Piksjitten op Snyp
(1999)–Josse de Haan–Haadstik 18Yn De Jodsk lit De Grutsk trije famkes (froulju) ynelkoar falle dy't De Lytsk yn en nei de oarloch yn Snyp en omkriten tsjinkaam: in Joadsk famke dat ûnderdûkt wie en op in stuit ferret is (letter hearde De Lytsk dat soks op syn minst fiif gûne opbrocht), in famke út Amsterdam dat as in bonkerak yn Snyp kaam yn it lêst fan de oarloch en nei in pear jier as in normale faam werom gong, en in famke fan in jier of fjirtjin, fyftjin miskien, dat út en troch út Den Haach wei yn Snyp útfanhuze. Fansels, der wennen noch wol mear froulju tydlik yn it doarp, mar dizze trije fertsjintwurdigen wrâlden dy't De Lytsk apart en nijsgjirrich fûn. Mei ien, de Amsterdamske, hat De Grutsk jierren letter noch in petear hân. As oanfolling op it ferhaal fan De Jodsk lek dat aardige ferbiningen. De Grutsk werkende har daalk. Har eagen fonken noch op deselde wize. En se sei: ‘it bliuwt yn my altyd oarloch’, en doe begûn se mei har ferhaal. | |
[pagina 476]
| |
‘Ik tekenje en skilderje al jierren, mar nei't de regeling foar byldzjende keunstners opdûkt is, sit ik yn it útkearingsfabryk. Dêrtroch wurkje ik minder, want ik ferbyn dat mei ús heit, dy't wurkleas wie, en mei de earmoede fan destiids. Fan myn earste bûsjild kocht ik in mes en in foarke. Doe't ik dêrmei thúskaam krige ik in slach foar de harsens fan ús mem. By ús thús waard alles mei de leppel nei binnen wurke. Foar my hearre earmoede en leppels byelkoar. In mes en in foarke betsjutte kapsones, neffens ús mem. Mar ik woe my ek bewege kinne oan de oare kant fan de earmoede. Nei de oarloch wie elkenien yn ús strjitte ienriedich, letter kamen de haat en de lulkens op 'e nij. It eindige wer yn oarloch. As opgroeiend famke stjoerden se my fan koloanjehûs nei koloanjehûs. Yn it lêste jier fan de oarloch, doe't der helendal gjin iten mear wie yn de Grutstêd, waard ik mei oaren op in boat setten nei it Noarden. Se hopen dat der pleechâlden wêze soene dy't ús te iten jaan woene en in bêd. Sa kaam ik yn Snyp. Ik haw dêr goed trije jier sitten. Ik kin it noch rûke, dy kij yn de stront, en foaral dy jonges dy't ek nei stront en miich rûkten. Al dy folwoeksenen dy't my nuver oanseagen, en dy opslûpen jonges dy't ús de broek fan de kont lutsen yn de boskjes by de skoalle, en dan har ûnbidige pinkerts yn ús stutsen. Ik sjoch noch faak al dy ferskriklike griene greiden yn myn dreamen, en dan werken ik ek wer dat hele oare gefoel fan dy minsken. En ik wie sa ferskriklik ûnwennich fan ús mem, want ik wist ek perfoarst net oft ik har wol werom sjen soe. Trije jier haw ik yn dy hel sitten, mei dy ferskriklike jonges en dy stomme famkes dy't by my opseagen, omdat ik oars prate, oare spultsjes wist en flokke koe as in boatwurker. Se fûnen my moai, omdat se sels kij mei de kij wiene, en sa fet as de bargen. De hele winter frieten se it spek fan dy eigenfokte bargen. Ik kotste derfan. Se hiene de gesichten fol pûkels, dêr't de dokter sa foar en nei it mes yn sette moast. Skeinspruten, pûkels, snottebellen en fette kullen seachst de hele dei om dy hinne. Ik skamme my hast dea dat ik dêr tusken rinne moast. Ik skamme my dat ik bestie. Sûnder snotbongels, sûnder pûkels en sûnder skeinspruten. Nei de oarloch barde eins itselde wer. Myn broerke en ik waarden altiten fuortstjoerd. It hûs út. Wy hearden der wer net by. Se koene it net mear ferneare dat wy der wer wiene. Wy hiene better dea wêze | |
[pagina 477]
| |
