Piksjitten op Snyp
(1999)–Josse de Haan–Haadstik 58Alexander Fleming, in Ingelske bakteriolooch dy't libbe fan 1881 oant 1955, hat him tige dwaande hâlden mei de wurking fan penisilline. Miljoenen minsken binne troch penisilline rêden fan de dea as se oanfallen waarden troch de meast obskuere bakteriën, firussen en oar ûnrant. De Grutsk hat in kear in blom brocht op it grêf fan dy emininte wittenskipper dy't der yndirekt foar soarge dat syn soan net nei de kloaten gong. Penisilline kin besjoen wurde as de tsjinpoal fan de atoombom. Fleming ûntduts by tafal yn 1928 in skimmel dy't yn in bakje mei bakteriën de helte kapot makke hie. Tsien jier letter gongen oaren, ek by tafal, der mei troch. Yn maaie 1940 waard de penisilline foar it earst útprebearre op mûzen. It wurke. Doe't de Amearikanen yn 1944, mei D-Day foar de doar, der fan oertsjûge wiene dat penisilline tûzenden soldaten rêde koe waard de produksje yndustrieel oanpakt. Sûnder Fleming soe de wrâld der no oars útsjen, en kin men der fan útgean dat de helte fan de literatuer yn it âlde lân net bestean soe. | |
[pagina 485]
| |
Haadstik 59Doe't De Grutsk lyts wie hiene se der niget oan en besykje mei lytse stientsjes fûgels fan de nêsten te jeien. Soms mikten se troch iepensteande finsters, húskerútsjes en oare iepen gatten. It barde wol dat op it skoalplein ien stientsje troch it húskerútsje yn ien kear trije glêzen femiele koe, omdat de finsters yn de muorre en de doarren fan it húske en de doar fan it lokaal presys achterelkoar sieten. Op snein waarden de finen bestookt, as se nei har rehoboth gongen. Foardat soks begûn krigen se earst de fraach foarlein oft it ‘frij-pik’ wie. Dy twa wurden komme út de taal dy't de piksjitters fan Snyp brûkten (en hjoed de dei noch brûke op de pear doarpen dêr't it spultsje noch libbet). ‘Frij-pik’ waard opeaske, ôftwongen of jûn, en net allinne yn 'e mande mei stientsjes. De Grutsk hat dat yn de roman sjen litten. De Grutsk is der wol wis fan dat er de útdrukking ‘frij-pik’ foar it earst op it iis heard hat. Op 'e bargefeart, op 'e laaikes of op de grutte feart by De Let. It piksjitten waard meastens spile troch in tal manlju. Seis oant tsien. Se hiene allegearre in stien dy't moai aardich plat wêze moast en in tsien oant tolve sintimeter breed, leafst fjouwerkant. Foardat se begûnen waarden dy stiennen weage, want se moasten allegearre sawat like swier wêze. In pear kear wie de stien ynwiksele foar in fjouwerkant stik hout. De manlju spilen om sinten of stuorkes. Elke spiier lei ien munt yn, mei de kop boppe. Dy jildstikken leine op in brede bakstien (of in blok hout) dy't op syn kant op it iis stie. Dan lotten se mei lúsjefersprikjes wa't it earst smite mocht (eins wie it glydzjen oer it iis). As ien de pik rekke (de bakstien mei de munten) mocht er de jildstikken dy't op 'e kop leine (letterlik) hâlde, minus dy't net op 'e kop leine. Bygelyks seis op 'e kop en fjouwer net betsjutte in winst fan twa munten. De oare acht gongen werom op 'e pik. De stien (of it hout) fan in oar mocht ek fuortsketten wurde. Dy rekke dan út it spul. Hawar, der ûntstie út en troch rûzje en dat barde faker nei't se mear slokjes op hiene. Twa Bildtkers, De Kúk en De Lip, spatten faak it fjoer út de eagen. Neffens De Grutsk waard alles yn Snyp omsetten yn piksjitten. As it no aaisykjen, keatsen of hurdriden oanbelange, der moast altiten striden wurde en der moast ek fakentiids letterlik om fochten wurde. Piksjitten | |
[pagina 486]
| |
wie de metafoar foar alles wat der op tou setten waard yn Snyp. Jild en drank sloegen yn dit stik fan saken foar master op. Sels om it lân fan de tsjerke waard piksjitten. Wat swierder de stiennen, wat mear kâns dat de pik - yn dit gefal it lân - rekke waard. It skerpste en djoerste pikhout wûn ornaris. ‘Frij-pik’ en ‘pikke’ hearden by definysje by it doarp Snyp. | |
Haadstik 59Oer it boek ‘De swarte non’ is op in stuit in soad praten yn Snyp. Jonges dy't al lang fan skoalle wiene lykas De Nize, De Pyp, De Sjuk en De Wally sieten it te besjen op 'e buorren. De Kid bewearde dat se it fan De Frou 2000 kocht hiene. Dy wurke yn de haadstêd yn in boekhannel. Letter hiene de susters fan De Kid, De An en De Sjok, it boekje ek. Op in dei hie De Kid it ferside brocht en letter ûnder syn jas meinommen nei skoalle. Se wisten net wat se seagen. Eins koene se mar ien non, en dat wie De Três, de suster fan De Nize. Dy kaam út en troch thús, ek folslein yn it swart. Allinne har gesicht wie ûnder har swartwite kap te sjen. Neffens De Kid like se wol in ingel. En mei't De Kid alle sneinen mear as in oere yn de tsjerke om hong soe dy it wol witte. De Grutsk hie doe noch net sa'n soad ferstân fan ingels. Jierren letter hie er it boekje yn in geel-swart omslach yn in twaddehâns boekhannel fûn. It stonk, want it papier wie guodkeap en geel fan âlderdom. | |
Haadstik 60It fers ‘Dingen dy't foarbygeane en soms weromkomme’ stiet yn de bondel fersen mei de titel ‘Ljouwert 700’ (in stêd is in stêd is in stêd), dy't yn 1985 útjûn is ta gelegenheid fan it 700-jierrich bestean fan de stêd Ljouwert. Alle tritich gedichten dêryn hawwe te krijen mei de relaasje dy't de skriuwer hat mei de stêd. It frommeske oer wa't skreaun wurdt yn dit fers - in soarte fan Trix Couperus út it boek ‘De koperen tuin’ fan de skriuwer Vestdijk - komt ek al op it aljemint yn de roman ‘Sliepe yn spinreach’ fan de skriuwer De Koek. Dat is fansels tafallich, mar it jout wol oan, dat dy jonge frou | |
[pagina 487]
| |
foar in pear skriuwers, en sels foar De Grutsk, tige wichtich west hat. Dy Prinsessetún trouwens ek! |
|