Piksjitten op Snyp
(1999)–Josse de Haan–Haadstik 23Jierren lyn hat De Grutsk ris in lêzing bywenne fan Babs Gezelle Meerburg (yn 1989). Se hie in skripsje makke oer it wurk fan Hylkje Goïnga. De titel fan it wurkstik is ‘Macht en ambifalinsje yn it wurk fan H.G.’, dêr't foaral it ferhaal ‘Us kat’ in wichtige rol spilet. Dy kat belânet op in stuit yn de sintrifúzje; miskien ferskûlet se har dêr wol. Hawar, dy kat komt letter út dy masjine as in útrutsen stik fel foar it ljocht. Hast like grut as in mânske strânhandoek. De hele wask is read kleure. Meerburg jout yn har antwurden op de fragen fan it omsittend laach de djiptepsychologyske ferklearring fan dit literêre fenomeen. De Grutsk tocht oan syn ‘eigen’ katten en foaral oan De Jelk dy't yn de draaimûne ek nei bûten slingere waard, sadat de kots him út de bealch spuite. | |
Haadstik 26Marina Tsvetajeva hong har yn 1941 op (30 aug., doe't de nazi's Ruslân binnen foelen). Yn de tiid tusken de boargeroarloch en har dea hie se ûnderskate jierren tahâlden yn de Russyske emigrantewrâld fan Parys. Mei Ossip Mandelstamm is se ien fan de grutste Russyske dichters. As dichteresse fielde se har lykas in Joad yn de diaspoara, foaral yn de kristlike wrâlden. Eins besteane der gjin kristlike dichters, of it soe De Dam wêze moatte, mar dy hat it sels net rjocht yn de | |
[pagina 481]
| |
rekken (sjoch wat dit oanbelanget ek de notysjes by Diel VI). As Carry van Bruggen en har broer Jacob Israël de Haan op De Gordyk opgroeid west hiene..., mar lit mar sitte, want fan spekulaasjes oer it âlde lân hat De Grutsk gjin ferlet. Hy hat ommers mear ferbiningen mei it echte âlde lân. Op de ein fan dit haadstik ferskynt in soart fan nachtmatinee (‘Nachtelike optocht’, Nagelaten gedichten, foar it earst publisearre yn Ruimte, 2de jiergong 1921, datearre July '20) fan Paul van Ostaijen, ien fan de grutste fernijers fan poëzij yn dizze omkriten. De merkematinee dêr't De Grutsk oer skriuwt stiet yn ferhâlding ta dy fan de dichter as de lektuer tsjinoer de literatuer, as de liturgy (sjoch De Dam, Diel VI) tsjinoer it frije fers. | |
Haadstik 30De Grutsk is noch altiten sljocht op de miten en sagen fan de âlde Kelten, de ferhalen oer de barden en de druïden. Mar it moaist fynt er eins noch de Keltyske ynfloeden yn de romans oer Kening Artur, oer syn ridders, oer syn rûne tafel, oer de grutte panne dy't graal hjit, en fansels oer de grutte tovener Merlyn dy't mei syn swurd stiennen en seeën spjalte koe. De oerferzjes fan Merlyn binne fansels heidensk, want hy is it resultaat fan de frijpartij tusken de satan en in moaie jonkfrou, en hy moat eins it minskdom nei de bliksem helpe. As er hollen op grutte pannen set dript der gjin bloed yn de panne, mar grien gif. It kristendom hat him letter wat weaker makke mei't it de siele fan god yn him plante. Ek doe al waard der omraak manipulearre mei teksten út âlde tiden, sis mar. Skriuwers binne eins ek toveners lykas Merlyn. Dy brûke de pinne om wurden útelkoar te heljen en oanelkoar te smijen sa't it har útkomt. It is mar krekt hoe't de satan it har foarskriuwt. De wichtige fraach bliuwt dan stean oft dizze skriuwer-tovener in kweade of in goeie Merlyn wêze moat. De Grutsk fynt sa'n fraach oerstallich, want skriuwers moatte allinne mar skriuwe en har gjin fragen stelle oer wat de lju moai fine of net moai fine. Skriuwe is in foarm fan toverjen, sadat it spoeket yn in ferhaal. Sa't Simon Vestdijk ea skreaun hat. Yn Snyp skeat Merlyn, yn hokker gedaante ek, faak troch de buorren. | |
[pagina 482]
| |
De Lytsk seach dat net, dy dreamde dat allinne. De Grutsk besiket de Merlyns en de Kening Arturs yn Snyp, èn yn de hollen fan de lêzers, in lichem te jaan en in geast. Der besteane safolle Merlyns as der lêzers binne. Guon hâlde de knikkerts yn 'e kop, oaren ferlieze se altiten wer. | |
Haadstik 36Elfriede Jelinek (1946, Steiermark, Eastenryk) is ien fan de ynteressantste skriuwsters fan Europa op dit stuit. Har boeken lykje feministysk mei in grut persintaazje manljushaat, mar ûnder dy oerflakte giet it oer oare saken dy't yn it ûnderbewuste fan de mins (frou èn man) opspylje en eins bepale wat de lju dogge. Har earste roman hjitte ‘Wir sind Lockvögel, baby!’. Yn 1989 ferskynde by Rowohlt, Hamburch, har roman ‘Lust’. De haadfigueren yn dizze roman binne eins allinne mar seksuele masjines dy't gjin gesicht hawwe (sjoch bgl. ek ‘Katastrofe’ fan '92, fan De Koek), en gearstald binne as kollaazjes fan film- en tiidskriftpersonaazjes. Yn in besprek fan dit boek yn De Groene stiet in skitterjende foto fan in huorrejeier dy't mei in bûslampe de kut fan in hoer ynspektearret. Yn it eedstiidrek moat alles ommers yn 't foar kontrolearre wurde. De Psyk docht yn dit stik fan saken ûndersyk nei de psychologyske eigenskippen fan kutten, en foaral nei it ferskil tusken de rjochter- en lofterhelte. Lykas by elk gesicht tinkt hy dat ek hjir in yntroverte en in ekstraverte side besteane. Jelinek slút dêr naadleas by oan. |
|