kinnen. Ik sei tsjin mysels dat ik net mear bestie, en ik luts by oaren yn. Hast ûnsichtber. Sels bestean die ik amper. As ik tekene fielde ik my thús. Yn mysels, en yn de wrâld om my hinne. Yn myn relaasjes rint it ek altiten op 'e non. Ik jou mysels folslein - sa't ik wol moast om te oerlibjen yn Snyp - en ik tink dan dat dy oaren wol solidêr wêze sille, sadat wy elkoar kleme kinne, en dan wurd ik dochs nei in setsje wer yn de steek litten. It sil wol oan myn jeugd lizze doe't ús mem my fuortstjoerde, sels trije jier lang nei it hege Noarden. Ek dêre, yn dat kloatedoarp, barde it al. Dy De Jent en De Loet koene alles mei my dwaan, want ik woe der by hearre. Ek al kotste ik fan de stront en de miich. Se koene alles by my yn it liif triuwe, sels in spuit mei wetter dft se brûkten om kikkerts fol te spuitsjen. Dêr leit de oast fansels. Sadree't ik it in fint talit en spuitsje my fol begjin ik wer tefolle te hoopjen. En hupsakee, nei in pear kear is it wer oer en rin ik foar de safolste kear mei in klopjende kut by it hûs fan in frommes del dêr't er dan tahâldt. Miskien kit it wol oan dat âlde doarp. Wa wit. Dêr stiene se allinne mar mei de kul yn de oanslach lykas dy bolle fan dy boer dêre by de benzinepomp. Krekt, De Hobbeldjo. Dy! Doe't ik dat foar it earst seach wist ik net wat my oerkaam. De Jent hat it my letter útlein, achter de bakker. No, doe wist ik presys wat him ôfspile achter al dy bûthúsrútsjes en yn dy alkoven. Nei De Jent, dy't it fansels ferteld hie, kamen al dy oaren al ridlik gau. Ik hearde nearne by, ús mem wie fier fuort, en ik tocht dat ik der op dy wize by hearre soe. Eins rûnen de hûnen de hele dei om my hinne. Doe't ik sechtjin wie bin ik troud. Mar dat figuer, die al ridlik gau bliken, like wol in soarte fan De Loet, wylst er net iens út sa'n goar doarp kaam. Dat makket dus ek gjin moer út. Nei fiif jier en fjouwer dochters is er ferdwûn. Ik haw jierren mei in antyneukgurle rûn. As se my dan dronken sa fier hiene skuorden se har kul stikken op de skerpe rânen fan de izeren gurle. As beesten flokten se dan, en guon sloegen my in pear blauwe eagen. It wie as krige ik in droan foar de kut lykas eartiids op dat rudige doarp. Se neamden my al gau de frou mei it each fol stikeltried. It tekenjen hat my ek doe rêden. Ik makke de meast fantastyske beesten en minsken. Soms seachst it ferskil net iens. Meastens wiene se ek tige | |
[pagina 478]
| |
eroatysk. Doe't de skilder Melle it seach waard er der hast gek fan. Dy soarge dat ik yn de regeling foar de keunstners kaam. Dy hat ek de kaai fûn fan it jisterke mei stikeltried. Mar mei him is it ek neat wurden. Ik pas tink ik net by manlju. Ik sjoch noch altiten dy bolle fan dy De Hobbeldjo, en dy mekkerjende ko dêrûnder. Ik wol gjin dúnske ko wêze. Ik lebberje sels leaver. Dêrom bin ik ek oerstapt op in frou. De earste frou en ik hawwe it sân jier folhâlden. Of lit my sizze, ik. Eins wie it ferskriklik. Se soop as in maleier en dan fleach se neaken troch de flet mei in mes yn de hân. De bloedspatten fan my en fan har sieten op it lêst op it behang. Se like wol wat op dat frommes yn dat doarp dat ommers ris in kear neaken yn in weetfjild stie mei twa deade katten om 'e nekke. Krekt, dy katten dy't se tsjin de betonpeallen fan it tsjerkhôf kapot slein hiene. Dat wie in weddenskip op in merkemoandei dêre. Dan geaten se dy katten fol mei jenever of bearenburch oant se as gekken op it biljert hin en wer fleagen. Se lotten ûnderelkoar, dy dweilen, wa't se stikken slaan moasten. Sa lotten se ek om De Rina, De Suk en De Popsk. Dy waarden ek fol getten en dan op it biljert lein. Kinsty foarstelle wat der dan barde. Ik hie soks noch noait meimakke. Doe. Letter is dat wol feroare. Dat drankwiif mei dat bloedmes is der op it lêst útnaaid mei in