| |
| |
| |
VIII.
As de Augustusdagen foarderje, rint de lêste golle en de terskhússouder fol nôt. Ek dat is in fleurich skoft, mar oars as de ûngetiid. Dy feart fan doe sit der net efter, dat makket it allegearre hwat gemoedliker. De beane rattelje yn 'e pûlen en Aent tinkt oan de foar-simmerdagen, doe't er op 'e foareker lei en de rook fan it beanebloeisel opsnúfde. De risping, dat is de ein. Ja, ek dit is allegearre moai en goed, mar 't is dochs wol wier, der sit yn 't ûnthjit eat, dat de reäliteit mist, it beanebloeisel ropt dreamen towekker, dêr't de droech-ratteljende pûlen oan 'e swarte stronken net oan ta komme. Dit is oars wer wurk, dêr't Aent him tige by reppe kin, hy stekt op en rydt en stiet op it gol om oer to smiten. As de dei net al to drok is, moat der tsjin 'e joun noch alris fiske wurde en omke moat mei Dat dan stekke se mei de wjirmklomp en in ammerke en angels de greiden del nei 't Djipt ta en dêr yn 'e swiere reidseame sitte hja en swije, elts mei syn tinzen allinne. Aent is net in great fisker, mar dizze stille jounen oan 't wetter binne him altyd tige nei 't sin. It reid rûkt, in pear reidmosken jowe lûd yn 'e seame, oan 'e oare kant leit de aek fan in fisker, dêr 't de taen- en tarrerook wei oerdriuwen komt. Stadich glydt in âlde flesse foarby en in stik koark, de kant út nei Nije-Silen, der sit in bytsje stream yn 't wetter. In skip komt foarby, de feint rint yn 'e line, dy tipt út en troch op 'e reiden. Oan 'e oare kant de wide lannen, greiden almeast, oan
| |
| |
'e Wâlden ta. En efter de Wâlden, fier Súd del, dêr bigjint de Wrâld. Sa tocht er as jonge, as er hjir siet to fiskjen. Ja, sokke jounen binne goed en myld en ryk. Mar altyd wer merkbyt er it, de lichte fleurigens fan 'e foarsimmer hat plak makke foar in soarte fan mankelikens, dat er sels net rjocht forklearje kin. Is it de tiid fan 't jier? Of is it, dat de forlofsdagen op in ein rinne? Aeltsje faeks noch mei? Mar dit lêste hat er lang fan him ôfset. De oare moanne, as er nei Hollân moat om syn saken definityf to regeljen, nimt er har mei. Hy moat him noch ditten en datten oanskaffe. Dêr lit er syn tinzen oer gean en sjocht, hoe't it wetter foarbyglydt en in fiskesnútsje út en troch boppe 't wetter útwipt en in fûgel oer it spegelflak skeart. Net altyd sit er hjir mei de jonges. Hwant mei de fakânsje is der ek in âlde kunde yn 'e buorren bilânne. Jarich, in mennich jierren âlder as Aent, yn 'e skoalletiid al in wûnder knappen baes. Hy hat it brocht ta learaer earne yn Gelderlân. By 't simmer hâldt er hjir altyd in wykmennich ta by in âlde omke en muoike. De man hat in tige ûngelokkich houlikslibben hawn. Syn wiif is nei jierren sukkeljen der ôf kaem to reitsjen en syn iennichste bern, dat ûngelokkich wie oan 'e rêch, hat har net lang oerlibbe. Dat it is in iensum man wurden, as er dizze fakânsje ris efkes delsetten komt op 'e pleats. Hy mei graech ris prate en Aent mei wol oer him. Jarich is ek in tige fisker en sadwaende panderje de beide mannen ek togearre wolris de lannen del om in skoft by 't wetter troch to bringen. O sa 'n ienselvich man is 't wur- | |
| |
den, hielendal net bitter, mar yn himsels keard. Ik wit, seit er, hwat ik fan 'e minsken to forwachtsjen haw. Minsken kinne inoar net folle jaen, mei de bêste wil fan 'e wrald net. Wis, hja kinne inoar bystean en ried jaen en treaste, mar 't is in earm minske, dy 't it fan oaren ha moat. Dat hat it libben my leard.
Aent knikt. In ideael moat der wêze, dat jin hâldt en draecht, faeks bidoelt er it sa. Mar Jarich skoddet de holle. Dat is mar foar in diel wier. Aent soe it faeks net forwachtsje, mar hy hat it ideael fan syn libben foun, it ideael fan elts libben. Oan godstsjinst hat er yn syn jonge jierren net folle dien. Mar yn 'e bittere skoalle fan it lijen, doe 't alle útsjoch forlern like, hat er it leard. Alles yn it libben hat syn doel, God hat der syn doel mei en syn tinzen binne heger as uzes, syn wegen wûnderliker as dy fan in minske. En as men yn 'e sinleazens, doelleazens en legens fan it libben stiet, en men wit de stikken net mear oaninoar to passen en it brekt jin by de hannen om en ôf, dan seit God, sjesa, nou krij Ik myn bar om eat to sizzen. Och, in ideael is moai, mar 't tilt net heger as de wolkens. Mar dit, it Godsbitrouwen, jowt it libben doel en stjûr en ynhâld en sin en tilt it heech boppe de wolkens oant yn 'e ivigens.
