauris nei | |
[pagina 492]
| |
Greonterp. Pannekoek en Van het Reve wiene goeie freonen. En De Grutsk seach it ‘Ezel-proses’ foarby kommen. Yn febrewaris stelde Van Dis, twadde keamerlid foar de SGP, fragen oer it godslesterjende stik fan Van het Reve. Hy fûn it stik foaral immoreel, bestiaal en satanysk. Dat koe fansels net goed gean. Op 20 oktober 1966 stie Van het Reve foar de rjochtbank yn Amsterdam, en de offisier fan justysje easke in boete fan hûndert gûne. De beropssaken duorren oant 2 april 1968 dêr't Van het Reve folslein frijsprutsen waard. De hele krantewrâld, de universitêre pommeranten en de literêre rûnten joegen kommentaar. De frijheid fan literatuer wie yn it geding. Yn 1968 waard Van het Reve de P.C. Hooftpriis takend, en dat betsjutte op dat stuit nochris in ekstra stipe foar de frije literatuer. Yn ‘De god van je tante’ hat Jan Fekkes it hele ‘Ezel-proses’ fan dei oant dei fêstlein (ap, 1968). De Grutsk tinkt dat it in nijsgjirich boek wêze kin foar De Dam en al dy oare kosmyske lju. | |
Haadstik 81Yn 1995 wûn Trinus Riemersma de Gysbert Japicxpriis foar syn roman ‘De reade bwarre’. It bestjoer fan de Koperative Utjowerij, dêr't er lid fan is, sammele fan ienentritich lêzers, skriuwers en kritisy, koarte mieningen oer syn skriuwerskip. Ek De Grutsk waard om in bydrage frege. Dy teksten binne útjûn yn it boekje ‘31 stimmen oer Riemersma’ en him oanbean op de dei fan de priisútrikking. Oan ien kant kaam de bewûndering foar it skriuwerskip fan de skriuwer foar it ljocht, mar ek de oergeunst en de haat ferskynden swart op wyt. In pear skriuwers lykas De Gab en De Bral spuiden raar guod. Oaren lykas De Wyl, De Terp en De Skot hiene leaver in oare priiswinner hân. De Grutsk fûn foaral de opmerking fan De Wyl - notabene hoeder fan it museum fan alle skriuwers en fan it boekefabryk - heel dûbelsinnich, omdat sa'n ien eins folslein neutraal bliuwe moatte soe mei't se dêre dochs foar elke skriuwer wurkje moatte. In tal fan dy lju hat De Grutsk as piksjitters yn it boek opnommen. | |
[pagina 493]
| |
Haadstik 81Mei't De Grutsk de roman fan Riemersma heel ynteressant fûn, hat er dy yn it haadstik oer de geile aap in lyts roltsje jûn. Eins hat ek dat boek, ‘De reade bwarre’, mei in oantrún west om op in a-kosmyske wize oer in doarp te skriuwen. It boek fan Riemersma hat mear kosmyske eleminten, mar dat lei ek foar de hân, omdat syn doarp wat kosmysker yn de wrâld stie. As it politike it persoanlike útmakket - soms it persoanlike it politike - dan kin wat dizze boeken oanbelanget opmurken wurde, dat it persoanlike ek en foaral de literatuer útmakket. De ynfloed fan ‘De reade bwarre’ op De Grutsk hat in yndirekte west, mar dêrmei net minder wichtich. Miskien hat Hugo Claus mei syn ‘Het verdriet van België’ jierren lyn de basis lein. Mei syn lêste roman ‘Le premier homme’, postúm útjûn yn 1994, hat Albert Camus de trochslach jûn. It lytse jonkje yn dat boek brocht safolle jeugdoantinkens fan De Grutsk op tafel, dat er eins daalk begûn is mei it skriuwen nei it lêzen fan dy roman. Dy ferhalen fan it jonkje moasten fêstlein wurde. | |
Haadstik 81De ‘Hillige Trêske fan Lizejeu’ (in boarterijke fan Lyske en Treske?) wurdt opfierd yn de roman ‘Leafdedea’ fan homme eernstma. Neffens De Grutsk is dit boek ien fan de beste romans dy't oait yn it âlde lân publisearre binne. De foarste printinge wie yn 1963, en dy waard heechhertich (dus lêf) negearre troch de kosmyske literanauten. De twadde is fan 1994, en in Frânske oersetting ferskynde yn 1997. De non dy't de haadpersoan yn de roman op syn stjerrensbêd frijen sjocht mei de hillige Maria fielde har dêrnei as de hillige Trêske fan Lizejeu. En terjocht fansels. Dy non hie de himel sjoen en de leafde preaun, en dêrmei wie se foargoed echt kosmysk goud wurden. De Grutsk koe it net litte en fier dy geile Maria, har noch geilere freon en dy strunende non op yn syn ferhaal oer ‘De geile aap’. It aardige is dat de stoflike oerbliuwsels fan Thérèse de Lisieux (libjend fan 1873 oant 1897) de hele wrâld oergean. Se is tige wichtich, omdat se op 'e nij ûntduts dat de hillige heit in leafdefolle heit wie, en fêst ek | |
[pagina 494]
| |
dat hy tige sinsueel wêze koe. Yn ‘Leafdedea’ hat de skriuwer dat al goed tekene. Ek yn it âlde lân kinne minsken no de reuken sjen, en dêr by bidde, meditearje of pearje. De hillige Trêske hat it ommers sa wollen. Sy hie de leafde preaun! |
|