Piksjitten op Snyp
(1999)–Josse de Haan–Haadstik 1De Grutsk hat noch noait it GFWB sjoen, omdat in Grut Frysk Wurde-Boek net bestiet en fêst in yllúzje bliuwe sil. De ‘wykeinearmen’ dêr't De Grutsk oer skriuwt hawwe sawersa al neat te krijen mei in wurd- | |
[pagina 474]
| |
boek mei't se út soarte by dit ferhaal passe en net oerbrocht wurde kinne nei in oare realiteit yn fiksje of net-fiksje. It grutte taaltekoart fan in wurdboek wurdt dêrmei oantoand. Eins foarmje alle boeken yn in bepaalde taal neffens De Grutsk it Grutte WurdBoek fan sa'n taal. It hat al bliken dien, De Grutsk hat sa syn eigen ideeën oer literatuer. Yn syn optyk hat literatuer likefolle te krijen mei in wurdboek as in geld aai fan in ein mei in jonge ljip. Wurdboeken rinne achter de tiid en de minsketaal oan. De bestjurre wurden lizze leech op de blêdsiden, wylst oan de oare kant deselde lege wurden yn in boek omtovere wurde ta bylden en metafoaren. In boek bliuwt leech oant in lêzer it feroaret yn in wrâld grôtfol mei bylden (sjoch yn dit ferbân ek Canetti, Handke en it kommentaar fan De Bik op de Fytsende Wynflessen yn Diel VIII). | |
Haadstik 5It rivierke dat hjir in roi spilet is It Gein, dat skilders en tekeners al ieuwenlang ynspirearret om moaie lân- en wetterskippen te meitsjen. De Grutsk hat dêre yn It Gein wolris swommen, en út en troch hiert er in boatsje en roeit dêre mei De Fryd en har dochter op in sneintemoarn. Winterdeis is it in prachtich oarde om te reedriden. Hjoed de dei kinst der ek moai fytse en dan sjochst dêre de wrâlden fan Rembrandt en Mondriaan foar en njonken dy lizzen - foaral as it wat dampich is moarns betiid - mar ast dan dyn eagen wat omheech slachst sjitte de autodiken oer dy hinne, en noch heger glydzje dinosaurusachtige swannen troch de loft. In besite oan It Gein easket in honkbalpet mei in lange klep, in walkman mei in bantsje en dêrop de lûden fan it knysperjend reid en de spattende wetterfûgels. It Gein sels is in soarte fan ûnderwrâld wurden. Auto's dûnsje boogy-woogy's en fleanmasjines dale fjouwerkant yn in tangoritme. | |
Haadstik 10It fragmint ‘In ljippenêst mei kikkerts’ is yn in Nederlânsktalige fariant publisearre yn De Groene Amsterdammer fan 18 desimber 1985. It | |
[pagina 475]
| |
ferhaal hie de tredde priis krigen yn de ‘R. Dykstra-priisfraach’ fan De Groene. De sjuery bestie út Johanna Fortuin, Adriaan van Dis en Martin van Amerongen. Yn ynstjoerde stikken en brieven foar De Groene (û.o. fan de bistebeskerming) protestearren lju tsjin dit ferhaal. Ien woe sels de skriuwer foar it gerjocht slepe, mar de rjochtbank seponearre de oanklacht. It fragmint wie opnommen ûnder de titel ‘Agressie ten plattelande’ (en betocht troch de redaksje fan De Groene). Yn deselde tiid waarden bygelyks yn Argentinië en Chili minsken fol wetter pompt, en yn see smiten, dêr't se noch dagen dreaunen oant se útelkoar batsten mei't de fûgels mei har skerpe snaffels de oanfal ynsetten. Soms hiene de haaien har al foar west. Dêrtsjin protestearre de bistebeskerming net, want yn it ginneraal binne beesten sûnder taal wat makliker yn de omgong. De Mins siket him in beest, sis mar, sa't Piggelmee elke kear op 'e nij it fiskje om nije geskinken freegje moast. Yn opdracht fan syn Tsjoenster. |
|