Sokke forhalen harket Aent stil nei. De wûndere rykdom fan in libben docht jin sa goed. En dit is it karakter fan 'e Augustus-dagen, dy 't ien foar ien foarby-driuwe.
| |
| |
't Ein fan 'e fakânsjetiid is, lyk sa safolle jierren lyn, Keninginnedei, Net dat it de âlderen folle oangiet, mar troch de bern libje hja dêryn mei. Yn 'e buorren is 't gjin feest, mar alles moat ornaris nei Dokkum ta. Der is om alles in libben en in fleur, dy't it hichtepunt fan 'e simmer lykje oan to tsjutten, de útsetter. 't Waer lit him de lêste dagen neat to goed oansjen; de moanne hat wûndere fêst west, mar nou falt der noch al ris in bui en de loften binne heale dagen biroun.
Under kofjetiid, moarns, as de post der is, sitte hja de feestprogramma's nei to sjen en omke beart tige mei. Mei it jongfolk ûndergiet er de bikoaring fan eat bliids, dat komt, ek al bitsjut it foar himsels neat. De âldelju hâlde har oeral bûten, hja sille sa folle mûglik frij wêze fan melken. Mar ien sil der altyd wol byspringe moatte. De eagen geane nei Omke Aent en dy knikt: hy melkt. Mar Keimpe set de fûst op 'e tafel. Hwat blinder! dat moast nou ek noch wêze! Perfoarst net, hja witte, omke Aent wol nei 't keatsen ta en al wie dat sa net, dan gie 't noch oer en dêrmei ut!
Nou, en dan is 't ut. Omke glimket en hy strykt de hân troch 't golvjende grize hier en stoppet in pipe. De bern witte 't al, hja geane de moarns mei Omke yn 'e auto nei 't bernefeest. En fierders stiet dan foar Omke it keatsen op 't program. Hy en Jarich, sels in âldkeatser.
It wiist mar min, de moarns as hja meltse. Reinich en in tichte loft. De âlderen stinne der net bot oer, hja hawwe oan fan 'e middei ta de tiid: dan kin 't best hwat
| |
| |
opljochtsje. De bern, Geeske en Roel, sjogge sunich. Mar Omke seit, de wein is ticht en as soene hja de paraplu ek meinimme moatte, hja geane hinne. Sa bart it en it falt ta. As hja nei de koralen stean to harkjen fan 'e koepel fan 't âld stedshûs, is 't al fierhinne droech en as hja om in ûre as tolve 't hiem wer opride, elts mei in protte snobbersguod, is 't sinneskyn waer. Mem hat iten foar harren waerm hâlden, Underwilens is 't jongfolk oan 't klaeijen. Daelk nei thédrinken kinne hja ôfstekke. Wytse melkt. Mar tsjin de tiid dat hja ôfsette, moatte hja ûnfatsoenlik laitsje. De beide âlde bazen stekke ôf, geandefoet Ja, wier, geandefoet. En de auto stiet yn 't weinhús. De iene mei de stôk, de oare, omke, mei de paraplu en de bleate holle. Geeske en Roel steane harren op it brechje efternei to wiuwen. Ja, Aent moat sels ek glimkje. Nou binne hja de iennichsten en de fytsers dy't harren hastich fan efteren ynride, laitsje en roppe hwat. Yn 't foarige moasten hja it as bern ek to foet ôflizze. Mar der is hwat goeds yn dizze kuijer togearre en hja smoke in goede segaer. Minsken dy't de wrâld en it libben kenne. Allinne it laitsjende lân en it forwachtsjende jongfolk bitsjut harren noch hwat, mar stadichoan glide hja mear oer nei it forline. Minsken dy't oer 't hichtepunt hinne binne.
Yn 'e stêd moete hja ek it eigen folk. Aeltsje stapt der mei in fanke fan dûmny, dat yn Gelderlân op in kostskoalle giet. In pear wurden en hja reizgje troch. Efkes jitris twivelet Aent, is der eat yn 'e eagen fan dat fanke? Hy hopet dat er him forsint, hy hat syn bislút
| |
| |
nommen. Fleur en muzyk en gekkens en mâltjirgjen. Ja, it docht jin dochs goed. En oandachtich folgje hja, elts op in stuoltsje, it keatsspul en forjitte tiid en plak. Op 'e joun ite hja yn 'e Posthoarn stadich in mieltsje en bislute om ek de ein mar mei to meitsjen. Om ris to sjen, hoe't Fryslâns jongfolk gearhokket en al boartsjendewei in nije generaesje mei opbout. Op in rêstich plakje oan 'e Grêftswâl harkje hja nei de muzyk op 'e Syl en wûndere ljocht en libben wurde de bylden fan 't bliid forline. Dan sette hja wer ôf, de mâlfarjende pearkes ride harren efterop.
Nou is de simmer dien.
|
|