Piksjitten op Snyp
(1999)–Josse de Haan–Haadstik 44De Frânske skilder Gustave Courbet (1819-1877) jage it publyk (middenklasse en heger) faak op stang troch syn tige realistyske skilderijen. Yn de strikte betsjutting fan it begryp is hy eins de earste echte avantgarde-skilder. Hy brocht wat nijs, èn hy sei hoe't de wrâld der hinne lei. Syn freon, de anargist Proudhon (syn útspraak ‘eigendom is dieverij’, waard bygelyks de slogan fan elke anargist) holp him aardich om in erffijân fan it systeem te wurden. Yn syn wurk lei Courbet ûnder oare | |
[pagina 483]
| |
de klam op de sosjale tsjinstellingen, en bewiisde mei syn anty-pastorale plattelânsskilderijen dat it Arkadyske ek dêr net te finen wie. It proletariaat gong de barrikaden op. Dêrtroch waard hy ôfskildere as in primityf of as in revolúsjonêr. Syn ‘Atelier fan de keunstner’ (1855) brocht in noch net earder fertoande diskusje op gong op de helte fan de njoggentjinde ieu, en kin yn dat opsicht fergelike wurde mei Duchamp syn ‘De breid útklaaid troch har frijgesellen, Sels’ (1923), it grutte diskusjestik fan de tweintichste ieu. Mei't Courbet hâlde fan netkonfinsjonele saken, der't it systeem om hinne draaide, en tagelyk tige realistysk dwaande wie, sloegen de trije skilderijen oer de moaie Ierske yn as in bom. Se binne dan ek jierrenlang net tentoansteld en yn de ôfgrindele romte fan in partikulier (museum) opburgen. It earste doek fan 52 by 65 sintimeter lit de prachtige Ierske sjen dy't yn de spegel har read hier, har eagen en har sinsuele mûle bestudearret (‘Jo, la belle Irlandaise’, 1865). It twadde doek lit sjen hoe't twa lesbyske froulju elkoar leafhawwe (‘Les deux amies’, 1866), en dat koe fansels yn dy tiid helendal net. Mar it tredde brocht de measte argewaasje op it kleed: op dat skilderij sjogge jo streekrjocht de wat opswollen kut yn fan de Ierske, mei dêrboppe it in bytsje opboljende liif en de nâle as in restorearre wûne, en dan noch krekt de twa steande boarsten elk mei in reade spien. Courbet neamde dit skilderij ‘L'Origine du monde’. It is ek fan 1866, en it mjit 46 kear 55 sintimeter. It is dúdlik, foar Courbet is Eva wichtiger as Adam, want de oarsprong fan de wrâld leit tusken de skonken fan de frou. Dit eroatyske skilderij - se neamden it fansels folsleine pornografy - sette de wrâld fan tinken en kauwen yn Frankryk op syn kop. Sûnt in pear jier hinget it yn in museum yn Parys (d'Orsay). Nei in 130 jier is it dan dochs mooglik. Doe't De Grutsk der in pear jier ferlyn foar stie spatten him hast de triennen yn de eagen. Sa moai en sa prachtich hie er it komselden sjoen. As lei De Fryd dêre nei it ultime boartsjen. Hy fûn it in estetysk hichtepunt, en in oade oan alle echte Eva's en Maria's. It taaste yn it moed, sa't eins echte keunst dwaan moat. Soms ‘it libben sels’. | |
[pagina 484]
| |
Haadstik 44De fresko's yn Pompeji litte de prachtichste foarstellingen sjen sa't dy ek op de âlde fazen fan de Griken foarkomme. It binne minsken, froulju en manlju, dy't ynelkoar ferstringele binne, boartsjend en soms yn lange rigen oanelkoar fêstklonken, en in soarte fan polonêze dûnsje. In moderne keunstner lykas Bruce Nauman lit datselde sjen mei syn neon-skulptuer ‘Seven Figures’, dat troch it Stedelijk Museum yn Amsterdam tentoansteld wurdt. De kleurige neonljochten soargje der foar dat it liket oft it spul - de sân minsken - yn beweging is. Foar De Grutsk is it in bewiis dat de mins mear is as in masjine dy't wurket, yt, útrêst en sykhellet. Eins is it boartsjen sa't Huizinga dat al beskreaun hat yn syn Homo Ludens en homme eernstma neifolge yn ‘Leafdedea’ it wichtichste. Piksjitten is yn essinsje in boartersspultsje, mei eigen regeis en wetten, sa't ek in roman syn eigen wrâld nei foaren bringt. |
|