noch libben, liet er wolris hwat fan him hearre, mar och, nei 't forstjerren fan Heit en Mem wie dat ek al hurd minder wurden en al yn gjin jierren hiene hja mear tynge fan him hawn. Mei forlof hie er nea west, derfoar gie er, of moast er, nei Amerika. Dat sadwaende. En fiifentweintich, tritich jier is langernôch om fan inoar to forfrjemdzjen.
Hja hearden dan yn 'e neiwinter ek rare nij op, doe't er skreau, hy woe de simmer wol by harren trochbringe. Hwat wie der fan him tolânne kommen? en dan mei greate bern yn 'e hûs: der komt soms sok raer folk út Ynje wei. Mar 't is jins eigen broer, dat men kin it al min wegerje. En dan, mocht it hielendal op neat lykje, wolnou, dan alris wer dei oan rie.
Ek de bern hearden der wol hwat nij fan op, sa'n frjemde omke in hiele simmer útfanhûs. De twa âldsten, Froukje en Wytse, dy't beide al nei de tritich rounen en nou net rjocht oan trouwen takamen, moasten der net folle fan hawwe. Sybren, dy't der op folge, wie troud en buorke oan 'e oare kant fan it Djipt, dat dy hie der neat mei to meitsjen. It jongere skaei lykwols, Auke en Aent (hja hiene him op it lêst dochs mar forneamd) like 't net sa ûnaerdich ta. Nou, Geeske en Roel wiene noch foege skoallebern en men wyt wol hoe't dy ornaris binne. Aeltsje hie der it swijen ta dien, dy hearde der ek net by feitlik. Iennichst bern fan Keimpe Obma' Tryn har suster, dy't yndertiid mei in swankebast út 'e stêd troude, in foech skilder; allebeide forûngelokken se, nou ek al wer jierren lyn, yn Hol-