âld-freon. Ik haw no in ferhâlding mei in freondinne fan myn twadde eksman. Ja, it kin frjemd beteare. Mar it hat ek wol wat. Wy kinne oer deselde ûnderfiningen prate, en foaral gnize. Se fynt myn skilderijen moai, foaral dy mei dy griene greiden sa't se dêre yn Snyp leine. Hjir en der tekenje ik in fûgelferskrikker. Mei in deade kat. Nee, soks ferjitst noait wer. Under dy kat skilderje ik it gers dan in bytsje read. It is krekt oft dy greide oan it menstruearjen is. Dat is myn metafoar foar Snyp, ien menstruearjend doarp fol bloed. Yn myn dreamen flean ik der gauris oer hinne. Oan in draak, en dan baarne alle huzen. Read fansels, en út en troch sjit der in blauw fonkje omheech. Alles fosforisearret en ljochtet op lykas twa liven dy't foar it lêst útelkoar spatte. Sast sjochst, it bliuwt altyd oarloch yn my. Mei fjoer, mei fosfor, mei bloed en foaral mei sied. It sit yn my as in bleek mei stikeltried der om hinne ynstee fan blomkes of beamkes. Stikeltried mei deade katten deryn ferstringele.’ | |
[pagina 479]
| |
Haadstik 19De dreamen fan De Lytsk - docht letter bliken - rinne lykop mei dy fan de skilders Joop Moesman en Melle dy't se omsetten yn surrealistyske en eroatyske keunstwurken. De Grutsk kocht op in stuit yn de Grutstêd sechtjin printbriefkaarten mei reproduksjes fan Moesman. It mapke is yn de santiger jierren útjûn troch de ‘Erven Thomas Rap’. Mei troch dy kaarten koene de dreamen fan De Lytsk maklik op 'e nij oproppen wurde. Moesman hat in fjirtich skilderijen makke dy't net de oandacht krigen hawwe dêr't se eins rjocht op hiene. Syn surrealistyske foarstellingen fûn men yn it kalvinistyske Nederlân perfersk en obseen. Dêr't it kalvinisme it ûn- en ûnderbewuste meastens negearre (de dream, de ferburgen winsken, it eroatyske geniet bygelyks), dêr waarden ek surrealistyske skilders skoudere en op 'e kosmyske rûchskerne smiten. Tsien jier nei syn dea is der pas in tentoanstelling hâlden fan it wurk fan Joop Moesman (yn it Museum foar moderne keimst yn Arnhem). Njonken de skilderijen hat Moesman in lytse trije hûndert tekeningen makke dy't ek faak te krijen hawwe mei erotyk en froulju. Se binne fêst ynspirearre troch de grutte samling pornografy fan syn heit út de njoggentjinde ieu. Se falle eins allegeare ûnder de definysje fan Gauthier, ‘La femme-fruit: objet de consommation’. De famkes op de tekeningen weagje fakentiids har boarsten op har hannen en dogge tinken oan Paul Eluard: ‘Au fond du verger je suis mûre’. De Lytsk seach sûnder dat er it yn 'e rekken hie al dy ripens om him hinne rinnen. De Grutsk werkende yn de skilderijen en de tekeningen fan Moesman (en letter ek yn dy fan Melle) de dreamen fan De Lytsk. It ûnthâld is faak keppele oan objekten, sa't de literatuer yn bylden klear leit en bewarre wurdt, en eins allinne noch in oersetter yn wurden nedich hat. | |
Haadstik 20Hans Christiaan Andersen is berne yn Odense (Denemarken) en libbe fan 1805 oant 1875. Hy hat prachtige mearkes skreaun, heel subtyl en | |
[pagina 480]
| |
foaral djipsinnich. De Lytsk libbe mear yn de mearkes fan Andersen as yn it doarp Snyp. Doe't De Grutsk jierren letter yn Kopenhagen op in pear meter ôfstân foar de Madonna fan Denemarken stie, de prachtige seemearmin op in sokkeltsje yn de haven, hat er dêre oeren oer it stek hongen en nei har sjoen. As wie se streekrjocht út it mearke fan Andersen kommen. En dat wie fansels ek sa, want se wie makke troch dy skriuwer. Hy wist doe al dat literatuer realistysker is as de wurklikheid om him hinne. Andersen hie dat al folle earder troch. Hy seach tefolle ‘nije klean fan de keizer’ om him hinne. |
|